Springe nei ynhâld

James Tiptree, Jr. Award

Ut Wikipedy
James Tiptree, Jr. Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar seksuële oriïntaasje yn science
   fiction
-literatuer
útrikt troch Tiptree Motherboard
frekwinsje 1x jiers
ynsteld 1991
offisjele webside
www.tiptree.org

De James Tiptree, Jr. Award is in Amerikaanske literatuerpriis dy't elts jier útrikt wurdt oan 'e skriuwer fan it bêste Ingelsktalige wurk yn it sjenre fan 'e science fiction, dat yngiet op konsepten as seksuële identiteit en geslachtsidentiteit. Dizze priis waard yn 1991 oprjochte troch de science fiction-skriuwsters Pat Murphy en Karen Joy Fowler, dy't him ferneamden nei James Tiptree jr., it pseudonym fan science fiction-skriuwster Alice B. Sheldon.

Troch in manlik pseudonym te kiezen en ûnder dy namme literatuerprizen te winnen, toande Sheldon oan dat it frij algemien oannommen ûnderskie tusken manlike en froulike science fiction-auteurs nearne op basearre wie. Om it lêzerspublyk tebinnen te bringen hokker ûnbewuste subjektive ynfloed oft geslacht hawwe kin, liek it de inisjatyfnimsters fan 'e James Tiptree, Jr. Award in goed ding ta om 'e priis nei Sheldon te ferneamen.

De priis wurdt tsjintwurdich tawiisd en útrikt troch de Tiptree Motherboard, dy't ek ferskate bondels koarte fiksje en essay's fan winners en nominearden útjûn hat. In spesjale foarm fan 'e priis is de James Tiptree, Jr. Retrospective Award, dy't ferskate kearen takend is foar wurken dy't publisearre binne foarôfgeande oan 'e ynstelling fan 'e reguliere priis. De Retrospective Award is ien kear wûn troch Ursula K. Le Guin en twa kear elk troch Suzy McKee en Joanna Russ. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.