Jan Stewart fan Bonkyll

Ut Wikipedy
Jan Stewart fan Bonkyll
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum nei 1260
berteplak ? (Skotlân)
stjerdatum 22 july 1298
stjerplak Falkirk (Skotlân)
dynasty Hûs Stuart
etnisiteit Skotsk
laird fan Bonkyll
amtsperioade 12?? – 1298
foargonger Margareta fan Bonkyll
opfolger Aleksander Stewart fan Bonkyll

Jan Stewart fan Bonkyll (Ingelsk: John Stewart of Bonkyll; yn Skotlân, nei 1260Falkirk (Skotlân), 22 july 1298) wie in Midsiuwsk Skotsk ridder, dy't yn 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin 'e Ingelsen focht. Hy wie in meistanner fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider William Wallace, en sneuvele yn 'e Slach by Falkirk. Fia syn soan Alan Stewart fan Dreghorn hearde kening Jakobus I fan Ingelân ta de neikommelingen fan Jan Stewart fan Bonkyll, en dêrmei ek alle lettere Ingelske en Britske monargen oant hjoed de dei ta.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jan Stewart fan Bonkyll waard koart nei 1260 berne as in soan fan Aleksander Stewart, 4e grutsteedhâlder fan Skotlân, en dy syn frou, wa har namme oft net oerlevere is. Hy wie de jongere broer fan Jakobus Stewart, 5e grutsteedhâlder fan Skotlân, en waard troch syn houlik laird fan Bonkyll.

Under de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, dy't yn 1296 útbriek, wie Jan Stewart fan Bonkyll in meistanner fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider William Wallace. Op 22 july 1298 sneuvele er yn 'e Slach by Falkirk tsjin it leger fan kening Edwert I fan Ingelân, dy't útrûn op in grutte nederlaach foar de Skotten. Yn dy fjildslach joech Stewart fan Bonkyll lieding oan 'e Skotske bôgesjitters, dy't weifage waarden troch de Ingelske swiere ruterij. Hoewol't Wallace by dy gelegenheid sels oan dea en kriichsfinzenskip ûntkomme koe, rekke Skotlân dy deis ferskaten fan 'e meast foaroansteande oarlochslieders kwyt, wêrûnder Stewart fan Bonkyll en Jan fan Graham. Stewart fan Bonkyll leit begroeven yn 'e Alde Parochytsjerke fan Falkirk, yn 'e mande mei oare sneuvele frijheidsstriders.

Houlik en neiteam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jan Stewart fan Bonkyll troude mei Margareta fan Bonkyll, de erfdochter fan 'e ridder Aleksander fan Bonkyll. By har krige er 8 bern:

Nei de dea fan Jan Stewart fan Bonkyll wertroude syn widdo nei't it skynt, mei't hja yn 1304 neamd wurdt as de frou fan 'e ridder David fan Brechin.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side.