Jacobus Harrewijn
Appearance

Jacob(us) Harrewijn (Amsterdam, doopt 15 septimber 1660 - beïerdige op 10 juny 1727 yn Brussel) wie in keunstskilder, tekener en yn't foarste plak graveur.
Hy troude yn 1682 yn Amsterdam, mar waard yn 1688 lid fan it Antwerpse gilde. Hy troude fannijs yn 1689 yn Deurne en wurke fan 1695 oant 1714 yn Brussel.
Hy makke de measte fan de 32 portretten dy't de twadielige Mémoires pour servir à l' Histoire de France (1719) yllustrearje. Hy levere teffens nije printen foar de werútjefte fan Antonius Sanderus syn Chorographia sacra Brabantiae yn 1726-27. Neffens guon boarnen wurke er fan 1727 oant 1732 fierder yn De Haach, wat net strykt mei syn stjerdatum út oare boarnen. [1]
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Rubenshûs yn Antwerpen
- Jan-Karel vander Borcht
- Plattegrûnen fan Nederlânske forten en stêden, 1684, fan Jacobus Harrewijn
- Yllustraasje foar de Œuvres de Racine, Brussel, 1700 (Sjoch: Jean Racine)
- Petrus Stockmans
- Kastiel fan Rixensart
- Kastiel fan Trazegnies
- Stêd Kyustendil, 1690
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jacobus Harrewijn fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
