Springe nei ynhâld

Jack Reacher (personaazje)

Ut Wikipedy
Jack Reacher
persoanlike bysûnderheden
sekseman
soarte personaazjeminske
nasjonaliteit Amerikaansk
berop/amtgjint
oare ynformaasje
geastlike heitLee Child
útjouwerBantam Books
ûntstean1997

Jack Reacher (útspr.: [ʤæk ɹiːʧəɹ], likernôch "dzjek rii-tsjur") is de haadpersoan fan in romansearje besteande út romans (en koarte ferhalen en inkele novelles) fan it misdiesjenre. Spesifyk giet it om skrillerromans dy't skreaun binne troch de Britske auteur Lee Child. Reacher is in eardere militêre plysje dy't no as omrinner troch de Feriene Steaten swalket en hieltyd op 'e nij belutsen rekket by ûndersyk nei saken dy't it deiljocht net ferdrage kinne. De Jack Reacher-romansearje, dy't yn 1997 úteinsette, is tige súksesfol. Anno 2022 wiene fan 'e boeken mear as 100 miljoen ferkocht. Twa dielen fan 'e rige binne ferfilme mei akteur Tom Cruise yn 'e rol fan Reacher. Der is ek in tillefyzjesearje oer de boeken makke.

De geastlike heit fan Jack Reacher is de Britske skriuwer Lee Child (in pseudonym fan James Dover Grant). Dyselde hat sein dat er de namme fan Reacher betocht doe't er oan it boadskipjen wie mei syn frou Jane yn in supermerk yn Kendal, yn it Ingelske greefskip Cumbria, doe't se mids 1990-er jierren dêromtrint wennen yn it doarp Kirkby Lonsdale. Grant is tige lange man, en yn winkels wurdt er gauris troch oare (koartere) klanten frege oft er in artikel foar harren fan 'e boppeste planke pakke wol. Jane makke doe de grap: "Hee, as dit skriuwersgedoch neat wurdt, kinst altyd noch rikker (Ingelsk: reacher) yn in supermerk wurde." Grant sei dêroer: "Ik tocht: Reacher – goeie namme."

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jack Reacher waard berne op 29 oktober 1960 op in Amerikaanske militêre basis yn West-Berlyn. Syn foarnamme "Jack" is net in ropnamme foar "John" of "James", mar ynstee syn echte namme. Nuver genôch foar in Amerikaan hat er gjin middelnamme. Syn heit wie in ofsier yn it Amerikaansk Marinierskorps mei in foarleafde foar ienfâldige nammen. Syn mem, Joséphine Moutier (19301990), wie in Fransêze dy't mei syn heit yn 'e kunde kaam doe't dy yn Nederlân legere wie. Syn pake oan memmekant wie in Frânske feteraan út 'e Earste Wrâldoarloch dy't yn 'e Slach by Verdun fochten hie, en dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch belutsen west hie by it Frânske ferset. Reacher hie in âldere broer, Joe (19591997), mei wa't er twa jier skeelde.

Reacher syn heit waard geregeldwei oerpleatst nei in legerbasis yn in oar lân, mei as gefolch dat syn húshâlding ek om it hoartsje ferhúzje moast. Sadwaande groeide Reacher op op tsientallen Amerikaanske militêre bases yn West-Dútslân, Frankryk, it Feriene Keninkryk, Itaalje, Japan, Súd-Koreä, de Filipinen, Súd-Fjetnam en oare lannen. Mear om't it in famyljetradysje wie as om oare redens naam Reacher yn 1978 mei achttjin jier tsjinst yn it Amerikaanske Leger troch him yn te skriuwen foar de ofsiersoplieding oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point. Iroanysk genôch wie dat de earste kear yn syn libben dat er yn 'e Feriene Steaten kaam.

Doe't er de oplieding trochrûn hie en de rang fan twadde luitenant krige, waard er tawiisd oan it Militêr Plysjekorps fan it Amerikaanske Leger, dat him ornaris op legerbases om utens pleatste. Dêr klom er op ta de rang fan majoar, waard yn 1990 weromset yn rang nei kaptein, mar klom op 'e nij op nei majoar. Hy waard kommandant fan in ienheid dy't de dreechste militêre misdriuwen ûndersocht. Foar syn wurk krige er ferskate ûnderskiedings, wêrûnder in Silver Star, in Defense Superior Service Medal, it Legion of Merit, in Soldier's Medal, in Bronze Star en it Purple Heart. Reacher tsjinne trettjin jier by de Militêr Plysje, fan 1984 oant 1997, doe't er earfol ûntslach krige omreden fan 'e ynkrimping fan 'e Amerikaanske Striidkrêften y.f.m. de ein fan 'e Kâlde Oarloch.

Skriuwer Lee Child, de geastlike heit fan Jack Reacher.

Oer syn twongen ôfswaaien út it Amerikaanske Leger wie Reacher yn 't earstoan wrokkich mei't er him ôftanke fielde nei alles wat er foar it Leger dien hie. Mar al rillegau ûntdiek er wat it wie om foar it earst yn syn libben frij te wêzen fan 'e kommandostruktuer fan 'e kriichsmacht. Hy hie it gefoel dat er syn hiele libben yn it tichthûs sitten hie, earst thús ûnder de strange regels fan 'e militêre bases dêr't opgroeid wie, en letter yn it Amerikaanske Leger. Om't er der alhiel gjin sin oan hie om him wer fêst te lizzen, en teffens om't er dat lân dat er syn hiele libben tsjinne hie wolris sjen woe, begûn er in swalkjend bestean dat him troch de hiele legere 48 steaten brocht. Dat befoel sa goed, dat er net wer oars woe.

Reacher waard in omrinner sûnder fêst wen- of ferbliuwplak, sûnder rydbewiis of oar identiteitsbewiis, sûnder belestingoanjefte. Hy reizge mei de bus, rinnende of troch te liftsjen, betelle alles mei kontant jild en naam hjir en dêr los wurk oan om himsels te ûnderhâlden. Bagaazje hied er net; ienris yn 'e safolle dagen kocht er goedkeap nije klean en smiet de âlde smoarge klean yn it jiskefet. Hy waard, mei oare wurden, ûnsichtber foar 'it systeem' en dêrmei ûnfynber. Dat waard noch fuortsterke troch syn oanwenst om yn motels yn te checken ûnder in skûlnamme, yn 'e regel de namme fan in histoaryske twadde-honkman by de New York Yankees. Nei de oanslaggen fan 9/11, yn 2001, waard er troch de nije beheinings twongen om in pinpas te brûken om jild fan syn bankrekken op te nimmen, en teffens om in identiteitsbewiis by him te dragen yn 'e foarm fan in (ornaris ferrûn) paspoart. Dat feroare yn 'e praktyk neat oan it feit dat er ûnfynber is foar lju dy't him sykje. Op syn omdoarmings ûndersiket Reacher, soms tsjin wil en tank, soms út persoanlike ynteresse, fertochte saken.

Jack Reacher wurdt omskreaun as in blanke man mei blond hier en blauwe eagen. Hy is in bear fan in fint mei in lingte fan 1.96 m en gewicht fan 95–110 kg. Hy hat ferskate groeden, wêrûnder guon op syn búk dy't feroarsake binne troch de by in bomoanslach fuortblaasde ûnderkaak fan in marinier, doe't Reacher yn 'e 1980-er jierren stasjonearre wie yn Libanon.

Reacher, dy't alhiel neat fan genetika ôfwit, hat in teory (dy't er yn Never Go Back op 't aljemint bringt) dat hy genetysk oerhinget ta in omdoarmjende libbensstyl. Hy wol hawwe, guon minsklike populaasjes besitte in "natuerlike dwaallust". As foarbylden jout er de Wytsingen, de Polyneezjers en, twifeleftiger, it Britske Ryk yn 'e koloniale tiid. Hy erkent de ekonomyske redens foar harren reizen, mar mient dat guon fan harren "net ophâlde koene" mei swalkjen. Neffens him komt dat fuort út 'e prehistoarje. Doe't minsken yn lytse famyljegroepen libben dy't mar amperoan kontakt mei oare sokke groepen hiene, soe him in gen ûntjûn hawwe dat de besitter oansette ta omdoarmjen mei as evolúsjonêr doel om yntylt foar te kommen. Fan gefolgen "hie eltse generaasje en eltse lytse groep teminsten ien persoan dy't swalkje moast". Sokken ferspraten har genen nei oare groepen, liedend ta in sûnere minsklike soarte. Hy skriuwt syn eigen oanstriid ta swalkjen ta oan it besit fan dat gen.

Foar de objektive waarnimmer liket it folle oannimliker dat Reacher syn hjoeddeistige libbenstyl fuortkomt út it feit dat er nea leard hat om langere tiid op ien plak troch te bringen. As bern hied er ommers in nomadysk libben, wêrby't er soms wol ferskate kearen jiers nei in oare legerbasis ferhuze wannear't syn heit wer ris oerpleatst waard. En syn lettere legerkarriêre, wêryn't er ek allegeduerigen fan basis nei basis stjoerd waard, sterke de ûnderfinings út syn jonkheid nochris fierder fuort.

Jack Reacher hat in foarleafde foar kofje, dy't er swart drinkt, sûnder sûker, wylst er wegeret om tee te drinken. Wat iten oangiet hat er, sa wurdt beskreaun yn One Shot, in hiel lege drompel foar wat oanfurdber is. Reacher is in leafhawwer fan muzyk, mar benammen fan bluesmuzyk. Yn it earste diel fan 'e searje stapt er út in bus earne yn in doarp op it plattelân fan Georgia om gjin inkele oare reden as dat dat it stjerplak is fan 'e bluesleginde Blind Blake.* Reacher mei graach oer tsjeppe froulju en hat yn ferskate dielen fan 'e searje in onenightstand of in koarte seksuele relaasje. Hy liket net botte religieus te wêzen. Oan it sieltsjeswinnen fan beskate kristlike denominaasjes hat er in grouwéligen hekel.
*) Eins is dat net wier: Blind Blake (1896–1934) stoar yn Milwaukee, yn Wisconsin.

Reacher kin treflik fjochtsje en wit him by slaanderij ornaris goed steande te hâlden, ek tsjin in nûmerike oermacht. Hy is net in master yn in beskate fjochtsport, mar kombinearret eleminten út alderhanne stilen. En hy hâldt him nea oan 'e regels. Hy hat der alhiel gjin muoite mei om tsjinstanners fan efteren oan te fallen. Mei fjoerwapens kin er ek goed omgean. Hy is in oefene skerpskutter en de iennichste net-marinier dy't ea (te witten: yn 1988) de Iepen 1000 Yard Sjitwedstryd fan it Amerikaansk Marinierskorps wûn hat. As detektive is Reacher tige geskikt, mei't er in sterk logysk riddenearringsfermogen hat, wêrmei't er goed misdriuwen oplosse kin.

Akteur Tom Cruise spile de rol fan Jack Reacher yn twa films.
Akteur Alan Ritchson spile de rol fan Jack Reacher yn 'e tillefyzjesearje oer it personaazje.
Sjoch: Jack Reacher (romansearje) foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

Behalven yn 'e Jack Reacher-romansearje, dy't anno 2026 bestiet út 31 romans, 22 koarte ferhalen en 2 novelles, komt it personaazje Jack Reacher ek foar yn 2 films en in tillefyzjesearje.

De earste film wie Jack Reacher út 2012, dy't regissearre waard troch Christopher McQuarrie foar filmstudio Paramount Pictures. De film wie basearre op 'e roman One Shot. De titelrol waard spile troch akteur Tom Cruise, mei aktrise Rosamund Pike as syn tsjinspylster. Yn 2016 kaam in ferfolchfilm út, Jack Reacher: Never Go Back, op 'e nij by Paramount. De rezjy waard diskear dien troch Edward Zwick en de film wie basearre op 'e roman Never Go Back. Tom Cruise kroep foar in twadde kear yn 'e hûd fan Jack Reacher en syn tsjinspylster wie diskear Cobie Smulders.

It casten fan Cruise yn 'e rol fan Jack Reacher kaam in protte krityk op fan fans fan 'e Jack Reacher-romansearje. Dêrby gie it om it uterlik fan 'e haadpersoan. Reacher wurdt yn 'e boeken omskreaun as in bear fan in fint mei in lingte fan 1.96 m, wylst Cruise mar in relatyf lyts mantsje is mei in lingte fan 1.70 m. Skriuwer Lee Child ferdigene de kar foar Cruise mei de wurden: "Reacher syn grutte is yn 'e boeken in metafoar foar ûntsjinkearbere krêft, en Cruise portretearret dat op syn eigen manear." Doe't yn 2022 foar de streamingtsjinst Amazon Prime in tillefyzjesearje op basis fan 'e romansearje makke waard, mei as titel Reacher, waard de titelrol lykwols ferjûn oan Alan Ritchson, in akteur dy't better foldie oan it yn 'e boeken omskreaune uterlik fan Jack Reacher.

Guon literatuerkritisy beskôgje de Jack Reacher-boeken as neo-westerns, om't se in protte oerienkomsten sjogge mei it westernsjenre: in frjemdling arrivearret yn in plak dêr't swierrichheden binne; hy brûkt grou geweld om 'e swierrichheden op te lossen en set dan wer ôf, de ûndergeande sinne yn 'e mjitte. De Kanadeeske sjoernalist Malcolm Gladwell tekene dêrby yn 2015 yn in artikel yn it tydskrift The New Yorker oan dat Reacher him net like earfol hâldt en draacht as in tradisjonele westernheld. Mar in ferliking mei in protagonist út in refizjonistyske western giet grif wol op.

Oare kritisy hawwe de finger lein op ferskate ûnoannimlikheden en inoar tsjinsprekkende eleminten yn it hâlden en dragen fan Reacher. Sa skreau Kevin Nance yn 2012 yn The Washington Post: "De ûnwierskynlikheden en planute ûnmooglikheden steapelje har op. Mei't er altyd sunich is [...], reizget Reacher benammen troch te liftsjen [...], ek al is dy praktyk krekt sa modern as bellbottombroeken, en ek al sjocht er derút [...] as in gorilla. [...] Hoewol't er graach allinnich wêze mei en nea gelokkiger is as wannear't er [...] stilwei yn in kafetaria sit mei in kop swarte kofje en in stik taart, hat er in hast wol boppenatuerlik fermogen om yn 'e aaklikste swierrichheden te reitsjen, dy't frijwol nea wat mei himsels út te stean hawwe."

Freelance sjoernalist Michael Cavacini wie it yn 2014 mei dat lêste punt iens. Neffens him wie it yn normale detektiveromans sa dat de detektive in misdriuw oploste om't dat syn wurk wie en hy der dus omreden fan syn baan by helle waard. Mar Reacher hie neffens him gjin inkele formele reden om him earne mei te bemuoien, wylst er dochs op 'e iene of oare wize "altyd yn in sitewaasje belânet dêr't wat ferkeard giet, wêrnei't hy it wer goedmeitsje moat." Neffens de foaroansteande detektivefiksjeredakteur Otto Penzler wjerspegelet it karakter fan Reacher mear de hoaske omdoarmjende ridder út 'e Midsiuwske ridderromans, ynstee fan hoe't er faak sjoen wurdt, ntl. as in antyheld dy't tramtearre wurdt troch in ferslaving oan adrenaline en misdragings út it ferline.

Auteur Lee Child reägearre op 'e krityk fan oaren op Jack Reacher mei de folgjende wurden: "[Reacher is in] soargeleaze keardel. Hy hat syn grillen en swierrichheden, mar wêr't it om giet is: hy wit net dat er se hat. Sadwaande jout er him net oer oan ferfelend selsbegrutsjen. Hy is fernimstich en sterk, in yntroverte man, mar lykfol hokker mentale pine oft er ek mar hat, wurdt feroarsake troch oaren."

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.