Jan Lourens Thalen

Ut Wikipedy
J.L. Thalen (1952)

Jan Lourens Thalen (Beilen, 25 febrewaris 1909 - Drachten, 24 desimber 1960) wie in Nederlânsk bestjoerder en auteur.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Thalen wie in soan fan Hilbert Thalen, gemeentesekretaris fan Beilen. Hy helle yn 1926 syn HBS-diploma yn Assen en kaam in jier letter yn tsjinst as foluntêr op de sekretary fan de gemeente Beilen. Dêrnei wie er amtner yn Dwingeloo, Zeist en Beilen. Hy waard lang om let sjef fan de ôfdieling finânsjen.[1]

Yn de Twadde Wrâldoarloch wurke Thalen as korrespondint foar ferskate kranten. Yn 1944 dûkte er tegearre mei syn heit ûnder. Hy waard oppakt troch de SD en siet it oerbliuwend part fan de oarloch yn ferskate Dútske konsintraasjekampen. Nei de oarloch gie er werom nei Beilen dêr't er febrewaris 1946 syn heit opfolge as gemeentesekretaris.

In july 1946 waard Thalen beneamd ta boargemaster fan Utingeradiel. Tsien jier letter folge syn beneaming yn Smellingerlân. Fierders hie Thalen ferskate bestjoerlike njonkenfunksjes.

Thalen stoar yn de âldens fan 51 jier oan in hertoanfal. Hy waard beïerdige op it Suderbegraafplak yn Drachten. Yn Drachten waard it Thalenpark nei him ferneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nijkeuter, H., Geschiedenis van de Drentse literatuur, 1816-1956.