Jacques Rogge
Appearance
Dit artikel is in stobbe. Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |

Jacques Rogge, folút Jacques Jean Marie, Greve Rogge (Gent, 2 maaie 1942 - Deinze, 29 augustus 2021) wie in Belgyske sportbestjoerder, in eardere atleet en in dokter, dy't de achtste foarsitter fan it Ynternasjonaal Olympysk Kommittee (YOK) wie, fan 2001 oant 2013. Yn dat jier waard Rogge earepresidint fan it YOK, wat in fêste posysje wie dy't er hie oant syn dea troch de Sykte fan Parkinson. Hy waard ien kear wrâldkampioen silen yn de Finnklasse en die yn dy kategory foar België mei oan de Olympyske Simmerspullen fan 1968, 1972 en 1976.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jacques Rogge fan Wikimedia Commons. |

