Jacob Zwerver

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Jacob Zwerver (1969) is stjoerman op in binnenfearttanker en skûtsjeskipper.

Zwerver wennet yn Akkrum mei syn freondinne.

Zwerver waard troch it bestjoer fan de Stichting d'Halve Maen yn desimber 2009 keazen as skipper op it Drachtster skûtsje d'Halve Maen. Earder wie er fokkenist op dat skip. Jacob Zwerver is as skûtsjeskipper de opfolger fan Jitze Mink, dy't it skûtsjesilen net langer mear kombinearje koe mei syn wurk en priveelibben.

Ein maart 2011 stapt Jacob Zwerver en it grutste part fan de bemanning op. Oanlieding soe wêze dat der minne kommunikaasje wie tusken it bestjoer fan it skûtsje en de bemanning sels. It bestjoer soe besluten nommen hawwe dêr't de skipper en de bemanning harren net yn kend hiene. De groep hie gjin fertrouwen yn ferbettering en stapten dêrom op. Neist de skûtsjeploech is ek in bestjoerslid opstapt. [1] Op 19 april 2011 waard bekend dat de Grouster Berend Mink de opfolger wurdt fan Zwerver. [2]

Jacob is in soan fan Ale Zwerver, earder skipper op it Lemster Skûtsje, en Eke Brouwer. Hy komt fan sawol heite- as memmekant út in skipperslaach. Ale Zwerver bliuwt adviseur op d'Halve Maen.

Jacob Zwerver is anno 2010 al sa'n 27 jier warber yn de SKS, dêrfan de langste tiid by syn heit op it Lemster Skûtsje, mar ek by syn omke Tjitte Brouwer op it Langwarder Skûtsje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "SKS-skûtsjeploech stapt op" Omrop Fryslân.nl, 25 maart 2011
  2. "Berend Mink nei Heale Moanne" Omrop Fryslân.nl, 19 april 2011