Jan Velthuis

Ut Wikipedy

Jan Velthuis (1949) is in byldzjend keunstner út Grins. Syn eigen Keunstromte Watervast sit oan de Westersingel yn de stêd Grins. Mei syn frou, de akwarelliste Riny Bus, makket er diel út fan de ’Noardlike Akwarellisten’. Farrend mei syn boat Mars jout er workshops op lokaasjes as De Wieden en it Waad.

Syn oplieding krige Velthuis oan de Tekenakademy yn Tilburg en Akademy Minerva yn Grins. Ynspiraasje krijt er by it silen op de Waadsee en de Iselmar. Leafst makket er akwarellen dêr't er syn passy foar wetter it bêste yn útdrukke kin. Underwerpen binne faak it drûchfallen Waad, de ivich feroarjende loftpartijen en skippen yn de haven. It giet him net sasear om it krekt wer te jaan wat er sjocht. Yn grutte halen set er syn wurk op. Mei in pear streken en kontoeren wit er de skippen de hoarizon of kades wer te jaan. Dêrnei skilderet er wiet yn wiet syn yn elkoar oerrinnende kleurflakken. Omdat it úteinlike skilderij trochskinend en sykheljend wêze moat lit er mei opsetsin stikken fan it akwarelpapier ûnbeskildere.

Wurk fan him is yn kolleksjes fan partikulieren, samlers en bedriuwen yn Nederlân, Dútslân en Belgje en ferskate SBK-ynstellingen.
Publikaasjes hawwwe stien yn it Nieuwsblad van het noorden, Ljouwerter Krante, Volkskrant en Telegraaf.
Fierders wie der in telefyzjepresintaasje yn it programma Wat is er aan de hand. ('Skilderje op it waad')

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: