Jan Hoekstra (boargemaster)

Jan Hoekstra (Boerum, 24 juny 1910 - Nijkerk, 17 juny 1982 wie in Nederlânske politikus en boargemaster fan Frysk komôf.
Hy wie in soan fan dûmny Jan Hoekstra (1874–1963) en Durkje Boersma (1880–1952). Syn âldere broer, Sijbe Hoekstra, waard dûmny, mar waard oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch troch de SD eksekutearre by Allardseach. Hy gie nei de HBS yn Ljouwert en waard yn 1928 folontêr op 'e gemeentesekretary fan West-Dongeradiel.
Yn 1931 kaam er yn tsjinst by de gemeente Barradiel as amtner tredde klasse, en brocht it dêr úteinlik ta kommys-redakteur. Dêrneist wie er fan 1946 oant 1950 lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Yn april 1950 waard Hoekstra beneamd ta boargemaster fan Nieuwleusen, folge troch syn beneaming as boargemaster fan Nijkerk yn maart 1957. Hy gie mei pinsjoen yn july 1975 en ferstoar healwei 1982 yn 'e âldens fan 71 jier. Sawol Nieuwleusen as Nijkerk hawwe in 'Burgemeester Hoekstrastrjitte' nei him neamd.