Springe nei ynhâld

Jacob Hylkema

Ut Wikipedy

Jacob (Jaap) H. Hylkema (Grou, 22 novimber 1900 - Doanjum, 8 maart 1944) wie adjunkt-direkteur fan Halbertsma's Fabriken BV yn Grou en fan 1938 oant 1943 foarsitter fan it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse, krite 'Grou'.

Yn de Twadde Wrâldoarloch die er mei oan it ferset tsjin de Dútsers. Hy waard yn 1944 gemeentekommandant fan de Nederlânske Binnenlânske Striidkrêften. Op 3 maart 1945 waard er - mei fiif oare fersetsminsken - arrestearre fanwege syn fersetsaktiviteiten en nei it Burmaniahûs yn Ljouwert brocht foar ferhoar troch de Sicherheitsdienst. Op 8 maart 1945 waard er deasketten by Doanjum; hy wie doe 44 jier âld. Hylkema en syn doarpsgenoat Bauke van der Pal, dy't tagelyk mei him fusillearre waard, lizze op it Algemiene Begraafplak fan Grou.

Jacob Hylkema wie in soan fan Kerst Hettes Hylkema en Grietje van Riesen. Hy wie troud mei H. Hylkema-Houwink.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: