Jan Ritskes Kloosterman

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jan Ritskes Kloosterman

Jan Ritskes Kloosterman (Twizel, 23 febrewaris 1847 - dêre, 17 febrewaris 1914) wie in boer (mar fielde dêr neat foar en liet it al gau oan in oar oer) en dichter.

Hy skreau Fryske natoerpoëzij mei in religieuze ynslach.

De Fryske skriuwer en dichter Simke Kloosterman wie iennich bern fan Jan Ritskes Kloosterman.

Op 26 juny 2010 wie de Jan Ritskes Poëzijnacht yn Twizel ta syn neitins.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Fryske wâldblomkes (1883)
  • Finneblomkes (1907)
  • Fryske stikken (1912)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Kloosterman, Jan Ritskes.