James Tissot
| James Tissot | ||
| Selsportret, 1865. | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Jacques-Joseph Tissot | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 15 oktober 1836 | |
| stoarn | 8 augustus 1902 (65 jier) | |
| wurkpaad | ||
| wurksum as | keunstskilder, grafikus en karakiturist. | |
James Tissot, berne as Jacques Joseph Tissot, (Nantes, 15 oktober 1836 - Doubs, Boergonje-Franche-Comté , 8 augustus 1902) wie in Frânske keunstskilder, grafikus en karakituerist.

Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jacques Tissot waard berne yn 'e stêd Nantes yn Frankryk en brocht dêr syn iere bernetiid troch. Syn heit, Marcel Théodore Tissot, wie in suksesfolle draperyhanneler. Syn mem, Marie Durand, holp har man yn it famyljebedriuw en ûntwurp hoeden. As tawijde katolik brocht Tissot syn mem al fan jongs ôf fromme tawijing yn 'e takomstige keunstner. Tissot syn jonkheid yn Nantes droech wierskynlik by oan syn faak ôfbyldzjen fan skippen en boaten yn syn lettere wurken. De belutsenens fan syn âlden by de moade-yndustry wurdt fan tocht ynfloed hân te hawwen op syn skildersstyl, om't er frouljusklean yn fyn detail ôfbylde. Tsjin 'e tiid dat Tissot 17 wie, wist er dat er skilderjen as karriêre folgje woe. Syn heit wie dêr tsjin, en woe leaver hawwe dat syn soan in saaklik berop krige, mar de jonge Tissot krige de stipe fan syn mem foar it berop dat er keazen hie.
Om 1856 hinne begûn Tissot in stúdzje oan de École des Beaux-Arts yn Parys, ûnder Jean Auguste Dominique Ingres, Hippolyte Flandrin en Lamothe. Hy rekke befreone mei Edgar Degas, dy't him letter portrettearre, en James Abbott McNeill Whistler. Yn 1859 eksposearre er foar it earst yn de Salon de Paris. Guon wurken ferriede de ynfloed fan de Belgyske skilder Henri Leys, dy't er dat jier moete hie yn Antwerpen.
Mids jierren sechtich begûn er froulju te skilderjen. Lykas syn tiidgenoaten Alfred Stevens en Claude Monet gied er ek wurken meitsjen mei Japanske motiven, lykas objekten en klean.
Londen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tissot focht yn de Frânsk-Dútske Oarloch (1870-1871) en ferdigene yn 1871 de Kommune fan Parys. Yn maaie fan dat jier sette er ôf nei Londen, dêr't hy earder yn de Royal Academy eksposearre hie. Hy gie dêr oan't wurk en krige in reputaasje as skilder fan elegant klaaide froulju. Hy feroare yn dy tiid syn foarnamme Jacques yn James.
Yn de santiger jierren skildere er gâns sjenrestikken en portretten fan minsken út de 'boppeklasse'. Under ynfloed fan James McNeill Whistler en Alphonse Legros makke er ek etsen. Ek tekene er karikatueren foar it Britske tydskrift Vanity Fair ûnder de skûlnamme Coïdé. Yn 1874 frege Degas him mei te dwaan oan de earste útstalling fan de skilders dy't no de ympresjonisten neamd wurde. Tissot wegere, mar bleau nauwe bannen mei harren hâlden. Yn itselde jier waard er besocht troch skilderesse Berthe Morisot en yn deselde tiid gie er mei Édouard Manet nei Feneesje. Yn 1875-1876 moete er de Ierske Kathleen Newton, in skieden frou mei bern dy't syn gesel, leafste en model waard. Se wenne by him oant se yn 1882 harsels tekoart die. In pear dagen nei har dea gie Tissot werom nei Parys. Letter ferkocht er syn Londenske hûs oan syn freon Lawrence Alma-Tadema.
Yn Parys hied er in soad sukses. Yn 1885 hie er in wichtige eksposysje yn galery Sedelmeyer. Fyftjin grutte skilderijen fan ferskillende typen froulju út ûnderskate klassen waarden toand yn harren profesjonele of sosjale kontekst. De wurken suggerearren de ynfloed fan Japanske houtfiken.
Bibel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mids jierren tachtich fan de 19e iuw waard Tissot in spiritueel man, mei ûnder ynfloed fan it medium William Eglinton. Fan 1886 ôf makke er Bibelyllustraasjes. Hy reizge hjirfoar ferskate kearen nei it Midden-Easten om stúdzjes te meitsjen fan it lânskip en de minsken. Syn searje fan 365 gouaches dy't it libben fan Jezus toane, hiene in soad sukses, net allinnich yn Parys, mar ek yn Londen en New York. Se waarden úteinlik kocht troch it Brooklyn Museum. De lêste jierren fan syn libben wurke er oan skilderijen dy't ûnderwerpen út it Alde Testamint behannele. Dy searje hat er nea ôfmakke, mar yn 1901 stelde er der 80 tentoan yn Parys en yn 1904 waarden der grafyske reproduksjes fan útjûn.
Tissot ferstoar yn Doubs, dêr't er wenne yn it hûs dat er urven hie fan syn heit. Hy waard 65 jier.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Portret fan Mademoiselle L.L. (1864), Musée d'Orsay, Parys
- De Rûnte fan de Rue Royale (1866), Musée d'Orsay, Parijs
- Prins Edmond de Polignac (detail)
- In feestdei yn Brighton, 1874-1877
- The Gallery of HMS Calcutta (1876), Tate Britain, Londen
- Holyday, 1876
- Ynskipje yn Calais, 1885, Koninklijk Museum voor Schone Kunsten Antwerpen, Antwerpen
- La Demoiselle de magasin, 1883-85, Art Gallery of Ontario, Toronto
- It libben fan Kristus
- Sint Jozef siket in ûnderdak yn Bethlehem
- Jezus skriemde
- Us Heare Jesus Kristus
- De tút fan Judas
- Wat ús Heare fan it krús ôf seach
- It is folbrocht (Consummatum Est)
- Miel fan Us Heare en de Apostels
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory James Tissot fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|
