Jack Reacher (film)
| Jack Reacher | ||
| (Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
| makkers | ||
| regisseur | Christopher McQuarrie | |
| produsint | Tom Cruise Don Granger Paula Wagner Gary Levinsohn | |
| senario | Christopher McQuarrie | |
| basearre op | One Shot fan Lee Child | |
| kamerarezjy | Caleb Deschanel | |
| muzyk | Joe Kraemer | |
| filmstudio | Paramount Pictures Skydance Productions TC Productions | |
| distribúsje | Paramount Pictures | |
| spilers | ||
| haadrollen | Tom Cruise Rosamund Pike | |
| byrollen | Jai Courney Robert Duvall Richard Jenkins David Oyelowo Werner Herzog | |
| skaaimerken | ||
| lân/lannen | ||
| premiêre | 10 desimber 2012 | |
| foarm | langspylfilm | |
| sjenre | aksjeskriller | |
| taal | Ingelsk | |
| spyltiid | 130 minuten | |
| budget en resultaten | ||
| budget | $60 miljoen | |
| opbringst | $218,3 miljoen | |
| filmsearje | ||
| filmsearje | Jack Reacher | |
| ● folgjend diel | Jack Reacher: Never Go Back | |
Jack Reacher is in Amerikaanske aksjeskrillerfilm út 2012 ûnder rezjy fan Christopher McQuarrie, mei yn 'e haadrollen Tom Cruise en Rosamund Pike. De titel ferwiist nei de haadpersoan. De film waard basearre op 'e roman One Shot, in diel út 'e Jack Reacher-romansearje fan auteur Lee Child. It ferhaal giet oer in sjitpartij, wêrby't troch in slûpskutter fiif willekeurige persoanen deamakke wurde. James Barr, in eardere skerpskutter fan it Amerikaanske Leger, wurdt foar de skanddie oppakt om't alle bewiismateriaal yn syn rjochting wiist. It liket in ynkopperke foar de plysje en de ofsier fan justysje. Barr syn abbekate freget lykwols Jack Reacher, in eardere majoar by de Amerikaanske Militêre Plysje, om 'e boel foar har nei te rinnen. Reacher fielt dêr net folle foar, mei't de saak foar him ek dúdlik liket, en om't er boppedat wit dat Barr soks alris earder útheefd hat. Mar as immen besiket Reacher út te skeakeljen, komt er ta de konklúzje dat der mear oan 'e hân wêze moat as dat er tocht hie. Fan 'e filmkritisy krige Jack Reacher oer it algemien positive resinsjes en yn 'e bioskopen wie de film ek kommersjeel súksesfol. Dêrom waard der in ferfolch makke, dat yn 2016 útbrocht waard ûnder de titel Jack Reacher: Never Go Back.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op in sinneskyndei yn Pittsburgh, yn it westen fan 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, riidt in man in ûnopfallend wyt bestelbuske yn in parkeargaraazje oan 'e rivier de Allegheny. Hy docht in kwartsje yn 'e parkearmeter, hellet in gewear mei in fizier foar 't ljocht en sjit yn it North Shore Riverfront Park, oare kant de rivier, fiif skynber willekeurige minsken dea. Dêrnei makket er him yn it buske út 'e fuotten foar't de plysje de omkriten fan 'e sjitpartij ôfslute kin.
Resjersjeur Calvin Emerson fan it Pittsburgh Police Department kriget de lieding oer it ûndersyk nei de skanddie. Hy fynt yn 'e parkeargaraazje in patroanhúl werom dy't yn in ôffierputsje rôle is, en hellet it kwartsje út 'e parkearmeter, dêr't in kreaze fingerôfdruk op stiet. Oan 'e hân fan dy fingerôfdruk wurdt de dieder yn rekôrtiid identifisearre: it giet om James Barr, in feteraan út 'e Irakoarloch dy't as skerpskutter yn it Amerikaanske Leger tsjinne hat. Wannear't de plysje hûssiking by him docht, treffe se dêr it wite bestelbuske yn 'e garaazje oan en it moardwapen yn 'e hûs. Barr sels leit ûnder ynfloed fan slieppillen bewusteleas op bêd en kin sûnder lykfol hokker swierrichheden yn 'e boeiens slein wurde.
Letter, as er wer by sûpe en stút is, wurdt Barr yngeand ûnderfrege troch Emerson en ofsier fan justysje Alex Rodin. Dy beiden lizze him de kar foar tusken in libbenslange finzenisstraf as er bekent, of de deastraf as er in bekentenis wegeret. Want Rodin hat noch nea in rjochtsaak ferlern (in prestaasje dy't er tanket oan it feit dat er inkeld maklike saken foar de rjochter bringt), en sûnder bekentenis sil er perfoarst de deastraf easkje. Barr wegeret de mûle iepen te dwaan, en as er in skriuwblok en in pin yn 'e hannen drukt kriget om syn bekentenis op papier te setten, skriuwt er inkeld op: "Helje Jack Reacher derby".
Yn 'e waan dat it om in tsjûge giet dy't Barr frijpleitsje kin, docht Emerson ûndersyk nei lju mei dy namme. Hy rapportearret letter oan Rodin dat Jack Reacher in majoar b.tsj. fan it Militêr Plysjekorps fan it Amerikaanske Leger is, dy't sûnt syn earfol ûntslach út 'e lânmacht as omrinner sûnder fêst wen- of ferbliuwplak troch de Feriene Steaten doarmet. Emerson hat noch net it begjin fan in idee hoe't er de man opspoare moat. Mar dat probleem lost himsels op as Reacher suver op datseldichste stuit by harren foar de doar stiet. Hy hat yn in bar op 'e tillefyzje op it nijs sjoen dat Barr oppakt is foar de moard op fiif minsken yn Pittsburgh, en is sadwaande út eigen beweging dy kant út kommen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Reacher makket koarte metten mei de yllúzje dat er in tsjûge is dy't Barr frijpleitsje kin, en hy is ek beslist gjin freon fan Barr. It bliuwt foar Emerson en Rodin dizenich wat hy dan wól mei de saak te krijen hat en wêrom't Barr om him frege hat. Reacher wol graach it bewiismateriaal tsjin Barr ynsjen, mar dat fersyk wurdt ôfwiisd. Dan freget er om Barr sels sjen te meien, en dêrop nimme Emerson en Rodin him mei nei it sikehûs, dêr't Barr ûnderwilens yn koma leit nei't er troch in groepke mei-finzenen swier mishannele is wylst de sipiers goedkarrend taseagen. Reacher komt mei syn besyk oan it sikehûs sadwaande neat fierder. Ear't Emerson en Rodin him oer syn rol yn 'e saak ûnderstean kinne, komt der hommels in ein oan harren moeting wannear't de abbekate fan Barr arrivearret, dy't der lucht fan krigen hat dat de ofsier fan justysje immen by har kliïnt brocht hat, wat er hielendal net dwaan mei sûnder dat sy derby is. In bykommende, persoanlike faktor yn it konflikt is dat de abbekate Helen Rodin is, de dochter fan 'e ofsier fan justysje.
It is Helen ek net dúdlik wat Reacher by de saak út te stean hat. Mar syn steat fan tsjinst as resjersjeur by de militêre plysje is sûnder lek of brek, dat se besiket him foar har karke te spannen, dat er har helpt om Barr út 'e deadesel te hâlden. Reacher fertelt har lykwols dat hy gjin freon fan Barr is en dat er der alhiel gjin belang by hat om Barr frij te pleitsjen of him sels mar te rêden fan 'e deastraf. Helen wiist der lykwols op dat Reacher, as er foar har as offisjeel ûndersiker wurkje soe, alle bewiismateriaal yn 'e saak ynsjen kinne soe. Reacher beart dat it him safolle net skele kin, mar syn nijsgjirrigens wurdt him oermânsk en úteinlik stimt er mei har foarstel yn. Syn betingst is dat Helen mei de djipdrôven fan 'e fiif slachtoffers prate moat om ta har trochkringe te litten wat har kliïnt oanrjochte hat. Sy docht dat mei tsjinnichheid.
Neitiid fertelt Reacher oan Helen hoe't hy en Barr inoar kenne. Neffens him binne der fjouwer soarten lju dy't frijwillich tsjinst nimme yn it leger: guon dogge it om't it in famyljetradysje is, guon dogge it út heitelânsleafde, guon sykje gewoan betelle wurk, en inkelen sykje in legale manear om oare minsken te fermoardzjen. Barr hearde ta dy lêste kategory. Hy koe al goed sjitte foar't er yn tsjinst gie en learde dêr yn training noch gâns by. As skerpskutter longere er derop om minsken om te bringen, mar doe't er útstjoerd waard nei Irak, waard er dêr ynset as wachtpost fan in legerbasis, en nea ek mar ien kear die him in kâns foar om ien dea sjitten. Doe't syn tsjinst der sawat op siet, teach er der dêrom sels op út om willekeurige lju dea te sjitten. Dat dat fjouwer Amerikaanske hierlingen wiene, yn 'e tsjinst by in bedriuw dat befeiligingstaken foar it Amerikaanske Leger útfierde, wie folslein tafal.
De militêre plysje die ûndersyk nei de sjitpartij en Reacher krige de lieding. Barr hie syn eigen spoaren goed útwiske, mar Reacher wist him dochs te finen. De hierlingen blieken lykwols krekt in wykein frij hân te hawwen, dat se trochbrocht hiene mei harren dierberste leafhawwerij: it ferkrêftsjen fan Iraakske froulju, oant in famke fan alve jier ta. Wat djipper Reacher groef, wat mear de saak begûn te stjonken. It wiene de neidagen fan 'e Amerikaanske ferovering fan Irak; eltsenien woe nei hûs en net ien dy't op sa'n skandaal siet te wachtsjen. Dêrom waard fan hegerhân besletten dat Reacher wol hohâlde koe. De moard op 'e hierlingen waard offisjeel ôfdien as in fersetsdie fan Iraakske opstannelingen en Barr waard net ferfolge. Mar Reacher naam him apart en fertelde him dat as er ea nochris soks útheefde, hy him wer opspoare soe en dat er him dan kroandea meitsje soe. Helen freget wêrom't Barr dan no om Reacher frege hat, en it antwurd op dy fraach moat Reacher har skuldich bliuwe.
Wannear't Reacher it bewiismateriaal yn 'e saak tsjin Barr neirint, kin er der mar net oer út dat immen dy't fan doel is en mean samar in kloft minsken del, de muoite nimt om in kwartsje yn syn parkearmeter te dwaan. Hy fernimt dêrnei by Emerson, dy't it hâldt op 'e macht der gewoante. Reacher tinkt der sines fan en ûntdekt boppedat noch ferskate oare dingen dy't net doge. Sa skeat Barr út 'e parkeargaraazje wei yn 'e sinne op, wylst er itselde sjitfjild bestrike kinnen hie fan 'e flechstripe op 'e Fort Duquesne-brêge ôf, dêr't er de sinne yn 'e rêch hân hawwe soe en dêr't er boppedat syn buske net iens út hoegd hie te kommen. Dat betsjut: gjin efterlitten patroanhulen, gjin kâns dat immen him werkenne kinne soe en gjin kwartsjes yn parkearmeters. Reacher begrypt net wêrom't Barr it himsels sa dreech makke hat.
Dy jûns giet Reacher nei in pleatslike bar, dêr't er yt. Hy wurdt oansprutsen troch Sandy, in kreas jong frommeske dat mei him besiket oan te papkjen, mar hy hat dêr gjin belangstelling foar. As in opmerking fan him troch har moedwillich ferkeard útlein wurdt, as soed er har foar "hoer" útmakke hawwe, ferskine ynienen fiif gewante keardels dy't har "bruorren" sizze te wêzen en Reacher útdaagje ta in gejocht. Wannear't delbêdzjende wurden net helpe, giet er mei harren nei bûten ta, dêr't er handich mei de skynbere oermacht ôfweeft. De slaanderij is alsa suver foarby ear't er begûn is, mar dochs arrivearret de plysje noch op 'e tiid om Reacher te arrestearjen.
Wannear't in yrritearre Helen him letter op it plysjeburo op boarchtocht frijkriget, skokt Reacher har troch ynienen te ferklearjen dat Barr ûnskuldich is. Hy makket har dielgenoat fan al syn eardere twifels, mar wat foar him de trochslach jout, is de fjochtpartij by de bar. Dy wie dúdlik ôfpraat wurk. It fanke wist al wa't er wie doe't se him foar it earst oanspriek, en doe't er himsels foarstelde ûnder in oare namme as Jack Reacher, wie se der dúdlik eefkes ôf. De oanlieding foar de slaanderij wie healwiis en dat dy yn uterlik tige ferskillende keardels har bruorren wêze soene, is te bespotlik om wurden oan smoarch te meitsjen. En de plysje wie al rom yn 't foar ynseind, oars hie dy nea sa gau arrivearje kinnen. Reacher syn konklúzje is dat syn belangstelling foar de saak guon lju blykber tige senuweftich makket. En dat betsjut dat Barr in sûndebok is, wylst de wiere dieder noch op frije fuotten is.
De fraach is dan fansels wêrom't der ferlet wie fan in sûndebok. Reacher freget Helen om him mear oer de slachtoffers te fertellen. Dat binne in sakeman yn syn middeljierren, in húsfrou yn har middeljierren, in allinnichsteande mem fan Latino-komôf, in bernefamke fan yn 'e tweintich mei in lytse famke op 'e earm en in widdo dy't koartby troch it ferstjerren fan har man de eigneresse fan in boubedriuw wurden is. Reacher syn teory is dat der by dizze moard eins mar ien doelwyt wie, en dat de oare fjouwer slachtoffers poer en allinne fermoarde binne by wize fan kamûflaazje fan it wiere doelwyt. Want by in sinleaze massamoard docht nimmen mear ûndersyk nei it motyf. Neffens Reacher wie it wiere doelwyt Oline Archer, de eigneresse fan it boubedriuw. Hy drukt Helen op it hert om foarsichtich te wêzen, mei't de wiere dieder of dieders blykber oer liken geane. As sy der blyk fan jaan soe dat se harren op it spoar is, soe sysels ek kandidaat wurde om fermoarde te wurden. Helen hat muoite om dat te leauwen en giet nei it stedhûs ta om dêr yn 'e argiven neifraach nei it boubedriuw fan Oline Archer te dwaan.
Underwilens is Reacher fan doel om in sjitbaan yn Ohio te besykjen, dêr't Barr syn sjitoefenings die. Wannear't er yn tarieding op dat reiske earst weromgiet nei syn motel, blykt dêr krekt it stoflik omskot fan Sandy oantroffen te wêzen, it frommeske fan 'e slaanderij. Resjersjeur Emerson hat de lieding oer it ûndersyk en sjocht Reacher as syn haadfertochte: in omrinner sûnder fêst wenplak dy't earder gedoente mei it slachtoffer hân hat. Reacher, dy't de echte moardner gewaar wurdt, set de efterfolging yn, mar wurdt sels efterfolge troch de plysje. Dêrtroch wit de echte moardner fuort te kommen, mar Reacher ûntkomt sels ek oan 'e plysje. Hy hat him no fêstbiten yn 'e saak en wegeret op te jaan. Hy giet dêrom dochs noch nei Ohio, dêr't er yn 'e kunde komt mei Martin Cash, in opperwachtmaster b.tsj. fan it Amerikaanske Marinierskorps, dy't de eigner fan 'e sjitbaan is.
Nei it útoefenjen fan beskate druk lit Cash him de treflike sjitresultaten fan Barr sjen. Reacher, dy't út syn ûndersyk yn Irak wei bekend is mei it sjitfermogen fan Barr, stelt fêst dat dy op 'e bêste dei fan syn libben noch net sa goed sjitte kinne soe. Hy suggerearret dat mei de sjitskiifpapierfellen knoeid is, in deasûnde yn 'e sjitsport. Cash is poerlulk oer dy beskuldiging, mar Reacher freget him oft Barr wolris in maat meinaam. Dat is yndie sa, mar wêrom, wol Cash witte, soe in maat soks dwaan? Reacher antwurdet dat it miskien gjin echte maat wie, mar ien dy't Barr deryn lúzje woe. Want as de plysje ea de sjitbaan besocht hawwe soe (wat se net dien hawwe), soene de sjitresultaten fan Barr befêstige hawwe dat de man maklik de dieder fan 'e sjitpartij yn Pittsburgh wêze kinne soe.
Underwilens besiket Helen Rodin yn Pittsburgh har heit, de ofsier fan justysje, te oertsjûgjen fan 'e teory fan Reacher en harsels. Troch de argyfstikken fan it boubedriuw fan Oline Archer wit se no dat sy op it punt stie har bedriuw te ferkeapjen, mar doe ynienen fan gedachten feroare om't har man der syn hiele libben foar bodde hie. De ôfstegere keaper is in boubedriuw dat as front foar de Russyske maffia tsjinne, en dat deryn spesjalisearre is om brêgen te bouwen dêr't nimmen ferlet fan hat en wegen oan te lizzen dy't nearne hinne geane, allegearre mei oerheidsjild wêrfan't it meastepart efteroer drukt wurdt. Har heit mient dat Helen net goed doocht en wegeret har te helpen. Underweis nei de útgong fan it gebou wurdt se yn 'e lift troch resjersjeur Emerson útskeakele mei in streamstjitwapen. As se wer by bewustwêzen komt, wurdt se fêstholden yn in kantoarkeet by in ferlitten myn troch Emerson, skerpskutter "Charlie" (de wiere dieder fan 'e sjitpartij), en de opdrachtjouwer fan 'e massamoard, "Zek Tsjelovek", in Russyske krimineel dy't foarme is yn 'e Sovjet-gûlags fan Sibearje. Charlie skillet Reacher op mei de mobile tillefoan fan Helen en besiket de gizeling fan Helen as drukmiddel te brûken om Reacher nei de myn ta te lokjen. Mar Reacher seit: "Ik bin in omrinner sûnder bannen, hâld dy abbekate mar, ik fyn myn eigen wei wol."
Dat is fansels mar sabeare. Yn it echt freget Reacher Cash om help, dy't delkomt mei syn eigen skerpskuttersgewear. Mei help fan Cash kringt Reacher it terrein fan 'e myn binnen, dêr't er de trewanten fan Charlie en Tsjelovek op metoadyske wize ien foar ien deamakket. De lêste fan harren is Charlie sels. Yn it kantoar fan 'e myn, dêr't Helen fêstholden wurdt, besiket Emerson har as minsklik skyld te brûken, mar Reacher is sels ek in skerpskutter en sjit de korrupte plysjeman dea mei in kûgel dy't roerdelings by Hellen har holle lâns giet. Tsjelovek biedt gjin ferset en jout him oer. Wylst Helen de plysje skillet, hat Reacher in petear mei Tsjelovek. De Rus seit in finzenis yn 'e Feriene Steaten as in fakânsjebestimming te beskôgjen nei syn ferbliuw yn Sibearje, mar hy wiist der ek op dat er nei alle gedachten nea de binnenkant fan sa'n finzenis sjen sil. Want wa sille de autoriteiten leauwe: in bekende sakeman mei hege konneksjes, of in omrinner dy't krekt in plysjeman deasketten hat? Dêrmei hat er krekt wat tefolle praatsjes, want hy oertsjûget Reacher fan syn gelyk. Dyselde pakt dêrop syn pistoal en sjit Tsjelovek, ta ûntsteltenis fan Helen, koeltsjes troch de holle.
As Barr bykomt út koma, fertelt er Helen dat er gjin oantinken oan 'e massamoard hat, mar dat er it grif dien hawwe moat, mei't er alris earder soks útheefd hat. Helen befreget him oer de metoade dy't er brûkt hawwe soe as er soks dwaan woe, en Barr antwurdet dat er syn buske dan op 'e Fort Duquesne-brêge stilsette soe en út 'e laadromte wei sjitte soe, krekt sa't Reacher earder al sein hie. De beroufolle Barr is ree om 'e ferantwurdlikheid foar de moarden en teffens de bestraffing op him te nimmen, mar Helen bewissiget him derfan dat er it net dien hat en dat er frijsprutsen wurde sil. Underwilens is Reacher mei de bus alwer ûnderweis nei in oare, ûnbekende bestimming. As er heart hoe't in oare passazjier syn faam útskelt en slacht, komt er fan syn plak om regaad te meitsjen.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


- haadrollen
| personaazje | akteur/aktrise |
| majoar b.tsj. Jack Reacher | Tom Cruise |
| Helen Rodin | Rosamund Pike |
- byrollen
| personaazje | akteur/aktrise |
| "Charlie" | Jai Courney |
| opperwachtmaster b.tsj. Martin Cash | Robert Duvall |
| ofsier fan justysje Alex Rodin | Richard Jenkins |
| resjersjeur Calvin Emerson | David Oyelowo |
| "Zek Tsjelovek" | Werner Herzog |
| soldaat b.tsj. James Barr | Joseph Sikora |
| Linsky | Michael Raymond-James |
| Jeb Oliver | Josh Helman |
| Sandy | Alexia Fast |
| Rob Farrior | James Martin Kelly |
| Nancy Holt | Nicole Forrester |
| Wesley | Scott Andrew Martin |
| brigadier op plysjeburo | Lee Child (cameo) |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der waard al besocht om ta in ferfilming te kommen fan 'e Jack Reacher-romansearje fan 'e Britske skriuwer Lee Child sûnt it earste diel, Killing Floor yn 1997 útkaam. Nei't earst PolyGram Filmed Entertainment in opsje op 'e filmrjochten nommen hie, en letter New Line Cinema, kamen de filmrjochten yn 2005 yn 'e hannen fan Paramount Pictures en Cruise/Wagner Productions fan filmstjer Tom Cruise. Dêrnei waard senarioskriuwer Josh Olson ynhierd om in skript te skriuwen op basis fan 'e (doe) meast resinte roman oer it personaazje Jack Reacher, One Shot, út 2005.

Yn july 2010 waard Christopher McQuarrie, dy't yn 2008 mei Cruise gearwurke hie oan 'e histoaryske oarlochsfilm Valkyrie, oanlutsen om 'e film te regissearjen. McQuarrie werskreau it senario fan Olson folslein. As produsinten wiene Cruise, Don Granger, Paula Wagner en Gary Levinsohn by it projekt belutsen foar de filmstudio's Paramount Pictures, Skydance Productions en TC Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $60 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Caleb Deschanel, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Joe Kraemer.
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen foar Jack Reacher setten yn oktober 2011 útein en duorren oant yn jannewaris 2012. Der waard foar it meastepart filme op lokaasje yn Pittsburgh en it omlizzende Allegheny County. Filmlokaasjes yn 'e stêd wiene û.o. it Strip District, it North Shore Riverfront Park en de Fort Duquesne-brêge. Yn Allegheny County waard filme yn Sewickley, Monroeville en op it plattelân fan Robinson Township. De klimaktyske sênes by de myn waarden filme yn 'e neite fan Saltsburg. Sa't foar him gebrûklik is, die haadrolspiler Tom Cruise frijwol alle stunts yn 'e film sels, it bestjoeren fan 'e auto yn lange efterfolgingssêne yn Pittsburgh ynbegrepen.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Jack Reacher waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 10 desimber 2012 yn Londen yn premiêre, en iepene dêrnei op 21 desimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum, mei muzyk dy't spile waard troch de Hollywood Studio Symphony, ferskynde op 18 desimber by platemaatskippij La-La Land Records. Jack Reacher waard op 19 maart 2013 útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Jack Reacher oer it algemien positive resinsjes. Sa skreau Todd McCarthy fan The Hollywood Reporter: "Tom Cruise lit sjen wat er kin as de mysterieuze held Jack Reacher einlik it wite doek berikt." Yn it tydskrift Rolling Stone woe Peter Travers hawwe: "Dit is Cruise syn film. En hy docht it poerbêst. De pantintearre glimk is fuort en ferfongen troch in fronseljen, en dat makket Jack Reacher ta in tsjustere en tûzelsinnich meitsjende rit nei in nije soarte fan hel."
Kritisy dy't negative resinsjes skreaune, fûnen de film lykwols faak dochs ûnderhâldend. Sa neamde Peter Bradshaw fan 'e Britske krante The Guardian Jack Reacher "freeslik mar ûnderhâldend". Yn Entertainment Weekly skreau Lisa Schwarzbaum dat de film op sawol fisueel mêd as wat de dialooch oanbelange, foltroppe wie mei klisjees. Dêrnjonken fûn se it "ûnfermogen" fan 'e film om Jack Reacher as in orizjineel personaazje del te setten "ferbjusterjend". Krekt as in protte fans fan 'e Jack Reacher-romansearje wie Peter Debruge fan it blêd Variety kritysk oer it casten fan 'e garismatyske Tom Cruise, dat mar in lyts mantsje is, yn 'e rol fan 'e noartske Jack Reacher, dy't yn 'e boeken omskreaun wurdt as in bear fan in keardel. Hy woe hawwe, de rol hie goed past by Arnold Schwarzenegger of Sylvester Stallone yn harren heechtijdagen, mar moast op ûnkomfortabele wize oprutsen wurde om Cruise te skewielen.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Jack Reacher in goedkarringspersintaazje fan 64%, basearre op 181 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] is in boppegemiddelde misdieskriller, mei in glêd garismatyske aktearprestaasje fan Tom Cruise." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Jack Reacher in goedkarringspersintaazje fan 50%, basearre op 36 resinsjes.

Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jack Reacher brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $80,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $138,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $218,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $60 miljoen betsjut dat in winst fan $158,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Ferfolchfilm
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't Jack Reacher oarspronklik bedoeld wie as opset foar in langere filmsearje, waard yn 't earstoan sein dat in ferfolchfilm ûnwierskynlik wie om't de film it yn 'e bioskopen yn Noard-Amearika sa teloarstellend dien hie. (Amerikaanske filmstudio's sjogge inkeld nei de prestaasjes fan films yn eigen lân; goede resultaten yn oare dielen fan 'e wrâld binne moai meinommen, mar wurde ornaris as yrrelevant beskôge by it besluten ta it meitsjen fan in ferfolch.) Uteinlik waard lykwols dochs besletten it nochris te prebearjen. It ferfolch wie basearre op 'e Jack Reacher-roman Never Go Back, en krige de titel Jack Reacher: Never Go Back. De film, dy't útkaam yn 2016, waard regissearre troch Edward Zwick, mei Tom Cruise en Cobie Smulders yn 'e haadrollen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske aksjefilm
- Amerikaanske skrillerfilm
- Aksjeskrillerfilm
- Ingelsktalige film
- Film fan Skydance Media
- Film fan Paramount Pictures
- Film fan Christopher McQuarrie
- Film út 2012
- Film oer in skerpskutter of slûpskutter
- Film oer moard
- Film oer in plysjeman
- Film oer in feteraan
- Film oer in omrinner
- Film oer in abbekaat
- Film oer de Irakoarloch
- Film oer de Russyske maffia
- Film oer in gizeling
- Film basearre op in literêr wurk