Springe nei ynhâld

Jack Beresford

Ut Wikipedy
Jack Beresford
sporter
Jack Beresford (1920)
Jack Beresford (1920)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jack Beresford
nasjonaliteit Britsk
bertedatum 1 jannewaris 1899
berteplak Londen
stjerdatum 3 desimber 1977
stjerplak Shiplake
etnisiteit Ingelsk
sportive ynformaasje
sport Roeien
ûnderdiel Skif,
O.S. Antwerpen 1920,
Parys 1924,
Amsterdam 1928,
Los Angeles 1932,
Berlyn 1936
karriêre-ein 1940
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 3x Olympyske Spullen 1924, 1932, 1936
Sulver grut sulver 2x Olympyske Spullen 1920, 1928

Jack Beresford (Londen, 1 jannewaris 1899 - Shiplake, 3 desimber 1977) wie in Ingelsk roeier. dy’t tige suksesfol wie yn it Ynterbellum tusken de Earste en Twadde Wrâldkriich.

Jack Beresford wie de soan fan Julius Beresford, dy't in sulveren medalje wûn op de Olympyske Simmerspullen fan 1912 yn it Sweedsk Stokholm. Under syn skoaltiid wie Jack aktyf as rugbyspiler. Yn de Earste Wrâldkriich tsjinne er yn it Liverpool Scottish Regiment en rekke yn Frankryk ferwûne oan syn skonk. Hy gie werom nei Londen en learde it fak fan meubelmakker yn it fabryk fan syn heit. Hy begûn mei roeien om't de yn de kriich oprûne ferwûning oan syn skonk in ein makke hie oan syn rugbykarriêre.

Jack Beresford die fiif kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1920, 1924, 1928 , 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen trije kear Olympysk kampioen. Yn 1924 yn 'e Skif yn 1932 mei John Badcock, Hugh Edwards en Rowland George yn de fjouwer sûnder stjoerman en foar de tredde en lêste kear yn 1936 mei Leslie Southwood yn de dûbbeldtwa. Hy wûn yn 1920 yn Antwerpen in sulveren medalje yn de skif en yn 1928 yn Amsterdam mei de Grut-Brittanje acht. Beresford wie kwalifisearre foar de Olympyske Spullen fan 1940, mar dy Spullen waarden ôfsein fanwegen de Twadde Wrâldkriich.

Beresford waard yn 1946 keazen ta kommissaris fan de Henley Royal Regatta. Hy wie lid fan it organisaasjekomitee fan de Olympyske Spullen fan 1948 yn Londen.
Jack Beresford ferstoar op 3 desimber 1977, yn 'e âldens fan 78 jier.

Britske Acht 1928

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:EN