Springe nei ynhâld

Jacques Pucheran

Ut Wikipedy

Jacques Pucheran (Clairac, Frankryk, 2 juny 1817Port-Sainte-Marie, 13 jannewaris 1895) wie in Frânske soölooch en ûntdekkingsreizger.

Tusken 1837 en 1840 wie Pucheran, mei kollega natuerûndersikers Jacques Bernard Hombron en Honoré Jacquinot dielnimmer oan de ekspedysje mei it skip de Astrolabe ûnder kommando fan Jules Dumont d'Urville. Werom yn Frankryk skreau er tegearre mei Jacquinot oan it ornitologyske diel fan it reisferslach Voyage au Pôle sud et dans l 'Océanie sur les corvettes L' Astrolabe et La Zélée (1841-1854). [1])

Pucheran hie in betrekking oan it Muséum national d'histoire naturelle as natuerûndersiker en dierkundige. Hy skreau in grut tal dierkundige (spesjaal fûgelkundige, mar ek sûchdierkundige en antropologyske) publikaasjes. Tegearre mei Florent Prévost en Isidore Geoffroy Saint-Hilaire publisearre er in katalogus fan alle soarten fûgels en sûchdieren út de kolleksjes fan it natuerhistoarysk museum fan Parys. Hy is soartebeskriuwer fan tsientallen soarten sûchdieren en fûgels (5 genera, 13 soarten) [2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. BHL
  2. (in) Gill, F, D Donsker, and P Rasmussen (Eds). 2023. IOC World Bird List (v 13.1). Doi 10.14344/IOC.ML.13.1. [1]