Jachtloaihoarsen
jachtloaihoarsen | ||
![]() | ||
In jachtloaihoars (Acinonyx jubatus). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | rôfdieren (Carnivora) | |
ûnderskift: | katdieren (Feliformia) | |
boppefamylje: | echte katdieren (Feloidea) | |
famylje: | kateftigen (Felidae) | |
ûnderfamylje: | lytse katten (Felinae) | |
skaai: | jachtloaihoarsen (Acinonyx) | |
Brookes, 1828 | ||
De jachtloaihoarsen (wittenskiplike namme: Acinonyx), ek: cheetahs of tsjita's, foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae). Ta dit skaai heart mar ien libbene soarte, it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus), mar teffens binne der in stikmannich fossile soarten yn ûnderbrocht.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike namme Acinonyx is in ferraning fan twa Grykske wurden: ἁκινητος (akinitos), dat "ûnbeweechlik" betsjut, en ὄνυξ (onyx), dat "neil" of "hoef" betsjut. Yn syn gehiel betsjut it dus "ûnbeweechlike neil", in ferwizing nei de klauwen fan it jachtloaihoars, dy't, oars as by oare kateftigen, net ynlutsen wurde kinne.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai fan 'e jachtloaihoarsen waard yn 1828 yntrodusearre troch de Ingelske soölooch Joshua Brookes. Yn 1993 krigen de jachtloaihoarsen har eigen ûnderfamylje binnen de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), mei as wittenskiplike namme Acinonychinae. Undersyk nei it molekulêr DNA fan 'e bisten toande yn 2005 lykwols oan dat de jachtloaihoarsen de sustergroep binne fan 'e poema's (Puma). Fan gefolgen waard de eigen ûnderfamylje doe wer ôftanke en kamen de jachtloaihoarsen wer ta de lytse katten (Felinae) te hearren.
Neiere beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De iennichste libbene soarte yn it skaai fan 'e jachtloaihoarsen is it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus), dat ek wol bekendstiet ûnder de Ingelske namme cheetah (soms ferfryske ta 'tsjita'). It jachtloaihoars is lânseigen op 'e iepen flakten fan Afrika en West- en Súd-Aazje, hoewol't it yn dy beide lêste gebieten no frijwol útstoarn is. Fierders omfiemet it skaai fan 'e jachtloaihoarsen ek ferskate fossile soarten, dy't libben fan it Let Plioseen oant it Let Pleistoseen fan Afrika, Jeropa en Aazje. De saneamde Amerikaanske jachtloaihoarsen (Miracinonyx) foarmje in selsstannich skaai binnen de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae), mar binne nettsjinsteande har namme wierskynlik nauwer besibbe oan 'e poema's (Puma) as oan 'e jachtloaihoarsen fan 'e Alde Wrâld.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
It saneamde Linxiajachtloaihoars (Acinonyx kurteni) waard yn 2009 troch Christiansen en Mazák beskreaun op basis fan in plasse út it Plioseen fan Sina. It soe it primityfste lid fan it skaai fan 'e jachtloaihoarsen west hawwe. Mar yn 2012 waard it Linxiajachtloaihoars ûnjildich as soarte, nei't oantoand wie dat it holotype (earst fûne fossyl) in ferfalsking wie, gearstald út bonkefragminten fan ferskate bisten út it Mioseen.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|