Jan Lewicki

Ut Wikipedy
Jan Nepomucen Lewicki, 1871
Fan Aleksander Regulski

Jan Nepomucen Lewicki (Warsjau, 1795Parys, 31 maaie 1871) wie in Poalske skilder; hy die mei oan de Poalske Novimberopstân fan 1830-1831.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken 1822 en 1824 studearre er oan de Skoalle foar Skiene Keunsten yn Krakau by Józef Brodowski, en dêrnei makke er him de litografy eigen oan it Departemint foar Skiene Keunsten fan de Universiteit fan Warsjau. Hy die mei oan de Novimberopstân en makke topografyske kaarten foar de opstannige ienheden.

Nei't dy opstân mislearre wie emigrearre er yn 1843 nei Frankryk en sette him nei wenjen yn Parys. Dêrnei late er tusken 1853 en 1859 in skoalle foar fotografy en kartografy yn Lissabon.

Yn 1860 wie er werom yn Warsjau en waard dêr keunstredakteur fan it yllustrearre wykblêd Tygodnik Ilustrowany en mei-eigener fan in fotostudio.

Om 1865 kaam er werom nei Parys en wurke er oan utilitêre grafyk (stedsgesichten en portretten fan markante histoaryske en eigentiidske persoanen, sjenretafrelen, Poalske histoaryske klaaing, satiryske tekeningen). Hy skildere it bloedbad fan Galysje, yllustrearre de memoires fan Jan Chryzostom Pasek en De kostuums van het Poolse volk fan Leon Zienkowicz (om 1636–1701).

Hy wenne mei syn frou Catarine Janiriska yn Parys oan de Rue Crillon. Hy waard deasketten by in hússiking ûnder de Paryske Kommune (1871), allinne mar omdat er in Poalske namme hie.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: