Springe nei ynhâld

Jan Minnema Buma

Ut Wikipedy

Jan Minnema Buma (Ljouwert, 8 maaie 1828 - De Haach, 8 febrewaris 1900) wie in Nederlânske jurist en bestjoerder fan Frysk komôf.

Buma promovearre yn 1853 oan de Universiteit fan Leien op in proefskrift oer it dykrjocht yn Fryslân. Dêrnei waard er advokaat, earst yn Ljouwert, dêrnei yn Grins. Dêrnei waard er adjunkt-griffier fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Yn 1862 waard er boargemaster fan Frjentsjer dat er in pear jier bliuwe soe. Hy folge dêr Mr. J. Albarda Cz. op. Hy wie dêr yn 1863 en 1864 ek lid fan de gemeenteried.
Dêrnei wie er griffier fan it kantongerjocht yn Harns, dêrnei fan dat fan Ljouwert om syn karriêre te beëinigjen as griffier fan it gerjochtshôf yn dat lêste plak. Fan 1879 oant 1892 wie er ek gemeenteriedslid fan Ljouwert. Hy hie dêrneist noch ûnderskate njonkenfunksjes, dêrûnder fan 1868 oant 1893 folmacht fan it Wetterskip Vijf Deelen Binnendijks (dêr't ek syn proefskrift foar in part oer gien wie).

Buma wie in telch út it geslacht Buma en in soan fan mr. Wiardus Willem Buma (1802-1873), ûnder oare lid Provinsjale en Deputearre Steaten fan Fryslân, en Maria de With (1803-1878), telch út it laach De With. Hy troude in earste kear yn 1855 mei Sibendina Maria van Arnhem (1832-1859) en dêrnei yn 1865 mei Catharina Louisa Pols (1833-1913) beide houliken bleaune sûnder bern.

  • Bijdrage tot de geschiedenis van het Dijkregt in Friesland, inzonderheid met betrekking tot de contributie der Vijf Deelen. Leiden, 1853.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederland's Patriciaat 97 (2020/2022), s. 20.