Springe nei ynhâld

Jan II fan Wassenaar

Ut Wikipedy
Jan II fan Wassenaer, nei Jan Mostaert (1520-1522)
Jan van Wassenaar útstald yn in izeren kouwe (1512), tekening fan Barend Wijnveld.

Jan II fan Wassenaar (1483 - Ljouwert, 4 desimber 1523) wie de soan en lienfolger fan Jan I fan Wassenaar († 1496). Hy leit begroeven yn it dominikaner kleaster yn De Haach.

Hy die yn 1507 mei oan de ambassade, dy't de Frânske kening nei Feneesje stjoerde, waard 1509 by it belis fan Pavia gefaarlik yn it antlit ferwûne, stried yn 1510 mei de Denen tsjin Lubeck. Fersloech 1511 de Geldersken by Jutfaas, mar waard yn de Krystdagen fan 1512 troch harren finzen nomd en yn Hattem yn in koai opsluten. Pas ein 1514 waard hy wer loslitten en troch den keizer yn 1516 ta ridder fan it Gouden Flues makke en beneamd ta steedhâlder en oerste-kapitein oer Fryslân, tsjin hokker gewest de kriichsferjochtingen daliks begûnen, ûnder oare troch de belegering fan Dokkum. Yn 1523 begûn de oarloch opnij: mei Joris Schenk fan Tautenburg nom hy it slot Warkum yn, dêrnei waard Sleat belegere, mar hjir krige hear Jan in musketkûgel yn de earm, dêr't er oan ferstoar.

Syn troch Jan Mostaert skildere portret hinget yn it Louvre-museum yn Parys; in wizige werhelling hinget yn de Lakenhal fan Leien (earder yn it Museum Arnhim). Ek binne der op Duvenvoorde en Twickel. In tekene portret, ek fan syn frou, yn it ‘Receuil d'Arras’.

Hy boaske yn 1511 mei Josina, dochter fan Jan, earste greve fan Egmond. Hy liet twa dochters Maria en Margaretha en in bastertsoan Andries nei.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: