Jakin en Boäztsjerke (Genemuiden)

Ut Wikipedy
Jakin en Boäztsjerke
Lokaasje
provinsje Oerisel
gemeente Swartewetterlân
plak Genemuiden
adres Taghof 3
koördinaten 52° 37'N 6° 2' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Grifformearde gemeente
Arsjitektuer
boujier 2002-2003
Webside
Side fan gemeente (Sneins net op te roppen)
Kaart
Jakin en Boäztsjerke (Oerisel)
Jakin en Boäztsjerke

De Jachin en Boazkerk (Jakin en Boäztsjerke) oan 'e Taghôf is in tsjerkegebou fan de Grifformearde gemeente yn it Oeriselske Genemuiden.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jakin en Boäztsjerke waard yn 2003 neffens in ûntwerp fan it arsjitektenburo Valk yn Soest boud, nei't de eardere tsjerke oan de Julianastrjitte út 1981 te lyts woarn wie foar de groeiende gemeente. Ek it tsjerklike ferieningsgebou dat foar 1981 as tsjerke tsjinne wie te lyts. Sûnt de jierren 1990 waard neitocht oer nijbou en de earste stienlizzing dêrfoar fûn plak op 11 maaie 2002. Op 17 april 2003 waard de tsjerke yn gebrûk nommen. De âlde tsjerke oan de Julianastrjitte is letter ôfbrutsen om romte te meitsjen foar bebouwing mei in oare bestimming.

It gebou telt mear as 1800 sitplakken en heart dêrneffens by de grutste tsjerkegebouwen fan ús lân. De sitplakken litte harren ferdiele oer 1300 op 'e grûn en 500 op 'e kreake. De bakstiennen sealtsjerke hat in 38 meter hege toer en bestiet út in tsjerkeseal, in hal, in konsistoarje, in fiiftal romten foar gearkomsten, in romte foar begrafenissen en oare foarsjennings. Foar de fytsen is in romte ûnder it gebou.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Monumint Jakin en Boäz

De namme fan 'e tsjerke ferwiist nei de twa brûnzen pylders fan Salomo's timpel yn Jerusalim. Jakin betsjut: Hy (de Heare) sil befêstigje; Boäz betsjut: Yn Him is krêft. De pylders wurde beskreaun yn it bibelboek 1 Keningen:15-22.

Gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjinsten fan 'e gemeente steane yn de befindelike grifformearde tradysje, wêrby't de ferkundiging fan it Wurd sintraal stiet. Psalmen wurde songen yn de beriming fan 1773. De groeiende gemeente is stifte yn 1910 en hat likernôch 2100 leden. Bysûnder is dat der by it sjongen yn de tsjerketsjinsten gebrûk makke wurdt fan de saneamde boppestim.

Alle sneinen is der twa kear preek. Moarns wurdt der preke oer in frije tekst, middeis wurdt der út de Heidelberchske Kategismus preke. Yn it ramt fan it iuw-jubileum fan de gemeente op 30 novimber 2010 is der troch E. Beens-van Schothorst in boek skreaun mei de titel Aldaar zal gras met riet en biezen zijn. Winterdeis wurde der ek ienris yn 'e safolle wiken op tongersdeitejûnen tsjinsten holden. Dan wurde der saneamde bibellêzings holden.

Oargels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e tsjerke steane twa oargels: in haadoargel en in koeroargel. It haadoargel waard fan 'e âlde tsjerke oernommen en krige fan 'e firma Hendriksen & Reitsma út Nunspeet in plak yn de nijbou. Tagelyk mei de ferhûzing waard it oargel restaurearre en fergrutte. It oargel waard op 18 febrewaris 2004 wer yn gebrûk nommen.

It âlde rêchwurk waard ferboud ta in ienmanualich koeroarchel mei tsien registers. It koeroargel stiet yn ien fan 'e romten dy't brûkt wurdt foar gearkomsten en wurdt brûkt by it fraachlearen en it oefenjen fan it koar.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Jachin en Boazkerk (Genemuiden)