Springe nei ynhâld

Jack Reacher: Never Go Back

Ut Wikipedy
Jack Reacher: Never Go Back
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurEdward Zwick
produsintTom Cruise
Don Granger
Christopher McQuarrie
senarioRichard Wenk
Edward Zwick
Marshall Herskovitz
basearre opNever Go Back fan Lee Child
kamerarezjyOliver Wood
muzykHenry Jackman
filmstudioParamount Pictures
Skydance Media
TC Productions
distribúsjeParamount Pictures
spilers
haadrollenTom Cruise
Cobie Smulders
byrollenDanika Yarosh
Patrick Heusinger
Holt McCallany
Aldis Hodge
Robert Knepper
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre16 oktober 2016
foarmlangspylfilm
sjenreaksjeskriller
taalIngelsk
spyltiid118 minuten
budget en resultaten
budget$60–96 miljoen
opbringst$162,0 miljoen
filmsearje
filmsearjeJack Reacher
 foarich dielJack Reacher

Jack Reacher: Never Go Back is in Amerikaanske aksjeskriller út 2016 ûnder rezjy fan Edward Zwick, mei yn 'e haadrollen Tom Cruise en Cobie Smulders. De titel betsjut "Jack Reacher: Gean Nea Werom". De film waard basearre op 'e roman Never Go Back, in diel út 'e Jack Reacher-romansearje fan Lee Child. It wie in ferfolch op Jack Reacher út 2012, in ferfilming fan in oare roman út deselde rige. It ferhaal folget Jack Reacher, in eardere majoar by de Amerikaanske Militêre Plysje, dy't no as omrinner troch de Feriene Steaten swalket en út en troch regaad makket oangeande saken dy't it deiljocht net ferdrage kinne. Wannear't majoar Susan Turner, syn opfolchster by syn âlde ienheid fan 'e Militêre Plysje, oppakt wurdt op beskuldiging fan lânferrie, begjint Reacher in eigen ûndersyk en komt er in gearspanning binnen it Amerikaanske Leger op it spoar. De filmkritisy joegen Jack Reacher: Never Go Back mingde oant negative resinsjes en yn 'e bioskopen die de film it mar sa-sa.

Jack Reacher is in omrinner dy't foarhinne as majoar it befel hie oer it 110e Bataljon fan 'e Militêre Plysje fan it Amerikaanske Leger. Yn Oklahoma helpt er de hjoeddeistige kommandant fan dy ienheid, majoar Susan Turner, om in korrupte sheriff op te pakken dy't oan it haad stiet fan in binde minskehannelers, en dy't syn kriminele praktiken útoefenet op lân fan it Amerikaanske Leger. Neitiid hâldt er út en troch kontakt mei Turner, en wannear't syn omdoarmings him lang om let werombringe nei Washington, D.C., giet er dêre nei it haadkertier fan syn âlde ienheid om har foar it earst libbensliif te moetsjen. Mar ynstee fan Turner treft er yn har kantoar in kolonel Sam Morgan oan, dy't him fertelt dat Turner arrestearre is op beskuldiging fan spionaazje en lânferrie en no yn in militêr tichthûs fêstholden wurdt yn ôfwachting fan 'e behanneling fan har saak troch de kriichsrie.

It komt Reacher allegearre nuver foar, dat hy wol Turner yn har sel besykje. Dêrta siket er kontakt mei de ofsier dy't har as abbekaat tawiisd is, kolonel Moorcroft. Dy fertelt him lykwols dat Turner yn 't foar al witte litten hat dat se yn it tichthûs net troch Reacher besocht wurde wol. Wannear't Reacher dêr fierder op ynfreget, lit Moorcroft him (Reacher) syn dossier sjen, dêr't yn stiet dat in Candice Dutton him oanklage hat foar it feit dat er nea alimintaasje betelle hat foar it ûnderhâld fan it bern dat er by har oanset hat. It giet om har dochter Samantha, dy't ûnderwilens fyftjin jier is en yn in pleechgesin wennet om't Candice sels in junk is dy't troch har ferslaving yn 'e prostitúsje bedarre is. Dat Reacher sa'n frommeske mei in bern sitte litten hat, soe Turner sà fan him ôffallen wêze, dat se fierder gjin gedoente mear mei him hawwe wol.

De namme 'Candice Dutton' seit Reacher neat, mar hy hat yn syn libben gauris in onenightstand hân, dat hy kin net útslute dat er yndie mei it frommes op bêd west hat en in dochter by har oanset hat. Hy ûntfrjemdet de foto fan it fanke dat syn dochter wêze soe út it dossier ear't er dat weromjout oan Moorcroft. Hy ûnderstiet de kolonel ek oer de beskuldigings tsjin Turner, dy't lykje te draaien om 'e dea fan twa militêre plysjes yn Afganistan, dêr't se troch Turner hinne stjoerd wiene om ûndersyk te dwaan. It ferhaal is dat Turner ynformaasje ferkocht hat oan 'e Taliban, de islamistyske Afgaanske opstannelingen dêr't it Amerikaanske Leger tsjin fjochtet, en dat se har eigen minsken troch de Taliban fermoardzje litten hat doe't se lucht krigen fan har ferrie. Reacher, dy't Turner sa stadichoan al in bytsje ken, leaut dêr neat oan, en fiteret Moorcroft, yn wa't er in útbluste âld abbekaat werom ken, oan om better syn wurk te dwaan. Neitiid siket Reacher kontakt mei Samantha Dutton, syn saneamde dochter, mar sy stegeret him ôf. Harren moeting wurdt fan op ôfstân fotografearre troch immen dy't Reacher ûngemurken folge is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Moorcroft knopet himsels de wurden fan Reacher yn 'e earen, en begjint him mear te hâlden en dragen sa't it in abbekaat betammet. Mar syn lakse hâlding wie no krekt wêrom't him de saak fan Turner taskood wie. As er begjint te graven en saken opdjippet dy't it deiljocht net ferdrage kinne, wurdt er dy jûns deaslein troch 'de Jager', in eardere kommando fan it Amerikaanske Leger dy't no as hierling wurket. Reacher bejout him de oare deis sûnder euvelmoed wer nei kolonel Morgan, mar dy lit him fuortendaliks arrestearje, mei't hy derfan fertocht wurdt Moorcroft deade te hawwen. Reacher wurdt troch kaptein Espin, in eardere ûnderhearrige fan himsels dy't net folle nostalgy fielt foar syn âlde kommandant, nei itselde militêre tichthûs ta brocht dêr't ek Turner fêstholden wurdt. Reacher ornearret dat as Moorcroft fermoarde is om't er tefolle wist, Turner ek fermoarde wurde moat. Wylst er nei syn sel laat wurdt, identifisearret er in pear hiermoardners dy't de momkape oannommen hawwe fan sipiers fan in finzenetransport. Se wurde nei Turner har sel brocht, sabeare om't sy oerpleatst wurde moat. Reacher slacht Espin del, stelt syn unifoarmjaske by wize fan eigen momkape, hastiget him nei Turner har sel en weeft dêr mei de beide hiermoardners ôf ear't hy en Turner maskerearjend as in sipier dy't in finzene fuortbringt út it tichthûs ûntsnappe.

De beide fuortflechtigen bejouwe har nei de wente fan 'e korrupte kolonel Morgan, fan wa't se in dossier en oare gefoelige ynformaasje oer Turner stelle. By dy ynformaasje sitte ek de foto's dy't mei in telelins út 'e fierte wei makke binne fan 'e flechtige moeting dy't Reacher mei Samantha Dutton hân hat. Hy beseft dat it neat útmakket oft it fanke echt syn dochter is of net, om't syn mysterieuze fijannen har hoe dan ek tsjin him besykje sille te brûken. Nei't Reacher en Turner ôfset binne, ferskynt de Jager by Morgan, dy't him deaslacht en it op 'e nij lykje lit as is Reacher de dieder. Underwilens arrivearje Reacher en Turner by it wenadres fan Samantha, dêr't se har pleechâlden deasketten oantreffe en Samantha sels op in sideplak dêr't se troch de Jager oer de holle sjoen is. Turner besiket it fanke ûnderdûke te litten op 'e kostskoalle dêr't sysels as teenager op siet. Samantha fynt it dêr wol moai, mar is te stoer om dat ta te jaan. Hoe dan ek, se ferrinnewearret de boel by fersin troch har mobile tillefoan te brûken, mei as gefolch dat de lju dy't it op har foarsjoen hawwe, har lokaasje trasearje kinne.

Dat betsjut dat Reacher en Turner Samantha meislepe moatte op harren syktocht nei de wierheid efter de falske beskuldigings tsjin Turner. Ut 'e papierren dy't se bútmakke hawwe by kolonel Morgan docht bliken dat in soldaat Daniel Prudhomme de lêste wie mei wa't de beide yn Afganistan omkommen militêre plysjes praten hawwe. Prudhomme is ûnderwilens ôfswaaid, dat Reacher en Turner sette mei Samantha nei syn wenplak New Orleans ta. De Jager en syn trewanten hjitfolgje harren, mar troch Reacher syn tûkens wit it trio by oankomst op 'e Ynternasjonale Lofthaven Louis Armstrong in dêr opsette fûke te ûntrinnen. Se ferdwine yn New Orleans en nimme in keamer yn in hotel yn it Frânske Kertier.

Reacher en Turner hawwe in oanfarring oer wa't de lieding hat oer harren lytse militêre operaasje, mar lizze it skeel letter by. Samantha fertelt Reacher dat se har skuldich fielt om't sy sels de driuwende krêft wie efter it oanspannen troch har mem fan 'e rjochtsaak tsjin Reacher. Har mem is no fan 'e drugs ôf en út 'e prostitúsje. Se wurket as servearster en kin mar kwealk rûnkomme, dat Samantha tocht dat de útbetelling fan wat efterstallige alimintaasje har helpe koe om op it rjochte paad te bliuwen. It probleem wie dat Candice mar in dizenich idee hie oer wa't Samantha har heit wêze koe.

Reacher spoart de frou fan Prudhomme op, dy't fertelt dat har man yn Afganistan oan 'e heroïne rekke is en no as dakleaze drugsferslaafde op 'e strjitte libbet. Reacher en Turner witte net hoe no fierder, mar Samantha giet der nachts temûk op eigen manneboet op út. Om't sy fierhinne op 'e strjitte opgroeid is, ken se de gewoanten en sprekt se "de taal" fan 'e dakleazen. Sûnder folle swierrichheden wit se it wierskynlike ferbliuwplak fan Prudhomme te efterheljen, in stikje ynformaasje dat se de oare moarns triomfantlik oerdraacht oan 'e ferstuivere Reacher en Turner.

Wylst Samantha yn it hotel in gat yn 'e dei sliept, bejouwe Reacher en Turner harren nei in leechsteand pakhûs dêr't se Prudhomme oantreffe middenmank in gruttere groep ferslaafde dakleazen. As se him ûndersteane oer de foarfallen yn Afganistan, fertelt er dat guon soldaten en ofsieren út syn ienheid behelle wiene yn kriminele aktiviteiten. Amerikaansk wapenreau dat oerstallich of efter de tiid rekke wie, en dat weromstjoerd wurde moast nei de Feriene Steaten om ferneatige te wurden, waard ynstee oerdroegen oan Parasource, in partikulêr militêr bedriuw (dat hierlingen ferhiert). Parasource ferkocht de wapens oan 'e Taliban. De militêre plysjes dy't Turner nei Afganistan ta stjoerd hie, kamen dat hanneltsje op it spoar en waarden troch de Jager fermoarde. Wannear't Reacher en Turner ûndersyk nei Parasource dogge, ûntdekke se dat it bedriuw, dat needlijend wie, de lêste moannen ynienen grutte winsten makket. Reacher is fan miening dat soks net mei de ferkeap fan ôftanke wapens ferklearre wurde kin: de sifers kloppe gewoan net.

Reacher nimt kontakt op mei kaptein Espin fan 'e Militêre Plysje, dy't ek noch altyd efter him en Turner oan sit, en dy't harren spoar nei New Orleans ta folge is. Hy besiket Prudhomme, waans tsjûgenis fan it heechste belang is, yn 'e hannen fan 'e Amerikaanske Militêre Plysje te spyljen, sadat de man beskerme wurde kin. Mar Parasource harket de mobile tillefoan fan kaptein Espin ôf. By harren moeting yn 'e haven fan New Orleans wurde Espin en Prudhomme sadwaande oerfallen troch in trio hiermoardners. Prudhomme komt om en Espin rekket licht ferwûne. Reacher grypt yn en skeakelet de hiermoardners út. Underwilens is it al wer jûn en yn it hotel is Samantha wer by sûpe en stút. Se hat ferlet fan iten, dat se brûkt de stellen creditcard dêr't Reacher en Turner harren flecht nei New Orleans mei betelle hawwe, om in bestelling te pleatsen. De creditcard is lykwols ûnderwilens bekend by Parasource en wurdt yn 'e gaten holden. Sadwaande ferriedt Samantha sûnder euvelmoed har eigen lokaasje. Generaal b.tsj. James Harkness, de algemien direkteur fan Parasource, stjoert de Jager om it fanke te fermoardzjen.

Nei de sjitpartij yn 'e haven beslút kaptein Espin dat Reacher en Turner de wierheid sprekke en ûnskuldich binne, dat hy beslút de lapen mei harren gear te smiten. Op basis fan ynformaasje fan Prudhomme stelle se fêst dat der dyselde jûns in fleantúch fan Parasource yn New Orleans oankomt, dat fol mei ôftanke Amerikaanske wapens sitte moatte soe. Turner is derfan oertsjûge dat de kisten yn it fleantúch leech wêze sille, om't de wapens troch Parasource ferkocht binne oan 'e Taliban. Dat sy, Reacher en kaptein Espin en syn militêre plysjes sette nei it fleanfjild ta dêr't it krekt arrivearre fleantúch opwachte wurdt troch generaal Harkness. Espin en Turner easkje dat se de lading checke meie, mar as de kisten iepene wurde, blike dy wol deeglik fol te sitten mei wapenreau. Turner en Espin begripe der neat fan. De smeulsk glimkjende Harkness besiket de militêre plysjes fan syn gerjochtichheid te bonsjoeren, mar dan hellet Reacher in grutte bazooka út ien fan 'e kisten en hâldt it ding rjochtop, sadat der allegear pûdsjes heroïne út rûgelje. "No klopje de sifers," seit Reacher, wylst Harkness en syn trewanten arrestearre wurde foar drugssmokkeljen en moard.

Yn it hotel is Samantha ûnderwilens de Jager en twa oare trewanten fan Harkness te fluch ôf. Se wit te ûntkommen, de drokte fan it Frânske Kertier yn. It is Halloween, en der wurdt in grutte optocht holden mei in protte prealweinen. Wylst se tusken de minskemannichte troch glûpt, wit Samantha koart Reacher te skiljen, foar't se it kontakt ferliest. Reacher en Turner hastigje har werom nei it hotel en sykje dêrwei de strjitten ôf oant se Samantha en har trije efterfolgers gewaarwurde. Reacher en Turner weve elts ôf mei ien fan 'e trewanten fan 'e Jager. Dyselde komt Samantha op 'e râne fan in dak tenei, mar Reacher springt him op 'e hûd, dat se tegearre trije ferdjippings nei ûnderen falle. De mannen binne allebeide oanslein, mar fjochtsje dochs troch en Reacher komt lang om let as de winner út 'e bus as er de Jager de nekke brekt.

Neitiid wurdt majoar Turner fan alle blaam suvere. Hja kriget it befel oer har ienheid werom. Oft Reacher, dy't har sa heal-en-heal opsykje woe om har te fersieren, syn oarspronklike doel behellet, wurdt yn it ûnwisse litten. Samantha beävensearret in moeting tusken Reacher en har mem yn in kafee. Wylst Reacher dêr noch wachtet op Candice, komt Samantha sels deryn, dy't it spul fan bûtenôf wat yn 'e rekken holden hat. Se stelt fêst dat Reacher har heit net is om't Candice de servearster is dy't him niiskrekt betsjinne hat. Net ien fan beiden koene se inoar wer. Foar sawol Reacher as Samantha blykt dat wat in teloarstelling te wêzen. Letter set Reacher it fanke ôf by de âlde kostskoalle fan Turner, dêr't se no echt hinne giet. Se nimme ôfskie troch inoar oan te krûpen, wêrby't Samantha temûk in mobile tillefoan yn 'e bûse fan Reacher stoppet. Wannear't er letter by de autosneldyk lâns rint om te liftsjen, giet de tillefoan oer. It blykt in boadskip fan Samantha te wêzen: "Mist my al?"

Tom Cruise.
Cobie Smulders.
Danika Yarosh.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
majoar b.tsj. Jack Reacher Tom Cruise
majoar Susan Turner Cobie Smulders


byrollen
personaazje akteur/aktrise      
Samantha Dutton Danika Yarosh
de Jager Patrick Heusinger
kolonel Sam Morgan Holt McCallany
kaptein Espin Aldis Hodge
generaal b.tsj. James Harkness Robert Knepper
sersjant Leach Madalyn Horcher
Daniel Prudhomme Austin Hébert
kolonel Moorcroft Robert Catrini
luitenant Sullivan Jessica Stroup
sheriff Raymond Wood Jason Douglas
helpsheriff Judd Lormand
TSA-agint Lee Child (cameo)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jack Reacher: Never Go Back wie in ferfolch op 'e film Jack Reacher út 2012. Dy earste film wie oarspronklik bedoeld as opset foar in lange filmsearje oer it personaazje fan Jack Reacher, ferlykber mei de Mission: Impossible-rige, wêryn't Tom Cruise ek de haadrol spilet. Mar troch de teloarstellende prestaasje fan Jack Reacher yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten waard koart nei it útkommen fan dy film sein dat de produksje fan in ferfolch ûnwierskynlik wie. Yn desimber 2013 makken de filmstudio's Paramount Pictures en Skydance Media lykwols bekend dat se it dochs nochris mei in film oer Jack Reacher besykje woene.

Regisseur Edward Zwick.

Jack Reacher: Never Go Back waard regissearre troch Edward Zwick nei in senario fan Richard Wenk, Marshall Herskovitz en himsels. Dat wie basearre op 'e roman Never Go Back fan Lee Child, de auteur fan 'e Jack Reacher-romansearje. As produsinten wiene haadrolspiler Tom Cruise, Don Granger en Christopher McQuarrie (dy't yn 2012 de film Jack Reacher regissearre hie) by it projekt belutsen foar de filmstudio's Paramount Pictures, Skydance Media en TC Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $60–96 miljoen, ôfhinklik fan hokker boarne men leauwe wol. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Oliver Wood, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Henry Jackman.

De opnamen foar Jack Reacher: Never Go Back setten op 20 oktober 2015 útein en duorren oant en mei 30 jannewaris 2016. Der waard op lokaasje filme yn New Orleans (û.o. yn it histoaryske Frânske Kertier), Baton Rouge, en St. Francisville, allegearre yn 'e Amerikaanske steat Louisiana. It filmprojekt ûntfong fan 'e oerheid fan dy steat grutskalige koarting op beskate belestings om it filmjen dêr oantreklik te meitsjen. Neffens de 2016 Feature Film Study fan FilmL.A. soe der $65 miljoen bestege wêze oan opnamen yn Louisiana, wêrfoar't de belutsen studio's $21 miljoen oan koarting op 'e steatsbelestings krigen.

De distribúsje fan Jack Reacher: Never Go Back waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 16 oktober 2016 yn New Orleans yn premiêre, en iepene dêrnei op 21 oktober yn 'e Amerikaanske bioskopen. Jack Reacher: Never Go Back kaam op 17 jannewaris 2017 beskikber as digitale download en waard op 31 jannewaris fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

It Frânske Kertier yn New Orleans wie ien fan 'e filmlokaasjes foar Jack Reacher: Never Go Back.

Fan 'e filmkritisy krige Jack Reacher: Never Go Back oer it algemien mingde oant negative resinsjes. Sa neamde Todd McCarthy fan it tydskrift Rolling Stone de film "in oerdúdlike stap tebek yn ferhâlding ta de earste Jack Reacher-film". Fierders hied er krityk op 'e "formulemjittige plot, aksjesênes dy't we allegearre al 'tich kearen earder sjoen hawwe, banale lokaasjes en in fierhinne anonime cast njonken de stjer, dy't dizze film de sfear fan in B-film jouwe." Yn it blêd Variety skreau Peter Debruge: "It slagget [regisseur] Zwick mar kwealk om ús adrenaline te foarskyn te kideljen, mei't er wachtet oant it klimaktyske treffen middenmank in Halloweenoptocht yn New Orleans ear't er in sênesekwinsje oanleveret dy't mei rjocht en reden as 'memorabel' omskreaun wurde kin."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Jack Reacher: Never Go Back in leech goedkarringspersintaazje fan 37%, basearre op 234 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Jack Reacher: Never Go Back is formulemjittich monotoan en de titel fan 'e film soe foar potinsjele sjoggers in warskôging wêze moatte." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Jack Reacher: Never Go Back in goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 43 resinsjes.

Jack Reacher: Never Go Back brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $58,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $103,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $162,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $96 miljoen betsjut dat in winst fan $66 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Tsjin maaie 2018 hie de film dêrnjonken al $14,5 miljoen yn 't laadsje brocht troch de ferkeap fan dvd's en blu-rays.

Tillefyzjesearje en mooglike trêde film

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de prestaasje fan Jack Reacher: Never Go Back yn 'e Amerikaanske bioskopen, dy't op 'e nij teloarstellend wie nei't de earste film it ek al net botte goed dien hie, waard besletten om in trêde diel yn 'e filmsearje foarearst mar te skrassen. Ynstee dêrfan waard troch de Amazon Studios in tillefyzjesearje makke dy't fan febrewaris 2022 te sjen wie fia de streamingtsjinst Prime Video. De searje, dy't (anno 2026) fjouwer seizoenen rûn, hiet Reacher en hie akteur Alan Ritchson yn 'e titelrol. Fierders hie Christopher McQuarrie it der yn 2020 oer dat der dochs mooglik in trêde film komme soe mei Tom Cruise yn 'e haadrol. Dêr is anno 2026 neat mear fan fernommen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.