Jan Bieuwes van der Meulen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Jan Bieuwes van der Meulen (Drachten, 26 desimber 1908 - Ljouwert, 7 oktober 1951) wie in lânboukundich yngenieur.

Yn syn stúdzjetiid yn wie Jan Bieuwes in liedende figuer yn de Studintefederaasje en oprjochter fan it Wageningsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje (WSSFS). Van der Meulen waard lid fan it FFF en letter fan de Fryske Folkspartij, mar kearde him yn de oarloch tsjin de Dútske besetter.[1]

Hy kaam yn 1945 werom nei Fryslân as sekretaris fan de Lânbousifting, letter fan de Fryske Mij. Hy stried foar de belangen fan de Fryske boeren. Skreaun oerlânboutechnyske en organisatoryske ûnderwerpen yn it Frysk. Hy wie lieder fan de Lânboubibleteek en fan it Lânboukundich Wurkforbân fan de Fryske Akademy en lid fan it deistich bestjoer.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
noat
  1. G.R. Zondergeld, De Friese beweging in het tijdvak der beide wereldoologen, 1978. S. 210