Jacobus ten Zweege

Jacobus ten Zweege (Makkum, 15 maart 1855 - dêre, 24 jannewaris 1917) [1] wie in Fryske platielskilder en ûntwerper by de ierdewurk- en tegelfabryk Tichelaar.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ten Zweege waard yn 1855 yn Makkum berne as soan fan de platielskilder en keramysk ûntwerper Willem Jacobus ten Zweege en fan Hermina Hubertus van Drooge. Ten Zweege waard ferneamd nei syn pake Jacobus ten Zweege. Ek syn pake wie, lykas syn heit, platielskilder en keramysk ûntwerper by it bedriuw fan Tichelaar yn Makkum. Yn 1896 waard er earste skilder by it bedriuw Tichelaar as opfolger fan syn heit, dy't yn dat jier ferstoarn wie. Efterinoar hawwe trije generaasjes Ten Zweege mei harren stimpel drukt op de ûntwerpen fan Tichelaar. [2]
Ten Zweege brocht ein 19de iuw ûnder ynfloed fan de jugendstil-fernijingen oan yn de kolleksje. [3] Syn wurk is, lykas dat fan syn heit en pake, opnommen yn de kolleksje fan ferskate keramyske musea, wêrûnder it Princessehof yn Ljouwert. Yn it Frysk Skipfeart Museum is in skilderij mei in foarstelling fan de Sylroede yn Makkum fan him yn de kolleksje opnaam.
Hy troude op 4 juny 1892 yn de gemeente Wûnseradiel mei Dirkje Roosjen út Makkum. Yn jannewaris 1917 ferstoar er sûnder bern yn 'e âldens fan 61 jier yn syn wenplak Makkum.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|