James Forbes (keunstner)
James Forbes (Londen, 19 maaie 1749 – Aken, 1 augustus 1819) wie in Britsk keunstner en skriuwer.
Forbes waard yn Londen berne yn in Skotske protestanske famylje (dy't ôfstamme fan de greven fan Granard, dy't him yn Ierlân festige ûnder Karel II fan Ingelân).
Yn 1765 reizge er nei Yndia as skriuwer foar de Britske Eastyndyske Kompanjy. Hy wenne dêr oant 1784. Hy wie in tige produktyf skriuwer en keunstner en folde 52.000 manuskriptsiden mei oantekeningen en sketsen oer alle aspekten fan it libben yn Yndia, de bistewrâld, de floara en de arsjitektuer. Yn 1781 besocht er de Taj Mahal en wie er ien fan de earste Europeanen dy't dat gebou tekene.
Hy gie werom nei Ingelân boaske dêr yn 1788 mei Rose Gaylard de Stanmore en makke in grutte omreis troch Europa. Dêrnei skreau er synOriental Memoirs, foar it meastepart basearre op syn oantekenings en sketsen, mei as ûndertitel selected and abridged from a series of familiar letters written during seventeen years residence in India: including observations on parts of Africa and South America, and a narrative of occurrences in four India voyages. It boek waard yn parten publisearre fan 1813 ôf oan en bleau in algemien wurdearre dokumint oer de kultuer, floara en fauna fan Yndia yn dy tiid.
Forbes publisearre yn 1810 ek in wurk dêr't yn pleite waard foar de bekearing fan hindoes ta it kristendom.
De stêd Forbesganj yn it distrikt Araria yn de steat Bihar is nei him ferneamd.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Iikhoarn op in Tamarinde
-
It hillige Hindoehôf by Chandod op de iggen fan de Nerbudda
-
Shah Baug, in simmerpaleis boud troch keizer Shah Jehan oan de
igge fan de Sabermatty. -
Jacht op antiloop mei cheetah
-
An Indian Hackaree Drawn by
Guzerat Oxen -
Speardrager yn tsjinst fan de Ragobah
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Letter From France, written in the years 1803 & 1804 including a particular account of Verdun, and the situation of the British captives in that city.
- Oriental memoirs: a narrative of seventeen years residence in India.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en referinsjes sjoch: |