Springe nei ynhâld

Jagûarûndy

Ut Wikipedy
jagûarûndy
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje kateftigen (Felidae)
skaai jagûarûndys (Herpailurus)
Severtzov, 1858
soarte
Herpailurus yagouaroundi
Geoffroy Saint-Hilaire, 1803
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De jagûarûndy (wittenskiplike namme: Herpailurus yagouaroundi, foarh. Puma yagouaroundi) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it monotypyske skaai fan 'e jagûarûndys (Herpailurus). Dit bist, dat de neiste libbene sibbe fan 'e bekendere poema (Puma concolor) is, komt foar yn dielen fan Midden- en Súd-Amearika. De jagûarûndy is likernôch twaris sa grut as de hûskat (Felis catus). It is in solitêr libjende karnivoar, dy't yn it wyld tige temûk en wach is. Oars as oare kateftigen yn 'e Nije Wrâld dy't fan ferlykbere grutte binne, is de jagûarûndy oerdeis aktiver as nachts. De IUCN klassifisearret de jagûarûndy as net bedrige.

De namme 'jagûarûndy' is in lienwurd op basis fan 'e Portegeeske en Spaanske namme jaguarundi. Dy namme wie wer oernommen út it Gûarany, in Yndiaanske taal dy't sprutsen wurdt yn Paraguay en súdlik Brazylje. De oarspronklike foarm wie yaguarundi, en yn it nau besibbe Tûpy yawaum'di. Beide wurden betsjutte "dûnkere jagûar".

De jagûarûndy waard yn 1803 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Frânske soölooch Étienne Geoffroy Saint-Hilaire op basis fan twa pelzen mei plassen dy't ôfkomstich wiene fan in ûnbekende lokaasje yn Midden-Amearika. De oarspronklike wittenskiplike namme foar de jagûarûndy wie Felis yagouaroundi, mei't it skaai Felis, dat tsjintwurdich reservearre is foar de wylde katten, foarhinne foar alle kateftigen brûkt waard. Yn 1858 yntrodusearre de Russyske biolooch Nikolaj Severtzov it monotypyske skaai fan 'e jagûarûndys (Herpailurus). Letter waard de jagûarûndy lykwols mear as in iuw lang ûnderbrocht yn it skaai fan 'e poema's (Puma), omreden fan 'e nauwe besibskip fan dit bist mei de poema (Puma concolor). Mar op basis fan nij ûndersyk nei it mitogondriaal DNA fan 'e bisten waard yn 2017 besletten om 'e jagûarûndy dochs mar wer yn in eigen skaai te pleatsen.

In jagûarûndy yn 'e dieretún fan it Tsjechyske Děčín.

De jagûarûndy is fan alle libbene kateftigen it naust besibbe oan 'e poema (Puma concolor). Mei it wat minder nau besibbe jachtloaihoars (Acinonyx jubatus) foarmje dy beide soarten it saneamde poemakomôf fan 'e lytse katten. De trije neamde soarten hawwe nei alle gedachten in lêste mienskiplike foarâlder hân dy't libbe yn it Mioseen, 8,3 miljoen jier lyn. Dat bist liket fia de Beringlânbrêge út Aazje nei Noard-Amearika oerstutsen te wêzen, dêr't de jagûarûndys en de poema's útinoar groeiden. De jagûarûndy berikte omtrint 4–3 miljoen jier lyn Súd-Amearika as ûnderdiel fan 'e Grutte Amerikaanske Utwikseling nei de foarming fan 'e Lâningte fan Panama.

De jagûarûndy hat in mânsk ferspriedingsgebiet, dat him útstrekt fan noardlik Meksiko oant sintraal Argentynje. Yn Meksiko komt dit bist foar op it Jûkatanskiereilân, de Lâningte fan Tehuantepec en by sawol de Golfkust as de Pasifyske kust lâns nei it noarden, mar ûntbrekt er yn it Heechlân fan Meksiko. Yn Súd-Amearika libbet de jagûarûndy yn it hiele Amazônegebiet, mar net yn 'e Andes. De súdpunt fan it ferspriedingsgebiet beslacht it uterste noarden fan Patagoanje.

Yn it ferline rikte it areaal fan 'e jagûarûndy oant yn 'e Feriene Steaten, mar de lêste dokumintearre waarnimming dêre wie fan in deariden eksimplaar yn 1986 by Brownsville yn 'e súdpunt fan Teksas. Bewearings fan waarnimmings yn 'e 1990-er jierren yn Arizona waarden troch in ûndersyk út 1999 ûntkrêfte.

Sûnt 1907 komme der ek jagûarûndys foar yn Floarida, dêr't it eksoaten binne. Nei't it skynt wie de yntroduksje fan 'e bisten dêre it wurk fan in skriuwer út Chiefland, dy't de kateftigen út Súd-Amearika ymportearre en by syn wenplak losliet. Tsjin 'e ein fan 'e 1970-er jierren naam it tal waarnimmings fan jagûarûndys yn Floarida ôf, wat de foaroansteande herpetolooch Wilfred T. Neill ta de konklúzje brocht dat it mei de populaasje yn it neigean rekke wie. Sûnt de 1980-er jierren binne jagûarûndys ek waarnommen yn it kustgebiet fan Alabama, wat betsjutte kinne soe dat de populaasje yn Floarida him yn noardwestlike rjochting oan it ferpleatsen is.

In jagûarûndy fan 'e 'reade' kleurfariant.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De jagûarûndy is in middelgrutte kateftige mei in ranke lichemsbou. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 53-77 sm, mei in sturtlingte fan 31–52 sm en in skofthichte fan krapoan 36 sm. Dêrmei is er likernôch twaris sa grut as in gewoane hûskat (Felis catus). It gewicht bedraacht 31/2–7 kg, hoewol't der útsjitters nei 9 kg dokumintearre binne. Seksuele dimorfy bestiet yn dizze soarte mar amper, al binne de mantsjes justjes grutter as de wyfkes.

It lichem is wat ferlinge yn ferhâlding ta de koarte poaten en de lange sturt en hat dêrom wol wat fan it lichem fan martereftigen, lykas otters of wezelingen. De kop is lyts yn ferhâlding ta it lichem en ek frij smel en rûn, mei in koarte snút. De earen binne ek rûnich fan foarm. De pels is effen fan kleur mei op syn measten in pear dizenige ljochtere plakjes op 'e bealch of yn it gesicht. Der besteane twa natuerlik foarkommende kleurfarianten: griis (dûnkergriis oant swartich) en 'read' (eins oranjich oant kastanjebrún).

Jagûarûndys libje yn in grut ferskaat oan biotopen, fan tropysk reinwâld oant leafwâld en fan woastyn oant mangrovewâld. Se komme ek wol foar yn dizewâlden en op savannes. Hoewol't se de foarkar jouwe oan tichte begroeiïng, kinne se, oars as de measte oare lytsere kateftigen yn Súd-Amearika, ek ta mei iepen gebieten. Yn berchtmen komme jagûarûndys foar oant in hichte fan 3.200 m boppe seenivo. De jagûarûndy stiet derom bekend dat er him net gau út syn wengebiet ferdriuwe lit troch fersteuring troch de minske, en hy docht it goed yn sekundêr wâld.

In jagûarûndy fan 'e 'grize' kleurfariant.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jagûarûndys binne skou en ôfhâldich fan minsken, en nei't it skynt tige dreech te fangen mei in fâle, om't se hiel foarsichtich binne mei dingen dy't se net kenne. Se liede in bestean yn it ferburgene en binne dêrby oer it algemien oerdeis aktyf, yn tsjinstelling ta oare kateftigen dy't yn itselde gebiet foarkomme, lykas de oselot (Leopardus pardalis), dy't in nachtdier is. Jagûarûndys kinne goed genôch swimme om middelgrutte rivieren oer te stekken, en klimmen yn beammen giet harren ek tige goed ôf. Jeien dogge se lykwols ornaris op 'e grûn, dêr't de kleur fan harren pels in goede kamûflaazje biedt. Se kinne oant 2 m rjocht omheech springe om fûgels te fangen.

De jagûarûndy is foar it meastepart in solitêr libjend bist, en hoewol't der by fjildûndersyk nei dit bist ek pearkes waarnommen binne, is it tinken dat it dêrby foar 't neist giet om in memmen mei in healwoeksen jongen of oars om mantsjes en wyfkes yn 'e peartiid. Yn finzenskip kinne jagûarûndys har lykwols sûnder swierrichheden oanpasse ta it libjen yn lytse groepkes.

De wengebieten fan wylde jagûarûndys binne frij grut. By in ûndersyk yn Brazylje waarden foar wyfkes territoaria opmetten fan 1,4–18 km², ôfhinklik fan 'e gesteldheid fan it terrein en de beskikberens fan proaidieren, wylst dy fan mantsjes 8,5–25,3 km² meaten. By in oar ûndersyk yn Belize waard ûntdutsen dat twa mantsjes dêre útsûnderlik grutte territoaria hiene fan 88 km², resp. 100 km². De territoaria fan wyfkes yn itselde gebiet meaten 13–20 km². De populaasjetichtens fan jagûarûndys is yn 'e regel hiel leech, yn Brazylje bygelyks 0,01–0,05 de km², hoewol't dat sifer op 'e heechflakten yn Tamaulipas, yn noardeastlik Meksiko, en yn Kosta Rika folle heger lei, om 0,2 de km² hinne.

Jagûarûndys binne goede klimmers.

Jagûarûndys markearje har territoarium troch mei de efterpoaten yn 'e grûn om te klauwen, soms kombinearre mei it ôfsetten fan in rookflagge troch oer de omwrotten grûn hinne te pisjen. Oare markearrings binne it omklauwen yn omfallen beammen, it mei de kop by beammen en rotsen lâns wriuwen en it ûnbedutsen efterlitten fan dong (dat normaal, lykas by hûskatten, bedobbe wurdt).

De jagûarûndy hat in wiidweidich fokaal repertoire, besteande út teminsten 13 ûnderskate lûden, lykas roppen, janken, spinnen, fluitsjen, keffen, 'eameljen' en in soarte fan tsjirpjen dat de sang fan fûgels net wanlyk is.

Jagûarûndys hawwe net in dúdlike peartiid, mar binne ynstee it hiele jier rûn waarnommen by it pearjen. Der binne datoangeande piken yn ferskillende tiden fan it jier yn ferskillende dielen fan it ferspriedingsgebiet; sa plantsje jagûarûndys yn Meksiko harren benammen fuort fan jannewaris oant en mei maart. It wyfke is dêrby 3–5 dagen maartsk. Yn dy tiid rôlet se geregeldwei op 'e rêch en sproeit se mei urine. Mantsjes hjitfolgje har en negearje har agresje. By de pearing byt it mantsje it wyfke yn it nekfel en uteret it wyfke by de penetraasje in lûde gjalp.

Nei ôfrin fan 'e pearing hat it mantsje fierder neat mear mei it fuortplantingsproses út te stean. De draachtiid duorret 70–75 dagen, wêrnei't it wyfke 1–4 jongen smyt op in beskut plak. Dat kin bestean út in holle beam, in rotsspjalt of in stikje tige tichte ûndergroei. De jongen binne by de berte al oerdutsen mei hier. Op 'e bealch sitte dêr ljochtere plakken yn, dy't nei ferrin fan tiid weiwurde. Mei 3 wiken begjint de mem proaidieren by de jongen te bringen, dy't der op dy leeftyd lykwols mar wat mei omboartsje oant de mem it úteinlik sels opfret. Pas mei 6 wiken kinne de jongen fêst fretten oan en begjint it ôfwenningsproses. Jagûarûndys binne mei 1–3 jier geslachtsryp. Yn finzenskip is in libbensferwachting dokumintearre fan maksimaal 15 jier; it is ûnbekend hoe heech oft dat sifer yn it wyld is, mar it sil grif in stik leger lizze.

Jagûarûndys binne karnivoaren dy't libje fan 'e jacht. De proaien dy't se frette, weagje ornaris minder as 1 kg. Dêrby giet it benammen om kjifdieren en oare lytse sûchdieren, fûgels dy't op 'e grûn har kostje byinoar sykje, hagedissen en lytse slangen, kikkerts en lidpoatigen. By ferskate ûndersiken waard in sterke foarkar foar sûchdieren fêststeld. Fral rysrotten (Oryzomys), katoenrotten (Sigmodon) en reidmûzen (Zygodontomys) lykje de jagûarûndy goed te smeitsjen en yn mindere mjitte ek nôtmûzen fan 'e Nije Wrâld (Reithrodontomys), wytpoatmûzen (Peromyscus) en stikelmûsgoffers (Heteromys).

In jagûarûndy oan it miel.

Ambisjeuze eksimplaren fange soms ek gruttere proaien, lykas beskate soarten fisken en pinsielaapkes, kninen lykas de tapety (Sylvilagus brasiliensis) en soms sels in súdlike opossum (Didelphis marsupialis). By ien ûndersyk waard hartefleis yn 'e mage fan in jagûarûndy fûn, mar it tinken is dat dat yndividu ta in kadaver sitten hie. Om't jagûarûndys ek wol hinnen en oar plomfee pakke, meitsje se har net dierber by de feehâlders yn harren ferspriedingsgebiet.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e jagûarûndy binne: de boä konstriktor (Boa constrictor), de poema (Puma concolor) en de hûn (Canis familiaris).

De jagûarûndy hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Dêrby tekene de IUCN oan dat de status eins wierskynlik ferlege wurde moatte soe nei "gefoelich", mar dêrfoar wiene te min gegevens beskikber út it hiele areaal fan 'e jagûarûndy. Dizze kateftige hat te lijen ûnder habitatferlies en habitatfragmintearring troch de útwreiding fan minsklike aktiviteiten. Streuperij is net in grut probleem, om't de pels fan 'e jagûarûndy fan minne kwaliteit en dêrtroch net folle wurdich is. Mar de bisten wurde wol ferfolge troch boeren om't se plomfee frette.

De jagûarûndy-populaasjes yn Midden-Amearika binne dêrom opnommen yn Taheakke I fan it CITES-ferdrach fan 'e Feriene Naasjes, dat it near leit op 'e ynternasjonale hannel yn (dielen fan) bedrige soarten. De jagûarûndy-populaasjes yn Súd-Amearika binne opnommen yn Taheakke II fan itselde ferdrach. Bejeien fan 'e jagûarûndy kin inkeld mei in dêrta oanfrege fergunning yn Perû en is hielendal ferbean yn Argentynje, Belize, Bolivia, Brazylje, de Feriene Steaten, Fenezuëla, Frânsk-Guyana, Gûatemala, Hondoeras, Kolombia, Kosta Rika, Meksiko, Oerûguay, Panama, Paraguay en Suriname.

By genetysk ûndersyk nei de jagûarûndy op basis fan spesimina út it hiele ferspriedingsgebiet waard yn 2013 gjin bewiis fûn foar it bestean fan ûndersoarten. Sûnt 2017 wurde jagûarûndy troch de gesachhawwende Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN) erkend as in monotypyske soarte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.