Jan Melles van Dijk

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Jan Melles van Dijk (Tsjom, 16 april 1830 - Doetinchem, 15 jannewaris 1909) wie in predikant.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jan Melles wie de tredde soan fan Melle Hanzes van Dijk (1801) en Jetske Dirks Anderinga (1803). Melle Hanzes buorke op sate "Welgelegen" yn Tsjom en siet ek yn de gemeenterie fan Frjentsjerteradiel. Hy wie ien fan de foaroanmannen fan it Fryske Réveil.

Jan Melles waard yn 't earstoan keapman, mar neidat er boaske wie oan Cornelia Dirks begûn er in mattewinkel en komelkerij yn Frjentsjer op it ‘Noard’. Hy waard yn 1856 lid fan de ôfskieden gemeente, net sa sear út prinsipe, mar mear út ferlet oan geastlike ferriking. De ôfskieden predikant K.J. Pieters út Frjentsjer joech him teologysk ûnderrjocht en Jan Melles helle it eksamen foar predikant fan de Ofskieden grifformearde tsjerke neffens art. 8 fan de Doartske tsjerkoarder.

Fan 1862 oant 1869 wie er predikant fan de Ofskieden gemeente fan Doetichem. Hy waard gjin steech grifformeard dûmny dêrfoar bleau er tefolle Nederlânsk Herfoarme. Fierders wie er fral dwaande mei it ûnderwiis en it opbringen fan jongerein. De tsjerklike gearkomsten hiene in soad krityk en kamen him op it sear; it late ta syn ôfsetting as predikant op de Synoade yn Middelburch (2 juny 1869), en Van Dijk ferliet de Ofskieden gemeente.

Hy stichte doe in Nederlânsk Herfoarme sindingsgemeente en naam it inisjatyf ta de oprjochting fan de Doetinchemske gestichten (in kweekskoalle, gymnasium ensafh.). Yn 1867 hie er al de Vereeniging tot bevordering van inwendige Zending oprjochte mei it doel predikanten op te lieden. Teffens stie Van Dijk oan de widze fan tal kristlike skoallen en opliedingen.

Van Dijk wie in grut foarstanner fan de Evangelyske Alliânsje, dy't 18 augustus 1867 yn Amsterdam hâlden waard.

Wichtichst wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Twee toespraken over Jac. 1:25 en Jer. 3:21-23 (Amsterdam 1865);
  • Toespraak over Zondag XXXVIII (Amst. 1866);
  • Alliëren door Alliantie: onze kerkelijke toestanden en wat daaraan te doen, in deze ernstige tijden : voorgesteld aan mijne geloovige landgenooten : opgedragen aan de Evangelische alliantie, te Amsterdam (Amst. 1867);
  • Eenvoudige correspondentie ... betreffende de opleiding etc. (Doetinchem 1874);
  • De N. Herv. Zendingsgemeente te D. en hare verhouding tot de N.H. Kerk (Doet. 1874);
  • Waarom ik tot de N.H. Kerk overging (Doet. 1874);
  • Album der Chr. Philantr. Inrichrichtingen te D. en Utrecht (Doet. 1881);
  • Na 25 jaren (Doet. 1887);
  • Het 25- Jarig bestaan der Vereenig. v. Inw. Zending herdacht (Doet. 1892);
  • Heengegaan in vrede (Doet. 1892);
  • Ons ervaren en onze bezwaren na 40 jaren (Arnhim 1902);
  • Open Brief aan belangstellende protestanten in Nederland (Doet. 1906).

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Dijk, Jan Melles van.