Jakobynkolibrys
| Jakobynkolibrys | ||
| Florisuga mellivora | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| skift: | toersweleftigen (Apodiformes) | |
| famylje: | kolibrys (Trochilidae) | |
| skaai | jakobynkolibrys (Florisuga) | |
| Bonaparte | ||
De jakobynkolibrys (Florisuga) foarmje in lyts fûgelskaai út 'e famylje fan 'e kolibrys (Trochilidae). It skaai bestiet út twa soarten dy't foarkomme yn Midden-Amearika en Súd-Amearika. De namme "jakobyn" ferwiist nei it kontrastearjende swart-wite fearrekleed fan 'e fûgels yn it skaai, dat tinken docht oan it habyt fan 'e Dominikaanske oarder, dy't yn Frankryk ek wol Jacobins neamd waarden.
Jakobynkolibrys binne relatyf grutte kolibrys mei in lingte fan sa’n 11 oant 13 sintimeter. Se hawwe in stevige snaffel en in sterk kontrastearjend fearrekleed mei donkere en wite parten. Lykas oare kolibrys libje se foar in grut part fan nektar út blommen, mar se fange ek lytse ynsekten dy't in wichtige boarne fan aaiwiten foarmje.
De fûgels komme foar yn ferskate leefgebieten, lykas tropysk bosk, boskrânen en tunen mei in soad bloeiende planten. Se kinne, lykas oare kolibrys, stil yn 'e loft hingje troch in tige rappe wjukslach.
De swarte kolibry waard earder yn it aparte skaai Melanotrochilus pleatst, mar op grûn fan morfologysk en molekulêr ûndersyk wurdt dy soarte hjoed-de-dei meast by it skaai Florisuga yndield.
| Soarten fan it skaai jakobynkolibrys (Florisuga) | ||||
|---|---|---|---|---|
| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Fersprieding | Status/Trend |
| wytnekkekolibry | Florisuga mellivora | Fan súdlik Meksiko troch Midden-Amearika oant noardlik Súd-Amearika | net bedrige | |
| swarte kolibry | Florisuga fusca | Eastlik en súdlik Súd-Amearika (Brazylje, Paraguay, Argentynje en Oerûguay) | net bedrige | |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
