Jan Campert
| Jan Campert | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 15 augustus 1902 | |
| berteplak | Spijkenisse | |
| stoarn | 12 jannewaris 1943 | |
| stjerplak | Neuengamme | |
| wurk | ||
| taal | Nederlânsk | |
| bekendste wurk(en) | Het lied der achttien dooden | |
| offisjele webside | ||
| Campert yn de DBNL | ||

Jan Remco Theodoor Campert (Spijkenisse, 15 augustus 1902 – Neuengamme (Dútslân), 12 jannewaris 1943) wie in Nederlânske sjoernalist, dichter, skriuwer en fersetsman. Hy is benammen bekend fan it gedicht Lied der achttien dooden, dat er skreau nei oanlieding fan de eksekúsje fan fyftjin fersetslju fan de Geuzegroep en trije kommunistyske febrewarisstakers op 13 maart 1941.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jan Campert waard berne yn Spijkenisse as soan fan in húsdokter. Fan memmekant wied er besibbe oan de bestjoerdersfamylje Van Hall; syn pake wie de botanikus Herman van Hall. Hy folge fan 1915 oant en mei 1918 de trijejierrige oplieding oan de HBS yn Flissingen en studearre dêrnei in jier oan de Hannelsskoalle. Yn 1919 gie er oan't wurk by de Twentsche Bank. Yn 1926 stapte er oer nei de sjoernalistyk. Hy skreau ynearsten foar inkelde regionale kranten yn De Haach.
Yn 1928 troude er mei de aktrise Joekie Broedelet, mei wa't er yn 1929 in soan krige, de lettere dichter en skriuwer Remco Campert (1929-2022). Yn 1932 folge in skieding en yn 1936 troude er mei de skriuwster Clara Eggink, eks-frou fan de dichter J.C. Bloem, yn 1939 giene se by inoar wei. Ut dat houlik binne gjin bern fuortkommen. Campert libbe ek in skoft tegearre mei de skriuwster Willy Corsari.
Dichter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1922 ferskynde Camperts debútbondel Refereinen, dy ’t er tegearre mei Henrik Scholte skreau. It meast bekend waard Jan Campert mei twa fersetsgedichten dy't er yn'e Twadde Wrâldoarloch skreau: it hjirboppe neamde Lied der achttjin dooden en Rebel, mijn hart, gekerd en geknecht. Sonnetten voor Cynara, om begryplike reden sûnder 'Rebel', eins in byhearrend sonnet, wie de lêste troch Campert publisearre dichtbondel. Dy ferskynde yn april of maaie 1942. Yn 1947 ferskynden Camperts Verzamelde gedichten 1922-1943, besoarge troch G.H. 's-Gravesande. Under de titel Wie weet slaag ik in de dood publisearre Jan Camperts soan Remco Campert yn de Ooievaar Pockets in kar út de poëzy fan syn heit, mei in ynlieding fan Clara Eggink.
Skriuwer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Campert skreau twa detektives yn 'e mande mei Ben van Eysselsteijn Het Chinees mysterie (1932) en mei Willy Corsari Klokslag twaalf (1933). De titel fan syn earste roman Die in het donker... 1934 ûntliend is oan de Dreigroschenoper fan Bertolt Brecht. Syn roman Wier (1935) dy't yn Seelân spilet is yn 1961 bewurke troch syn soan Remco. Foar it boekewikepresint fan 1940 Drie novellen skreau er de novelle Deez' kleine hand. De roman Huis en herberg 1941 ferberget yn de ôfslutende fersen in ferwizing nei Hendrik Marsman: Te erkennen te hebben gefaald, niet eens meeslepend en groot, is alle winst die ik heb behaald Wie weet slaag ik in de dood, in tema dat Campert mei him mei droech. Syn yn 1941 ferskynde ferhaal Slordig beheer hat in oanfoljend libbenstema foar Campert west. It ferhaal sketst ûnder oare syn selskennis.
Ferset en dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al yn 1933 stelde Campert yn syn Ballade der verbrande boeken it nasjonaalsosjalisme yn Dútslân oan'e kaak. Yn Slordig beheer (1941) ûnderstreke er de belutsenens fan de dichter by de maatskippij. Syn maatskiplike en politike belutsenens die ek bliken út de foardracht oer Dichterschap en verantwoordelijkheid dy't er hold op 15 maart 1942 foar it Haachske genoatskip 'Oefening kweekt kennis' en dy't in dei letter yn it deiblêd Het Vaderland publisearre waard. Mei syn gedicht De Achttien Dooden is er wurden wat er as fersetsstrider woe: Stim te wêzen, en oars net. Campert skreau yn oanrin nei de oarloch, yn de krisistiid, stikken foar de Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging (NSB), hoewol't er net sympatisearre mei har opfettingen.
Campert hat sa'n tweintich joaden holpen om nei België te ûntkommen. Op 21 july 1942 waard er mei in helper, de Bredaaske sjoernalist Martien Nijkamp, flak oer de grins by Baarle-Nassau arrestearre doe't er de joad Frans van Raalte fan 21 jier de grins oer besocht te smokkeljen. Van Raalte die himsels noch deselde dei tekoart yn finzenskip.
Campert siet in skoftke finzen yn Breda, yn kamp Haaren en yn kamp Amersfoort. Uteinlik kaam er fia konsintraasjekamp Buchenwald yn novimber 1942 yn it Dútske konsintraasjekamp Neuengamme telâne. Yn desimber fan dat jier waard er oant twa kear ta mei longklachten yn it sikehûs dêr opnaam. Op 6 jannewaris yn de strange winter fan 1943 fersocht er yn in skriuwen oan syn mem om waarme klean en stevige skuon. Hy fertelde dat er pine yn it boarst fielde en kâld wie. Neffens de offisjele ferklearring yn syn medyske dossier is er op 12 jannewaris fan dat jier yn de âldens fan fjirtich jier oan boarstfleansûntstekking (pleuritis) ferstoarn.
Neitins
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Campert waard nei de oarloch as in fersetsheld beskôge. Yn 1947 waard de Jan Campertpriis yn it libben roppen as 'bliuwende betinking oan de striid fan de Nederlânske letterkundigen yn de jierren 1940-1945'. Yn 2003 waarden twa monuminten oprjochte ta neitins oan syn fersetshâlding en dy fan syn maten. Ien fan de twa stiet yn Spijkenisse oan de Jan Campertkade en de oar yn it eardere kamp Westerbork. Dêr leit in balstien wêryn't troch Stef Stokhof de Jong de earste strofe fan it gedicht De achttien dooden úthakke is.
Wurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1922 Refereinen. Ferzen, tegearre mei Henrik Scholte
- 1925 Verzen.
- 1927 De bron. Ferzen.
- 1928 Het verliefde lied en andere verzen.
- 1929 Willem Kloos 1859-6 mei-1929. Willem Kloos en wij. Een teruggang? Ferhaal, mei Alfred Haighton en Khouw Bian Tie.
- 1932 Het Chineesche mysterie. Detektive-roman, mei Ben van Eysselsteijn.
- 1933 Klokslag twaalf. Detektive-roman, mei Willy Corsari.
- 1934 Die in het donker.... Roman.
- 1934 Tien jaar vaste bespeler van den Koninklijken Schouwburg, Den Haag.
- 1935 Wier. Roman. Om 1955 hinne en yn 1974 fannijs útjûn ûnder de titel Kerend getij.
- 1936 Verwilderd landschap. Ferzen.
- 1940 Drie novellen, Boekenweekgeschenk: 'Deez' kleine hand' (de oare novellen binne fan Egbert Eewijck en M. Vasalis).
- 1940 Vijf jaren zomerzegels 1935-1939.
- 1941 Huis en herberg. Ferzen.
- 1941 Slordig beheer. Roman.
- 1942 Sonnetten voor Cynara. Ferzen.
- 1943 De achttien Dooden. Utert, De Bezige Bij.
- 1944 Vier jaar ... Verzen. Mei oaren. Postúm.
- 1947 Verzamelde gedichten, 1922-1943. Ferzen. Postúm.
- 1948 – 2004 In soad wurk postúm útjûn.
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webside fan de Jan Campert Stichting
- Webside fan it Instituut voor Nederlandse Geschiedenis
- Jan Campert Stichting
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jan Campert fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
