Jake Steed

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jake Steed Productions)
Jake Steed
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Jake Stead, Jake Snead,
Max Steed, Max Stead,
Tom Harvey, Rick Wynn,
Tim Wakefield, Tim Whitfield,
Tim Woodfield, Tim Woodland
echte namme Jason Anyiam Okezie
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 augustus 1970
berteplak ? (Feriene Steaten)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur, regisseur,
produsint
jierren aktyf 19892001
offisjele webside
www.jakesteed.com

Jake Steed, echte namme: Jason Anyiam Okezie (27 augustus 1970), is in rêstend Amerikaansk pornografysk akteur, pornoregisseur en pornoprodusint fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf, dy't ek wol wurke hat ûnder de artystenammen Jake Stead, Jake Snead, Max Steed, Max Stead, Tom Harvey, Rick Wynn, Tim Wakefield, Tim Whitfield, Tim Woodfield en Tim Woodland. Hy sette yn 1989 útein mei in wurkpaad as pornoakteur en ûntjoech him yn 'e 1990-er jierren ien fan 'e populêrste manlike artysten yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Yn 2001 kaam der abrupt in ein oan syn bloeiende karriêre, wat oanlieding joech ta ferskate wylde ferhalen oer wat der fan him wurden wêze soe.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pornokarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jake Steed waard yn 1970 berne yn 'e Feriene Steaten. Mei njoggentjin jier makke er yn 1989 syn debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile er neitiid yn mear as 1.000 films, mar dêrby is in flink tal werútjeften fan âld materiaal meiteld. Fanwegen syn atletyske lichemsbou, syn seksueel úthâldingsfermogen en syn withoegrutte geslachtsdiel ûntjoech er him yn 'e njoggentiger jierren ta ien fan 'e populêrste manlike akteurs út 'e Amerikaanske pornoyndustry. Hy spile in protte mei yn films mei in ynterrasiaal tema.

Steed wurke û.m. foar sokke foaroansteande labels as Sin City, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Devil's Film, New Sensations, Evil Angel, VCA Pictures, Anabolic Video, Elegant Angel en Diabolic Video. Fierders wie Steed ek wol foar minder bekende studio's yn 't spier, wêrûnder Extreme Associates en West Coast Productions. Dêrnjonken wied er yn Jeropa wurksum foar it Dútske label Sascha Alexander Productions.

Under syn karriêre wurke Steed gear mei aktrises as Brigitte Aime, Davia Ardell, Briana Banks, Erika Bella, Belladonna, Johnni Black, Bunny Bleu, Tabatha Cash, Lydia Channel, Cherokee, Vivienne Clash, Cortknee, Tricia Devereaux, Helen Duval, Alana Evans, Sana Fey, Jeanna Fine, Nina Hartley, Janet Jacme, Bridgette Kerkove, Chantilly Lace, Shayla LaVeaux, Heather Lee, Jordan Lee, Miko Lee, Rikki Lee, Leanni Lei, Lovette, Jade Marcela, Jordan McKnight, Mariah Milano, Mimi Miyagi, Tiffany Mynx, Alexandra Nice, Suzan Nielsen, Papillon, Caroline Pierce, Bridget Powers, Penelope Pumpkins, Jennifer Red, Olivia del Rio, Adriana Sage, Silvia Saint, Michelle St. Clair, Domonique Simone, Charmane Star, Stephanie Swift, Bianca Trump, Stacy Valentine, Vanda Vitus, Teri Weigel, Zara Whites, Rebecca Wild, Christgen Wolf en Sarah Young.

Njonken syn aktearwurk wie Steed ek aktyf as regisseur en produsint, benammen nei't er yn 1998 syn eigen filmstudio oprjochte hie, Jake Steed Productions. Yn totaal regissearre er tusken 1998 en 2004 72 films, dy't op trije nei allegear útbrocht waarden by syn eigen label. Steed wûn yn 1996, tegearre mei aktrise Careena Collins, de AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste anale sekssêne, foar syn optreden yn 'e film Bottom Dweller 33⅓. Yn 2000 wûn jitris in AVN Award, diskear as regisseur, foar syn film Freaks, Whoes & Flows 10, yn 'e kategory bêste produksje mei in etnysk tema. Yn 2001 waard er as jongste manlike akteur ea ynhuldige as lid fan 'e XRCO Hall of Fame.

Mainstream-karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Steed wurke mei oan it nûmer Pause 4 Porno, fan it album 2001, fan rapper Dr. Dre. Dêrby hat Steed op 'e eftergrûn fan 'e lûdsopname geslachtsferkear mei twa froulju. Neitiid brocht er sels ek in rap-cd út, mei as titel Jake's Latest and Greatest: The Soundtrack. Dêrmei hied er lykwols gjin súkses.

Ein fan 'e karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2001 beëinige Steed abrupt syn karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Mooglik hie dat wat te krijen mei it feit dat er op 7 juny 2000 yn Kalifornje arrestearre waard foar húslik geweld en it fêsthâlden fan syn freondinne tsjin har wil. Letter gie it geroft (dat noch altyd op it ynternet sirkulearret) dat Steed dêrby fanwegen de three strikes-regel yn 'e Kalifornyske wetjouwing tsjin in libbenslange finzenisstraf oanseach (by de three strikes-regel binne rjochters ferplichte om by elts trêde misdriuw, hoe ûnnoazel ek, libbenslang op te lizzen).

Steed soe doe in boarchstellingsburo ynskeakele hawwe om tsjin betelling fan 10% oan syn boarchtocht fan $500.000 te kommen. Nei't er op boarchtocht frijkommen wie, soed er fan ruten spile hawwe: hy soe nea opdaagjen kommen wêze op syn proses, it boarchstellingsburo soe syn boarchpriis kwytrekke wêze en dêrop soe der in arrestaasjebefel tsjin him útfurdige wêze. Steed soe sûnt yn in net neier oantsjut Súdamerikaansk lân sitte dat gjin útleveringsferdrach mei de Feriene Steaten hat. Mei't Jake Steed Productions neitiid noch jierren trochgie mei it produsearjen fan films, ek al spile Steed dêr sels net mear yn, is it lykwols folle oannimliker dat er gewoan besletten hie om op te hâlden mei syn wurk as akteur. Nei alle gedachten wennet Steed yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey, dêr't Jake Steed Productions by de Keamer fan Keaphannel ynskreaun stiet.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1996 AVN Award wûn bêste anale sekssêne (mei Careena Collins) Bottom Dweller 33⅓
XRCO Award wûn bêste anale sekssêne (mei Careena Collins) Bottom Dweller 33⅓
1999 XRCO Award nominearre bêste anale of d.p.-sekssêne (mei Dina Jewel en Mr. Marcus) The Lecher 2
nominearre bêste anale of d.p.-sekssêne (mei Alexandra Nice en Rod Fontana) Psycho Sexuals #02
2000 AVN Award wûn bêste produksje mei in etnysk tema Freaks, Whoes & Flows 10
2001 XRCO Award ynhuldige XRCO Hall of Fame n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.