Jan Sijtsma
| Jan Sijtsma | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Jan Sijtsma | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 15 april 1935 | |
| berteplak | Rie | |
| stjerdatum | 3 novimber 2025 | |
| stjerplak | Ljouwert | |
| etnisiteit | ||
| sportive ynfo | ||
| sport | keatsen | |
| PC | 1957, 1960 | |
| debút | 1955 | |
| karriêre-ein | 1964 | |
| ekstra | 1× PC kening (1957) | |
Jan Sijtsma (Rie, 15 april 1935 - Ljouwert, 3 novimber 2025) wie in Frysk keatser.
Sijtsma helle 161 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1957 wûn er mei Albert Rinia fan Makkum en Sake Faber fan Berltsum foar de earste kear de PC. Jan Sijtsma waard ta kening útroppen. It doarp Rie stie op 'e kop. Der waard gau in feest organisearre. Al wie Jan Sijtsma sels al wat letter op it feest as pland wie. Jan betocht dat er nei de PC wol efkes op de fyts nei Bitgum koe dêr't syn skoanheit wenne. Hy woe him graach de keningsbal sjen litte. Nei dêr efkes sitten te hawwen, gie Jan wer op de fyts werom nei Rie dêr't it korps al ûngeduldich stie te wachtsjen.
Trije jier letter wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Johannes Zijlstra fan Kreil en Dirk van der Zee fan Ljouwert.
Njonken syn sportive suksessen op it fjild koe Jan ek triomfen op it iis. Yn de barre winter fan 1963 folbrocht er de swierste Alvestêdetocht fan alle tiden. Fan de 9294 dielnimmers berikten mar 69 de finish. Jan wie ien fan harren.
Nei syn karriêre as keatser wie er noch in tsiental jierren foarsitter fan de keatsferiening LKC Sonnenborgh yn Ljouwert.
Jan Sijtsma ferstoar op 3 novimber 2025 yn de âldens fan 90 jier.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|