Jamanota

Ut Wikipedy
Kaart fan Arûba

Mount Jamanota of Ceru Jamanota (188 m) is it heechste punt op it eilân Arûba en op alle plakken fan it eilân te sjen. Wylde geiten en ezels rinne frij op de berch. Fan de berchtop ôf, dy't in útstjoerantenne hat, is it hiele eilân te oersjen, bygelyks Frenchman's Pass oan de súdkust, dêr't de lânseigen yndianen harren eilân tsjin de Frânsen ferdigenen. It gebiet is fierders bekend om syn wylde parkiten.

Ekonomyske betsjutting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan de 1840er oant 1910er jierren wie de Jamanota ien fan de twa plakken op Arûba dêr't goud wûn waard, út minen. Om 1885 hinne waard de myn ferlitten, mar begjin 20e iuw waard fannijs begûn mei de goudwinning. It gouderts waard nei de smelterij yn Balashi brocht, dy't fan 1899 oant sa'n 1916 yn it wurk wie. Yn 1908 wie sa'n 700 kg goud yn de kontrei fûn.