Jakanafûgels
Appearance
| Jakanafûgels | ||
| Jacana jacana | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| skift: | wilstereftigen (Charadriiformes) | |
| ûnderskift: | snipfûgeleftigen (Scolopaci) | |
| famylje: | jakanafûgels (Jacana) | |
| Chenu & des Murs, 1854 | ||
Jakanafûgels (Jacanidae) foarmje in famylje fan tropyske wetterfûgels. De famylje bestiet út seis skaaien mei yn totaal acht soarten.
De fûgels libje yn sompen en ha lange halzen en poaten mei tige lange teannen mei neils. De lange teannen helpe by it ferdielen fan it gewicht fan 'e fûgel as er oer wetterplanten rint. Wyfkes binne grutter fan formaat as mantsjes. De skaaien ferskille net in soad yn ferskining. Se ha lange en spitse wjukken.
De soarten fan 'e famylje binne omnivoar en njonken plantaardich materiaal (sied, woartels) sykje se meast nei ynsekten en wringeleazen.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De famylje bestiet út seis skaaien:
- Actophilornis (2 soarten: Afrikaanske jakana en Madagaskarjakana)
- Hydrophasianus (1 soarte: wetterfazant)
- Irediparra (1 soart: Australyske jakana)
- Jacana (2 soarten: gielskyldjakana en readskyldjakana)
- Metopidius (1 soart: brûnswjukjakana)
- Microparra (1 soart: dwerchjakana)
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jacanidae fan Wikimedia Commons. |