Jakobikirche (Lübeck)

Ut Wikipedy
De Japikstsjerke fan Lübeck

De Jakobikirche (Frysk: Japiksjerke) oan it Jakobikirchhof is ien fan de fiif protestânske parochytsjerken fan de histoaryske binnenstêd fan de Dútske hânzestêd Lübeck.

De tsjerke waard yn it jier 1334 as tsjerke foar seefarders en fiskers wijd. De patroanhillige is de hillige Jakobus, ien fan de tolve apostelen en de broer fan de evangelist Jehannes. De tsjerke makket mei it Heiligen-Geist-Hospital en de oanbuorjende Gertrudenherberge diel út fan it Noord-Europeeske Japikspaad nei Santiago de Compostella.

Yn 2007 wie it fyftich jier lyn dat de fjouwermaster Pamir fergong. Yn it ramt hjirfan waard de kapel yn de noardlike toer fan ôf dat momint ynrjochte as betinkingsplak ta neitins fan sivile slachtoffers dy't nei harren seereis net werom kamen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel
Kânsel en heechalter

Mei de bou fan de trijskippige bakstiennen halletsjerke waard om 1300 hinne úteinset. De nijbou ferfong nei de grutte stedsbrân fan 1276 de romaanske halletsjerke op itselde plak, dy't al yn 1227 neamd waard. Mûlk binne rûnbôgenfriezen oan de tsjerketoer en de muorren fan de sydskepen noch ôfkomstich fan dizze romaanske bou. De tsjerke krige ien toer, mar oan de bou fan de noardlike en súdlike sydkapel is ôf te lêzen dat der rekken holden waard mei in letter bou fan dûbele tuorren, lykas dat ek it gefal is by de Lübecker dom en de Marienkirche. Ek ôf te lêzen oan it gebou is dat men oan it ein fan de 13e iuw de halletsjerke ferbouwe woe ta basilyk. In begjin wie makke, mar it wurk waard opjûn.

De toer fan de tsjerke wie yn it earstoan folle leger en levere noch al ris swierrichheden op. By in stoarm yn 1375 briek in part fan de toer ôf en yn 1628 moast de toer foar in part ôfbrutsen wurde. Pas yn de jierren 1657-1658 waard de spits wer opboud en waarden de karakteristike fjouwer kûgels op de hoeken fan de toer pleatst. Hieltyd wer waard de toer troch de bliksem troffen, foar it lêst yn 1901. De toer baarnde doe hast in dei lang.

De kapellen waarden yn de rin fan de 14e iuw oanboud en ferneamd nei dyjingen dy't de bou mooglik makken of de kapellen besieten. Nei alle gedachten is fan alle kapellen de kapel fan boargemaster Brömse it meast bekend, itjinge te tankjen oan it alter dat dêr stiet. De súdeastlike sakristy waard yn it begjin fan de 15e iuw oanboud.

Neffens de skiedsskriuwing waard yn 1496 in dakruter pleatst. Al gau briek dizze dakruter troch in stoarm ôf. Lykwols neffens in wurk fan de houtsnijer Elias Diebel moat de dakruter yn it midden fan de 16e iuw wer op de tsjerke stien ha. De hjoeddeiske dakruter is in barokke bou út de jierren 1622-1628.

Yn de 19e iuw waarden bei in renovaasje midsiuwske fresko's ûntdutsen.

De Jakobikirche waard as ien fan de weinige Lübecker tsjerken sparre by it grutte bombardemint op de stêd fan 1942. Sadwaande besit de tsjerke de lêste twa histoaryske oargels fan de stêd.

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Preekstoel en heechalter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De preekstoel datearret út it jier 1698. Fan de foargonger út 1577 binne sûnt 1735 resten te finen yn de Thomaskirche fan Tribsees. It heechalter waard yn 1717 troch Hieronymus Hassenberg boud yn opdracht fan boargemaster Hermann Rodde, waans boarstbyld in plak krige yn it heechalter. It âldere heechalter, in let-goatyske retabel út 1435, stiet hjoeddedei yn it Staatliches Museum Schwerin yn Schwerin dat yn it Slot Güstrow fêstige is. It doopfont út 1466 waard yn 1466 troch Klaus Grude getten.

It Brömse-alter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Brömse alter waard yn 1515 troch boargemaster Heinrich Brömse skonken. It middendiel út 1500 mei de krúsiging is in reliëf út it atelier fan Heinrich Brabender, Münster/Westfalen. De beskildere fleugels toane û.o. de boargemaster en syn famyljeleden en waarden yn 1515 tafoege.

Betinkingsplak fan de seelju[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de noardlike toerkapel is plak makke foar de Lübecker seelju dy't net fan see werom kamen. Hjir stiet ek it wrak fan in reddingsboat fan de yn 1957 sonken fjouwermaster Pamir. By dizze ramp kamen 80 fan de 86 tellende bemanning om. Op fersyk fan de tsjerk en de oerheid waard de kapel op 21 septimber 2007 ta nasjonaal betinkingsplak foar de sivile seefeart ferklearre. Under de kapel is in kolumbarium.

Oargels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grutte oargel oan de westlike muorre is oarspronklik goatysk, mar waard yn de barokke tiid ferboud en fergrutte. It lytse oargel stamt oarspronklik út in midsiuwsk instrumint út 1467, maar waard yn de jierren 1636-1637 troch Friedrich Stellwagen ferboud en fergrutte.

Klokken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de klokkenstoel hinget in fjouwertal klokken út 1507, 1619, 1743 en 1756. De âldste klok út 1507 is de grutste klok en waard getten troch Geart fan Wou.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]