Springe nei ynhâld

Jakhals

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jakhalzen)
In goudjakhals (Canis aureus), in soarte dy't ek yn Fryslân foarkomt.

Jakhals is in algemiene beneaming foar beskate middelgrutte hûneftigen út Jeraazje en Afrika dy't lytser binne as in wolf (Canis lupus), mar grutter as in foks (Vulpes vulpes). Histoarysk waard de term brûkt foar in taksonomyske klade, mar tsjintwurdich stiet ûnwjerlisber fêst dat de jakhalzen as groep in parafyletysk en dêrom ûnjildich skaai foarmje.

It wurd "jakhals" is om 1600 hinne yn it Frysk trochkrongen fia it Frânske chacal, dat komt fan it Osmaansk-Turkske چقال (çakal), dat wer komt fan it Perzyske شغال (šaġāl). Uteinlik giet it wurd nei alle gedachten werom op 'e Sanskrityske namme foar "jakhals": शृगाल (śṛgāla), dat letterlik "de spûkgûler" betsjut.

Der binne trije soarten hûneftigen dy't it wurd 'jakhals' yn 'e soartenamme hawwe:

Dêrnjonken is der ek noch de Afrikaanske goudwolf of Afrikaanske wolf (Canis lupaster) út Noard-Afrika en de Hoarn fan Afrika, wêrfan't oant 2015 tocht waard dat it in groep ûndersoarten fan 'e goudjakhals wie. Hoewol't dat bist net de namme 'jakhals' yn 'e namme hat, kin it, syn taksonomyske skiednis yn acht nommen, grif ek as in soarte jakhals beskôge wurde.

De prêrjewolf (Canis latrans) út Noard-Amearika wurdt soms wol de 'Amerikaanske jakhals' neamd, om't er in gelikense lichemsbou en lichemsgrutte hat as de jakhalzen út 'e Alde Wrâld en ek om't er deselde ekologyske nys ferfollet. Mar de prêrjewolf wurdt lykwols net beskôge as in 'echte' jakhals. Dat is in arbitrêre beslissing dy't mear te krijen hat mei syn fersprieding yn 'e Nije Wrâld as mei genetyske sibskip, want de Afrikaanske goudwolf en ek de goudjakhals binne eins nauwer besibbe oan 'e prêrjewolf as oan 'e sealjakhals en de streekte jakhals.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.