Jan Popkes van der Zee
| Jan Popkes van der Zee | ||
| Jan Popkes van der Zee yn 1952 | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Jan Popkes van der Zee | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 1 july 1905 | |
| berteplak | Himmelum | |
| stoarn | 7 augustus 1954 | |
| stjerplak | Swol | |
| etnisiteit | ||
| wurkpaad | ||
| jierren aktyf | 1925-1954 | |
Jan Popkes van der Zee (Himmelum, 1 july 1905 – Swolle, 7 augustus 1954) wie in Nederlânske litograaf, reklametekener en keunstskilder en lid fan de Federaasje fan beropskeunstners fan Frysk komôf. Yn syn aktive perioade wenne er yn Haren yn Grinslân.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van der Zee waard berne yn Himmelum as soan fan Popke Tjallings van der Zee dy't boer en molkrider wie foar it fabryk yn Nyegea (Ealahuzen). Doe't er fjouwer jier ferhuze wie nei de Enkhuizerlaan yn de Rysterbosk yn Riis. Van der Zee waard learling yn in stiendrukkerij yn Ljouwert en folge de jûnstekenskoalle. Hy soe wurkje by De IJsel yn Dimter as ûntwerper. Yn 1927 gie er oan de slach by stiendrukkerij N. Hindriks en Soan yn Grins, dy't yn 1931 gearfoege waard mei Hoitsema. Dêr naam er de lettere keunstner en striptekener Ben van Voorn as learling ûnder syn hoede.

Doe't er yn Haren wenne troude er mei Elsje ten Brink. Se krigen twa bern. Yn dy tiid hat hy lesjûn oan de Akademy Minerva yn Grins wie hy lid fan it yn 1945 oprjochte Keunstsintrum Prinsenhof en makke diel út fan it keunstnerskollektyf De Ploeg en in groep "Zes Harener schilders" dy't meimekoar wurk tentoanstelden: Ties Allersma, Frits ter Braake, Arend Bosscher, Willem Bastiaan Tholen en Dirk Verèl.
Om him te ûnderskieden fan namme- en tiidgenoat Jan van der Zee sinjearre er syn wurk mei klam mei syn patronym 'Popkes'.
Van der Zee is benammen bekend fan de protte pleatsen dy't er skildere yn Grinslân, Fryslân en Drinte, sawol yn akwarel as oaljeferve. Hy wie ek bekend fan it yllustrearjen fan boeken.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
