Springe nei ynhâld

Jachtloaihoars

Ut Wikipedy
jachtloaihoars
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje kateftigen (Felidae)
skaai jachtloaihoarsen (Acinonyx)
soarte
Acinonyx jubatus
Schreber, 1775
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet
     Hjoeddeistige fersprieding
     Histoaryske fersprieding

It jachtloaihoars (wittenskiplike namme: Acinonyx jubatus), ek wol de cheetah neamd (soms ferfryske ta tsjita), is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e jachtloaihoarsen (Acinonyx). Dit bist is lânseigen yn it grutste part fan Afrika en fan oarsprong ek yn West-, Súd- en Sintraal-Aazje, dêr't er no frijwol útstoarn is. It jachtloaihoars is in licht boude karnivoar, dy't ferneamd is om't er fan alle lândieren de grutste faasje berikke kin, te witten: 104 km/h. It is in deidier dat sosjaler is as de measte oare kateftigen. Troch habitatferlies, habitatfragmintearring, streuperij, konflikten mei minsken en in grutte fetberens foar sykten is it mei it jachtloaihoars yn 'e tweintichste iuw yn it neigean rekke. De IUCN klassifisearret dit bist as kwetsber, it leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid.

It wurd "jachtloaihoars" foar dit bist is ôflaat fan it feit dat it jachtloaihoars mei syn spikkelbûnte pels op it loaihoars (Panthera pardus) liket. De tafoeging "jacht-" giet derop tebek dat jachtloaihoarsen histoarysk wol nuet makke en foar de jacht (op oare bisten) brûkt waarden, benammen troch keningen en hearskers, mar ek troch oare leden fan 'e hegerein. Soks kaam yn 'e Aldheid in protte foar by de Egyptners, de Romeinen, de Arabieren en de Perzen, en yn 'e Midsiuwen en letter ek yn it Keizerryk Sina en by de Mogol-keizers fan Ynje.

De Ingelske namme cheetah (soms ferfryske ta "tsjita", mei in lange ii-klank) is in lienwurd dat oernommen is fan it Oerdû چیتا en Hindy चीता (beiden: ćītā). Dy beide talen hawwe it wurd sels wer fan it Sanskrityske चित्रय (chitra-ya), dat "skakearre", "bûnt" of "fersierd" betsjut.

In jachtloaihoars sjocht op 'e Serengeti yn Tanzania ris om him hinne.

De wittenskiplike namme fan it jachtloaihoars is Acinonyx jubatus. De skaainamme Acinonyx is in ferraning fan twa Grykske wurden: ἁκινητος (akinitos), dat "ûnbeweechlik" betsjut, en ὄνυξ (onyx), dat "neil" of "hoef" betsjut. Yn syn gehiel betsjut it dus "ûnbeweechlike neil", in ferwizing nei de klauwen fan it jachtloaihoars, dy't, oars as by oare kateftigen, net ynlutsen wurde kinne. De soartspesifike namme jubatus komt út it Latyn en betsjut "mei moannen".

It jachtloaihoars waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1777 troch de Dútske biolooch Johann Christian Daniel von Schreber. Dyselde wurke op basis fan in pels dy't him tastjoerd wie út 'e Steatske Kaapkoloanje. Hy joech it bist ynearsten de wittenskiplike namme Felis jubatus. It taksonomyske skaai Felis, dat no reservearre is foar de wylde katten, waard doedestiden nammentlik noch brûkt foar alle kateftigen. De Ingelske soölooch Joshua Brookes yntrodusearre yn 1828 it skaai fan 'e jachtloaihoarsen (Acinonyx), sadat it bist de wittenskiplike namme Acinonyx jubatus krige.

De plasse fan in jachtloaihoars.

Evolúsje en genetika

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan alle libbene kateftigen is it jachtloaihoars it naust besibbe mei de poema (Puma concolor) en de jagûarûndy (Herpailurus yagouaroundi). Mei-inoar foarmje dy trije soarten it poema-komôf, ien fan 'e acht kateftige komôflinen. It poemakomôf spjalte him likernôch 6,7 miljoen jier lyn ôf fan 'e rest fan 'e kateftigen. De fossile saneamde Amerikaanske jachtloaihoarsen fan it skaai Miracinonyx hearre ek ta it poemakomôf, mar wiene nettsjinsteande har namme nauwer besibbe oan 'e poema as oan it moderne jachtloaihoars. Hoewol't se oarspronklik by de jachtloaihoarsen (Acinonyx) yndield wiene, krigen se dêrom yn 1979 in eigen ûnderskaai, dat letter opwurdearre waard ta in selsstannich skaai. It tinken is no dat de likenis yn lichemsbou tusken de jachtloaihoarsen en de Amerikaanske jachtloaihoarsen it gefolch is fan in parallelle evolúsje.

Iere fossilen fan bisten dy't werkenber binne as jachtloaihoarsen (d.w.s. leden fan it skaai fan 'e jachtloaihoarsen) binne opdobbe op ferskate plakken yn East-Afrika, de Hoarn fan Afrika en Súdlik Afrika en datearje fan 3,5–3 miljoen jier lyn. It âldste fossyl komt út 'e leechste ôfsettings fan 'e Silberberggrot by Sterkfontein yn Súd-Afrika. Letter kamen sokke bisten ek foar yn West-Afrika, Noard-Afrika, Jeropa en Aazje. Yn it Pleistoseen libben bgl. it reuzejachtloaihoars (Acinonyx pardinensis) en it middelgrut jachtloaihoars (A. intermedius) yn Jeraazje.

It skelet fan in jachtloaihoars.

It âldste fossyl dat mei wissichheid oan it moderne jachtloaihoars (A. jubatus) taskreaun wurde kin, waard opgroeven op in plak dat bekendstiet as Cooper's D, ek yn Súd-Afrika, en datearret fan 1,5–1,4 miljoen jier lyn. It tinken is dat it moderne jachtloaihoars him om 1,9 miljoen jier lyn yn Afrika ûntwikkele hat. Oer it plak fan oarsprong fan 'e jachtloaihoarsen as groep bestiet gjin wittenskiplike konsensus. Party paleöntologen miene dat de jachtloaihoarsen as groep ek út Afrika komme, mar oaren hâlde út dat se har nei alle gedachten ûntjûn hawwe yn Noard-Amearika, om har dêrwei fia de Beringlânbrêge te fersprieden nei Aazje en letter nei Afrika.

It jachtloaihoars hat in tige leech genetysk ferskaat, wat betsjut dat de hjoeddeistige populaasje de neiteam wêze moat fan mar in hiel lytse bytsje foarâlden. It genetysk ferskaat fan it jachtloaihoars is leger as dat fan oare bisten mei in notoir leech genetysk ferskaat, lykas de Tasmaanske duvel (Sarcophilus harrisii), de Sibearyske tiger (Panthera tigris altaicus) en sels katte- en hûnerassen dy't in hege mjitte fan yntylt fertoane.

In jachtloaihoars by sinne-ûndergong yn it Nasjonaal Park Kruger yn Súd-Afrika.

Saakkundigen dy't dêr ûndersyk nei dien hawwe, binne ta de konklúzje kommen dat soks by it jachtloaihoars it gefolch is fan net ien, mar twa saneamde populaasjeflessehalzen, barrens wêrby't hast de hiele populaasje omkommen is. Dy binne datearre op 100.000 jier lyn en 12.000 jier lyn. De earste populaasjeflessehals hie, neffens de teory dat jachtloaihoarsen oarspronklik út Noard-Amearika komme, te krijen mei de migraasje nei Aazje fia de Beringlânbrêge. De twadde foel gear mei en makke mooglik diel út fan de Let-Pleistosene massa-ekstinksje.

It leech genetysk ferskaat hâldt in grut gefaar yn foar it fuortbestean fan it jachtloaihoars, mei't dêrtroch sykten en firussen maklik de hiele wrâldpopulaasje útrûgje kinne. In foarbyld is de útbraak fan it kattekoroanafirus, dy't yn 1983 plakfûn yn in fokkerij foar jachtloaihoarsen yn Oregon. Dy oandwaning bliek, trochdat jachtloaihoarsen yn genetysk opsjoch mar sa'n bytsje faninoar ferskille, foar dizze bisten 60% deadliker te wêzen as foar lykfol hokker oare kateftige.

In healwoeksen jachtloaihoars.

De histoaryske fersprieding fan it jachtloaihoars wie grut en besloech hast hiel Afrika, útsein de eilannen, it súdlike part fan West-Afrika, it Etiopysk Heechlân yn 'e Hoarn fan Afrika en it Kongoreinwâld yn Sintraal-Afrika. Dêropta kaam dit bist oarspronklik ek foar yn dielen fan Aazje, te witten: it Arabysk Skiereilân, de Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten, de eastlike helte fan Transkaukaazje mei in útrinner oant boppe de Grutte Kaukasus yn wat no de Russyske dielrepublyk Dagestan is, de westlike helte fan Sintraal-Aazje en it grutste part fan it Yndysk subkontinint, útsein de súdpunt, de Koromandelkust en de Himalaya. Yn 'e prehistoarje kaam it jachtloaihoars ek foar yn 'e súdlike helte fan Jeropa.

Hjoed de dei is it ferspriedingsgebiet fan it jachtloaihoars slim fragmintearre. Yn Afrika is it fierhinne beheind ta fjouwer regio's: Súdlik Afrika, East-Afrika en de Hoarn fan Afrika, Sintraal-Afrika benoarden it Kongoreinwâld, en de Sahara (benammen súdlik Algerije). Fierwei de grutste populaasjes libje yn Súdlik Afrika (Namybje, Botswana, Simbabwe, súdlik Angoala, westlik Sambia, noardlik Súd-Afrika en súdwestlik Mozambyk), en yn East-Afrika (Tanzania, Kenia, súdlik Etioopje en súdeastlik Súd-Sûdaan).

In Aziatysk jachtloaihoars (Acinonyx jubatus venaticus).

Yn Aazje, dêr't it mei it jachtloaihoars al yn 'e njoggentjinde iuw yn it neigean rekke, komt dit bist tsjintwurdich inkeld noch foar yn sintraal Iraan. Oant de midden fan 'e tweintichste iuw libben der ek noch jachtloaihoarsen op it Arabysk Skiereilân en by de kusten fan 'e Kaspyske See en de Aralmar lâns yn Sintraal-Aazje. Yn 'e 1920-er jierren waarden der noch jachtloaihoarsen waarnommen yn 'e omkriten fan Basra, yn súdlik Irak. Yn 'e 1950-er jierren waard de omfang fan 'e populaasje yn Iraan stabilisearre troch natoerbeskermingsmaatregels, mar troch de gaos fan 'e Islamityske Revolúsje fan 1979 en de Iraansk-Iraakske Oarloch fan 19801988 rekke it mei proaidieren yn it neigean, sadat ek de populaasje fan it jachtloaihoars wer sterk belune.

Ferliking fan 'e lichemsfoarm en spikkelpatroanen fan 'e trije bekendste spikkelbûnte kateftigen. F.b.n.û.: it jachtloaihoars, it loaihoars (Panthera pardus) en de jagûar (Panthera onca).

Op it Yndysk subkontinint kaam it jachtloaihoars oant likernôch 1750 noch rûnom foar, mar troch weifangen fan eksimplaren út it wyld en oerbejaging waarden dit bist dêr yn 'e njoggentjinde iuw suver útrûge. Trije fan 'e lêste oerlibbenen waarden yn 1947 sketten troch maharadja Ramanuj Pratap Singh Deo fan Surguja. De lêste dokumintearre waarnimming fan in wyld jachtloaihoars yn Yndia wie in eksimplaar dat yn 1957 ferdronken oantroffen waard yn in wettersaad by Hyderabad.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It jachtloaihoars is in licht boud, rank bist, mei in kop-romplingte fan trochinoar 110–150 sm, in sturtlingte fan 60–80 sm en in skofthichte fan 67–94 sm. It gewicht is ôfhinklik fan âldens, sûnens, geografyske lokaasje, geslacht en ûndersoarte, en bedraacht 21–72 kg. It jachtloaihoars ken in beskate mjitte fan seksuele dimorfy, mei't mantsjes grutter en swierder binne as wyfkes, mar dat ferskil is net sa grut as by oare grutte kateftigen.

De kop is lyts yn ferhâlding ta it lichem en ûngewoan rûn foar in kateftige, mei lytse en rûne earen. De snút is koart, mei wide noasters dy't by draven mei hege faasje de tastream fan foldwaande soerstof nei de fergrutte longen bewissigje. De snorhierren binne koart, fyn en ûnopfallend en de hoektosken binne relatyf lyts. De sturt útsûnderlike lang en sterk, en tsjinnet by efterfolgings as tsjinwicht om it lykwicht te hâlden.

De net-ynlûkbere klauwen oan 'e foarpoaten fan in jachtloaihoars. Oan 'e fjouwer legere teannen binne se stompeftich om't se by it gean de grûn reitsje, mar tink om 'e fyfde klau oan 'e 'tomme' fan 'e fierste poat, dy't fjoerskerp is.

It hier is rûch, útsein op 'e bealch, dêr't it sidesêft oanfielt. It jachtloaihoars hat koarte, rûge moannen oer in ôfstân fan teminsten 8 sm fan 'e nekke oant de skouders. Dy falle by mantsjes mear op as by wyfkes. De foarpoaten hawwe fiif teannen en de efterpoaten fjouwer.

De klauwen binne, oars as by oare kateftigen, net ynlûkber. Se binne dêrtroch ek minder skerp as de klauwen fan oare kateftigen (om't se allegeduerigen ôfslite) en kinne better ferlike wurde mei de klauwen fan hûneftigen. De útsûndering op dy regel is de fyfde klau oan 'e foarpoat, dy't by it gean de grûn net rekket en dêrtroch wol skerp bliuwt.

De pels fan it jachtloaihoars hat in grûnkleur dy't op 'e kop, nekke, rêch, siden, poaten en sturt útinoar rint fan krêm oant taan. De dûnkerste dielen binne de rêch en de skouders. Op 'e bealch, de kiel, it kin en de binnenkanten fan 'e poaten is it hier witich útskaaiend nei krêm. Oer dy grûnkleur hinne leit in patroan fan swarte spikkelbûnte plakjes, dy't it lytst binne op 'e kop en de rêch, mar op 'e siden en de poaten grutter en dizeniger wurde. De bealch is fan spikkels frij.

Close-up fan 'e kop fan in jachtloaihoars mei it swarte 'triennespoar' oer it wang.

Op 'e sturt foarmje de spikkels ringen, benammen op it lêste trêdepart. De sturt is tige tichtbehierre, mei in wite punt, dy't almeast mei in bôchje nei efteren of nei boppen ta holden wurdt om net oer de grûn te slepen. Yn it gesicht hat it jachtloaihoars twa swarte streken, gauris oantsjut as "triennespoaren", dy't út 'e binnenste eachhoeken wei by de noas lâns en oer de wangen rinne. De rol dêrfan is net alhiel dúdlik; der wurdt wol tocht dat se de eagen beskermje tsjin 'e skittering fan 'e sinne.

Kleurfarianten en it keningsjachtloaihoars

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kleurôfwikings komme ek foar by it jachtloaihoars. Melanistyske (hielendal swarte) eksimplaren binne seldsum, mar binne waarnommen yn Sambia en Simbabwe. Yn 18771878 beskreau de Ingelske soölooch Philip Sclater twa foar in diel albinistyske (wite) yndividuën út Súd-Afrika.

In hiel aparte kleurfariant is it saneamde keningsjachtloaihoars, dat in krêmkleurige pels hat mei spikkels dy't sa grou binne dat se oaninoar kloftsje en dy't op 'e rêch oer en njonken de wringe fan 'e nekke oant de sturt trije swarte streken foarmje. Yn eastlik Simbabwe waard sa'n bist in nsuifisi neamd, en neffens de folkloare fan 'e lânseigen befolking fan dy krite wie it in krusing tusken in loaihoars en in hyena. Iere Westerske jagers yn Súdlik Afrika tochten oan in krusing tusken in jachtloaihoars en in loaihoars.

In keningsjachtloaihoars.

Yn 1927 stelde de Ingelske taksonoom Reginald Innes Pocock foar om dit bist ûnder de namme keningsjachtloaihoars (Acinonyx rex) as in aparte soarte te erkennen. Yn 1939 loek er dat foarstel yn omreden fan it útbliuwen fan ûnderstypjend wittenskiplik bewiis. Sûnt 1927 waarden der noch fiif kear keningsjachtloaihoarsen yn it wyld waarnommen, yn Simbabwe, Botswana en de noardlike Transfaal. Yn 1975 waard sa'n libben eksimplaar foar it earst fotografearre. Yn finzenskip komme keningsjachtloaihoarsen soms ek foar en kinne se fokt wurde. Ut ûndersyk is bleken dat it giet om in seldsume resessive genetyske mutaasje yn it gen foar transmembrane aminopeptidaze (Taqpep).

Jachtloaihoarsen binne bisten fan 'e iepen romte. Yn East-Afrika en Súdlik Afrika libje se benammen op savannes, lykas de Serengeti en de Masaï Mara, en yn healwoastinen as de Kalahary. Yn Sintraal-Afrika en it noarden fan West-Afrika komme se fral foar yn drûge berchtmen en dellingen. Yn 'e Sahara jouwe se de foarkar oan hege berchtmen, dy't mear delslach krije as de omlizzende woastyn. Jachtloaihoarsen binne waarnommen oant op in hichte fan 4.000 m boppe seenivo. Tropysk reinwâld mije se oer it algemien. Yn Iraan komt it Aziatysk jachtloaihoars foar op heuveleftich terrein yn 'e woastyn, op hichten fan 2.000–3.000 m boppe seenivo.

In mantsjesjachtloaihoars yn Súd-Afrika.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jachtloaihoarsen lizze deis trochinoar sa'n 11 km ôf op 'e siik nei iten, benammen troch te rinnen. De trochsneed faasje is dêrby 2,5–3,8 km/h (sifers ôfkomstich út 'e Kalahary). Troch har stompe, net-ynlûkbere klauwen kinne jachtloaihoarsen min klimme. Hoewol't se wol swimme kinne, dogge se dat sa min mooglik, mei't se, lykas de measte kateftigen, in ôfkear fan wiet wêzen hawwe.

In dravend jachtloaihoars.

It jachtloaihoars stiet der rûnom om bekend dat it wrâlds fluchste lândier is. Skattings fan 'e maksimumfaasje fan dit bist rinne útinoar fan 80 oant 128 km/h. In gauris neamd sifer is in faasje fan 112 km/h, dat fêststeld waard yn 1957 mei, yn ferliking ta hjoed de dei, ynferieure apparatuer. Dêrom wurdt it wierheidsgehalte fan dat sifer bekreaud. In foarsichtigere, mar wissere topfaasje is 104 km/h.

Harren fluggens hawwe jachtloaihoarsen ferlet fan foar de jacht op gazellen en antilopen. It is lykwols net sa dat jachtloaihoarsen by eltse jacht har maksimale faasje helje. Eksimplaren dy't tarist wiene mei GPS-halsbannen toanden oan dat se oer it algemien folle legere faasjes brûkten foar de jacht, nei alle gedachten om't harren proaien net yn in rjochte line útnaaie, mar sigesaagje om it har efterfolger dreech te meitsjen. De trochsneed faasje bliek 53,6 km/h te wêzen en de heechste fêstleine faasje wie 93,2 km/h. By it draven meitsje jachtloaihoarsen passen mei in lingte fan 4–7 m. De net-ynlûkbere klauwen fan it jachtloaihoars ferfolje by it draven in krúsjale funksje om gryp op 'e grûn te hâlden, net wanlyk oan 'e noppen ûnder de skuon fan fuotballers.

Slowmotionbylden fan in dravend jachtloaihoars.

Aktiviteitsspanne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It jachtloaihoars is in deidier, dat mar komselden nachts op 'e lapen komt. Dat is krekt oarsom as mei de liuw (Panthera leo) en it loaihoars (Panthera pardus), de oare grutte kateftigen fan Afrika, dy't krekt benammen nachts aktyf binne en oerdeis rêst hâlde. Mei't liuwen en loaihoarsen gauris de proaien fan 'e lytsere en lichter boude jachtloaihoarsen stelle, in ferskynsel dat kleptoparasitisme hjit, helpt oerdeis aktyf te wêzen jachtloaihoarsen om gruttere rôfdieren te ûntrinnen.

Dat soks de wichtichste reden is om oerdeis aktyf te wêzen, blykt út it feit dat jachtloaihoarsen op plakken dêr't gjin liuwen en loaihoarsen foarkomme, lykas de agraryske gebieten yn Namybje en Botswana, mear nachts aktyf binne. Ek yn 'e Sahara fan súdlik Algerije en de Masaï Mara fan Kenia, dêr't de temperatueren oerdeis wol oprinne kinne oant 43 °C, binne jachtloaihoarsen nachts aktiver, mei aktiviteitspiken yn 'e jûnsskimer en de moarnsdage.

In jachtloaihoars bekomt eefkes yn it skaad fan wat strewelleguod.

Mar foar it meastepart fan it ferspriedingsgebiet jildt dat jachtloaihoarsen nachts rêste. Dat dogge se ornaris op gerzige iepen plakken omjûn troch strewelleguod en beammen. Ek hâlde se har om-en-by faak yn 'e gaten troch op ferhege observaasjepunten sitten te gean. Dêrwei kinne se yn 'e rekken hâlde oft der gjin gruttere rôfdieren nei-oan binne en teffens oft der tafallich ek proaidieren yn 'e neite komme. Sels by it rêsten kinne se sa noch weardefolle ynformaasje sammelje.

Sosjaal hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jachtloaihoarsen hawwe in fleksibele en komplekse sosjale struktuer en sykje yn 'e regel mear it selskip fan soartgenoaten op as lykfol hokker oare gruttere kateftige, útsein de liuw (Panthera leo). Dat jildt benammen foar de mantsjes. Wyfkes binne oer it algemien net sosjaal en hawwe minimale ynteraksje mei soartgenoaten, útsein yn 'e peartiid en wannear't se opgroeiende jongen hawwe.

In pear jachtloaihoarsen dy't inoar oan it waskjen binne.

Mantsjes foarmje lykwols gauris 'koälysjes' fan twa, trije of fjouwer eksimplaren dy't har hiele libben byinoar bliuwe. Yn it meastepart fan 'e gefallen bestiet sa'n koälysje út bruorren út deselde smeet, mar it komt ek geregeldwei foar dat net besibbe mantsjes yn in koälysje fan bruorren opnommen wurde of dat se in koälysje foarmje mei ferskate oare ûnbesibbe mantsjes. Op 'e Serengeti yn Tanzania bestiet 30% fan 'e leden fan sokke koälysjes út ûnbesibbe mantsjes. Sokke ûnbesibbe mantsjes binne ornaris it iennichste manlike jong út in smeet (en hawwe dus gjin eigen bruorren). It komt ek foar dat mantsjes solitêr libje, mar dêrby giet it yn 'e Kalahary mar om 40% fan 'e eksimplaren.

De leden fan koälysjes fertoane affeksje nei-inoar ta troch inoar te waskjen (slikjen) en oaninoar te roppen as in lid ôfdwaald of weiwurden is. Alle leden fan koälysjes hawwe de deselde tagong ta de proaien dy't se fange en mooglik ek ta de wyfkes dêr't se mei pearje. Foardielen fan in koälysje binne dat de jacht makliker giet, dat de kâns op it tsjinkommen fan en pearjen mei wyfkes grutter is, en dat gruttere rôfdieren har minder maklik oer it mad komme kinne. It neidiel is dat se faker jeie moatte om't der mear mûlen binne om te fieden.

In koälysje fan fjouwer mantsjes yn 'e Masaï Mara yn Kenia.

Sels solitêr libjende jachtloaihoarsen, oft it no mantsjes of wyfkes binne, toane mar selden agresje foar soartgenoaten oer. Mantsjes kinne soms fjochtsje om territoaria of om tagong ta maartske wyfkes. By uterst seldsume gefallen kin soks liede ta ferwûnings of sels ta de dea.

Jachtloaihoarsen hawwe in lege populaasjetichtens fan 0,3–3,0 eksimplaren op 100 km². Dat is 10–30% leger as de populaasjetichtens fan loaihoarsen en liuwen. By it jachtloaihoars hawwe wyfkes ornaris gruttere territoaria as mantsjes. Dat is krektoarsom as by de measte oare kateftigen. Se ferdigenje har territoarium lykwols net, ek net as in oar wyfke deryn binnenkringt. De grutte fan it territoarium hinget ôf fan 'e beskikberens fan proaidieren. Yn sintraal Namybje, dêr't de measte soarten proaien mar krap foarkomme, beslane territoaria fan wyfkesjachtloaihoarsen 554–7.063 km², wylst se yn it Jachtreservaat Phinda, yn it noarden fan Súd-Afrika, dêr't proaien by 't folop binne, mar in oerflak hawwe fan 34–157 km².

In mantsjesjachtloaihoars markearret syn territoarium yn Namybje troch in beamke te besproeien mei urine.

Mantsjes binne oer it algemien minder nomadysk as wyfkes en fêstigje gauris lytsere territoaria mei in fêst wenplak. Dat hinget lykwols ôf fan 'e fraach oft de wyfkes yn itselde gebiet in mear sedintêre of in mear nomadyske libbenswize hawwe. As de wyfkes nomadysker binne, wurde dêrtroch ek de mantsjes twongen om nomadysker te wêzen as se kâns meitsje wolle om te pearjen. Guon mantsjes, dy't 'omswevers' neamd wurde, wikselje nomadisme en territorialiteit ôf, ôfhinklik fan 'e beskikberens fan wyfkes. As in wyfke it territoarium fan in koälysje fan mantsjes binnen komt, sykje dy har op en besingelje har. As se besiket út te naaien bite se har of driigje dêrmei. De mantsjes sille it wyfke besnuffelje oant se har belangstelling foar har ferlieze, of it moat wêze dat se maartsk is.

It jachtloaihoars is in fokale kateftige, dy't in wiidweidich rippertwaar oan lûden fuortbringt. 'Tsjirpjen' is ornaris in teken fan opwining, bygelyks as ferskate bisten by in troch harren deade proaidier oan it miel sille. Ek in mem dy't har ferburgen welpen by har ropt, tsjirpet, en teffens kin dat lûd in begroeting ynhâlde tusken folwoeksen bisten dy't inoar kenne. In goarreljend lûd makket ek diel út fan in freonlike begroeting. 'Snuorjen' of 'snoarjen' is in lûde, skelle rop dy't twa tellen oanhâldt en dy't yn deselde kontekst as tsjirpjen brûkt wurdt. Undersyk hat lykwols útwiisd dat tsjirpjen folle mear foarkomt. In op tsjirpjen lykjend mar lûder leven, dat troch soölogen omskreaun wurdt as in 'gjalp', is oer in ôfstân fan oant wol 2 km te hearren. Dat lûd wurdt brûkt troch memmen dy't om in weiwurden welpke roppe en troch welpen dy't om har mem en smeetgenoaten roppe.

In pear jonge jachtloaihoarsen oan it stoeien.

It spinnen fan jachtloaihoarsen is itselde as it spinnen fan 'e hûskat, mar folle lûder. It wurdt dien as it bist tefreden is, en ek as foarm fan begroeting of by it waskjen faninoar. By it spinnen wurdt oan ien wei troch lûd produsearre, ôfwikseljend mei yngeande en útgeande siken. 'Mjêkjen' dogge jachtloaihoarsen as teken fan smert, eangst en noed, bygelyks wannear't in grutter rôfdier in proai stellen hat. Grânzgjen, blazen en kroanjen binne tekens fan agresje, dy't faak mank geane mei ferskate swiere klappen fan ien fan 'e foarpoaten op 'e grûn. Miaukjen kin fan alles betsjutte, mar ornaris hat it te krijen mei ûnnoflikens of yrritaasje.

Behalven lûd is ek rooksin tige wichtich by dierlike kommunikaasje. By jachtloaihoarsen besproeie mantsjes faak hegere lânskipseleminten, lykas beamstammen, rotsen of termiteheuvels, mei urine. Soartgenoaten kinne oan 'e hân fan sokke rookflaggen alderhanne ynformaasje oer him gewaarwurde. Nei't se deroan rûkt hawwe, besproeie se itselde plak faak mei har eigen urine. Wyfkes sette minder faak rookflaggen ôf as mantsjes, útsein wannear't se maartsk binne en dat feit advertearje wolle om gaadlike pearingspartners oan te lûken. By in fysike moeting berûke jachtloaihoarsen faak inoars bek, geslachtsdielen en anus.

In wyfke mei jongen yn Súd-Afrika hâldt fan in ferhef ôf har om-en-by yn 'e rekken.

Jachtloaihoarsen hawwe gjin fêste peartiid, mar plantsje har it hiele jier rûn fuort. Wyfkes hawwe in ovulaasjesyklus fan trochinoar 12 dagen, dy't lykwols op yndividuele basis fariëarje kin fan 3 dagen oant in moanne. As in wyfke maartsk is, pleatst se rookflaggen besteande út urine om dat feit te advertearjen. Mantsjes, soms sels leden fan koälysjes ûnderling, kinne inoar befjochtsje om it rjocht te winnen en pearje mei it maartske wyfke. It is lykwols ek mooglik dat in maartsk wyfke mei ferskate mantsjes pearet, bygelyks alle leden fan in koälysje.

De eigentlike pearing begjint mei it benei kommen fan in maartsk wyfke troch in mantsje. It wyfke giet plat op 'e grûn lizzen. Beide partners tsjirpje, snoarje of gjalpje gauris op dat punt fan 'e fuortgong. Hofmakkerij dogge jachtloaihoarsen net oan. It mantsje giet fuortendaliks oerskrank oer it wyfke hinne stean en byt har yn it nekfel wylst de kopulaasje plakfynt. Nei ôfrin negearje de beide pearingspartners inoar, mar de folgjende 2–3 dagen moetsje se inoar 3–5 kear deis om 'e pearing te werheljen oant de maartskens fan it wyfke oergiet. It mantsje of de mantsjes jouwe har dêrnei ôf en hawwe fierders gjin rol mear yn it fuortplantingsproses.

In mem mei har welp.

Nei in draachtiid fan krapoan 3 moanne wurdt der troch it wyfke op in beskut plak middenmank opgeande fegetaasje in nêst fan 1–8 (mar ornaris 3–4) welpkes smiten. De befallings fine plak mei tuskenskoften fan 20–25 minuten. De welpkes komme blyn en helpleas te wrâld en weagje by de berte yn it wyld 150–300 g. (Yn finzenskip binne se om noch net ferklearre redens in stik grutter en swierder, mei in gewicht fan likernôch 500 g.) De nekke, skouders en rêch fan 'e jongen is oerdutsen mei lang blauwich griis hier, dat in 'mantel' neamd wurdt. Dat hier falt út nei geraden dat se âlder wurde. In ûndersyk út 1976 wiisde derop dat de mantel fan jachtloaihoarsjongen mooglik in foarm fan mimikry is. It soe harren it oansjen jaan fan in hunichdas (Mellivora capensis), in lyts mar notoir fûleindich en dreech te deadzjen rôfdier, dat de measte gruttere rôfdieren leaver út 'e wei geane.

De welpen fan it jachtloaihoars binne benammen yn 'e earste wiken fan har libben tige kwetsber foar in grut ferskaat oan rôfdieren. Har mem ferberget harren dêrom de earste pear moannen middenmank tichte begroeiïng en is yn dy perioade ekstreem wach. Se makket in minimum oan leven, giet nea fierder as 1 km by har wei, besiket har gauris om der wis fan te wêzen dat alles noch ynoarder is, ferhuzet harren eltse 5–6 dagen nei in oar skûlplak en bliuwt by harren fan 'e jûnsskimer oant de moarnsdage. It jachtloaihoars is lykwols foar gruttere rôfdieren oer, lykas de liuw (Panthera leo), it loaihoars (Panthera pardus) en de bûnte hyena (Crocuta crocuta), sa warleas dat it de eigen jongen net ferdigenje kin as dy troch sokke rôfdieren ûntdutsen wurde.

In pear boartsjende welpen.

Predaasje troch gruttere rôfdieren is de wichtichste deadsoarsaak foar jachtloaihoarsjongen. Yn gebieten dêr't sokke rôfdieren net of mar skraachoan foarkomme, lykas de agraryske dielen fan Namybje, oerlibbet 70% fan 'e welpen de earste 14 moannen fan har libben, mar op 'e Serengeti fan Tanzania, dêr't liuwen, loaihoarsen en hyena's rûnom foarkomme, leit dat sifer op mar 17%. Oare deadsoarsaken foar jachtloaihoarsjongen binne ferhongering as de mem har yn 'e steek lit of sels omkomt, natoerbrannen en longûntstekking feroarsake troch ûnderkuolling by min waar.

Mei 11 dagen geane by de jongen de eachjes iepen. Mei 2 moanne ferlitte se har skûle en begjinne se de hiele dei har mem te folgjen. Tsjin dy tiid drinke se minder by har en begjint sy harren kadavers fan lytse proaien te bringen. Earst skrilje de welpen dêr yn eangstme foar tebek, mar stadichoan begjinne se fleis te fretten. Mei 4–6 moanne binne se hielendal ôfwûn. Om 'e welpen te learen hoe't se proaien pakke moatte, fangt de mem lytsere proaidieren lykas hazzen en jonge gazellen libben en lit dy los foar de eagen fan 'e jongen. In oare learmetoade foar de welpen is harren boartsjen ûnderling, mei in protte efterfolgjen, slûpen, bespringen en wrakseljen. Hoewol't welpen fan in healjier âld al efter lytsere proaien oan geane, duorret it ornaris noch oant se 15 moannen binne, ear't se foar it earst sels mei súkses in proai fange en deadzje.

In jachtloaihoarswelp ferskûlet him yn it lange gers.

Mei 20 moannen kinne jonge jachtloaihoarsen selsstannich oerlibje. Tsjin dy tiid is de mem mooglik alwer drachtich. De leden fan deselde smeet, mantsjes èn wyfkes, bliuwe faak noch in pear moannen byinoar nei't se by de mem wei gien binne. Uteinlik geane se lykwols útinoar. De solitêre wyfkes fêstigje faak in territoarium dat oan dat fan har mem grinzget of der yn elts gefal net fier fanôf leit. De mantsjes, dy't faak foar it libben byinoar bliuwe, swalkje yn 'e regel folle fierder fuort. Wyfkes binne geslachtsryp mei 2–3 jier. Yn finzenskip begjinne mantsjes al te pearjen foar't se 2 jier âld binne, mar yn it wyld wurdt dat mooglik fertrage oant se in eigen territoarium fêstige hawwe.

De libbensferwachting by jachtloaihoarsen bedraacht foar mantsjes 10 jier en foar wyfkes 14–15 jier, hoewol't harren fuortplantingssyklus einiget mei likernôch 12 jier. Foartiid kinne wyfkes om 'e 17–20 moannen in smeet jongen produsearje, of mei sels noch koartere tuskenskoften as de foargeande smeet yn syn gehiel omkommen is. In ûndersyk út 2007 wiisde út dat wyfkes dy't ier yn harren libben in protte smeten jongen produsearje, in koartere libbensferwachting hawwe.

In groep jachtloaihoarsen oan it miel.

Fretten en jeien

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It jachtloaihoars is in karnivoar dy't de foarkar jout oan lytse oant middelgrutte proaidieren mei in gewicht fan 20–40 kg, mei útsjitters nei 60 kg. It giet fierhinne om gazellen en antilopen. Wat krekt de proaisoarten binne, ferskilt yn 'e ûnderskate dielen fan it ferspriedingsgebiet op basis fan hokker soarten yn 'e oangeande krite foarkomme.

Yn 'e súdlike Kalahary bejeie jachtloaihoarsen fral lytsere antilopesoarten, lykas de gewoane dûker (Sylvicapra grimmia). Op 'e Súdafrikaanske savannes giet it benammen om 'e springbok (Antidorcas marsupialis) en yn 'e mear beboske gebieten fan Súdlik Afrika en East-Afrika is de ympala (Aepyceros melampus) in folle foarkommende proai. Op 'e Serengeti yn Tanzania giet it fral om 'e thomsongazelle (Eudorcus thomsonii), en yn 'e Sahara binne benammen de deimgazelle (Nanger dama) en de dorkasgazelle (Gazella dorcas) wichtige proaien.

Dit jachtloaihoars yn it Nasjonaal Park Kruger yn Súd-Afrika is by tsjuster oan it miel nei't er nachts op jacht west hat.

It dieet fan it Aziatysk jachtloaihoars yn sintraal Iraan bestiet fierhinne út 'e Yndyske gazelle (Gazella bennettii), de woastynhazze (Lepus tibetanus), de oerial (Ovis vignei) en de wylde geit (Capra aegagrus), oanfolle mei fee. Op it Yndysk subkontinint frieten jachtloaihoarsen yn it ferline, doe't se dêr noch foarkamen, benammen de Yndyske antilope (Antilope cervicapra).

Gruttere evenhoevigen lit it jachtloaihoars oer it algemien rinne, mar ûndersyk yn it Wyldreservaat Phinda, yn Súd-Afrika hat útwiisd dat dêre de nyala (Tragelaphus angasii), dy't oant 120 kg weagje kin, wol in wichtige proai is foar it jachtloaihoars. Yn Namybje en yn mindere mjitte yn Botswana binne jachtloaihoarsen de wichtichste rôfdieren dy't it op fee (benammen kij) foarsjoen hawwe.

In jachtloaihoars efterfolget in thomsongazelle (Eudorcas thomsonii).

It súkses fan 'e jacht hinget by jachtloaihoarsen ôf fan ferskate faktoaren: âldens, geslacht en it tal jachtloaihoarsen dat by de jacht gearwurket. Aldere bisten, mei mear ûnderfining, binne súksesfoller as jonge eksimplaren. Koälysjes fan mantsjes binne súksesfoller as solitêre mantsjes, en memmen mei ferskate healwoeksen welpen binne súksesfoller as solitêre wyfkes. It súksespersintaazje foar de jacht bedraacht by jachtloaihoarsen 25–40%, wêrby't gruttere proaien tichter by de 25% en lytsere proaien tichter by de 40% sitte. Yn ferhâlding mei oare rôfdieren binne jachtloaihoarsen tige súksesfolle jagers. Harren súksespersintaazje by de jacht op thomsongazellen bedraacht 70%; ta ferliking: foar de hyenahûn (Lycaon pictus) leit dat persintaazje op 57%, foar de bûnte hyena (Crocuta crocuta) op 33% en foar de liuw (Panthera leo) op 26%. It súksespersintaazje fan jachtloaihoarsen by de jacht op ympala's bedraacht 26%, mar hyenahûnen binne mar yn 151/2% fan 'e gefallen súskesfol by de jacht op dat bist.

De jacht fynt almeast oerdeis plak, wêrmei't jachtloaihoarsen konkurrinsje en kleptoparasitisme ûntrinne fan gruttere rofdieren dy't benammen nachts jeie, lykas de liuw (Panthera leo) en it loaihoars (Panthera pardus). Soms is der yn 'e jûnsskimer en de moarnsdage in piik yn 'e jachtaktiviteiten fan jachtloaihoarsen. Yn 'e Sahara fan Algerije en de Masaï Mara fan Kenia jeie jachtloaihoarsen nachts om 'e hjittens fan 'e dei te mijen.

In jachtloaihoars smoart in ympala (Aepyceros melampus) troch de luchtpiip ticht te knipen.

It jachtloaihoars is ien fan 'e meast ikoanyske efterfolgingsrôfdieren. Syn favorite jachttechnyk is om mei oprinnende faasje op 'e proai ta te gean, wêrby't er sa lang mooglik ûnopgemurken besiket te bliuwen, almeast oant er binnen 60–70 m fan 'e proai is. As de proai him earder sjocht, jout it jachtloaihoars it faak al op sûnder oan 'e efterfolging te begjinnen. Dy efterfoling set útein wannear't de proai de jager úteinlings sjocht en útnaait. It doel fan it jachtloaihoars is om syn proai sa deun benei te kommen, dat er him fan efteren ôf stroffelje litte kin mei in feech fan 'e foarpoat tsjin 'e efterpoaten of de romp fan 'e proai oan.

De hege faasje dy't jachtloaihoarsen ûntwikkelje kinne, komt harren by de efterfolging fan pas, mar suver noch opmerkliker is har fermogen om op dramatyske wize feart te minderjen: yn trije passen kinne se fan 93 km/h weromgean nei 23 km/h. Sa slagget it it jachtloaihoars om alle bochten en sydstappen fan 'e flechtsjende proai te folgjen. As de proai ûnder fuotten helle wurdt, soarget de faasje fan 'e efterfolging der faak al foar dat er ien of mear poaten brekt, sadat er helpleas foar it jachtloaihoars oer is. Jachtloaihoarsen deadzje de measte proaien troch har yn 'e kiel te biten en dêrby de luchtpiip ticht te knipen, sadat se troch ferstikking om it libben komme. Lytsere proaien, lykas hazzen, wurde soms yn 'e nekke of dwers troch de plasse hinne biten om se te deadzjen.

In foto út 1947 fan 'e Yndiaaske ealman maharadja Ramanuj Pratap Singh Deo fan Surguja, dy't posearret mei trije fan 'e lêste Aziatyske jachtloaihoarsen yn syn lân, dy't er krekt deasketten hat.

Nei de jacht moat in jachtloaihoars faak in skoftsje úthymje en bekomme fan 'e ynspannings, ear't er wer genôch by krêften is om oer syn miel gear. Dêrom wurdt de proai fuortsleept nei in plak dêr't opgeande fegetaasje beskutting biedt tsjin waarnimming troch oare, gruttere rôfdieren. Sels as se úteinlings begjinne te iten, bliuwe jachtloaihoarsen wach en sjogge se noch geregeldwei om har hinne, alert foar bedrigings lykas liuwen of hyena's. In jachtloaihoars moat deis trochinoar 4 kg fleis deis ite om fit te bliuwen. Dat sifer is in gemiddelde, dat net foar eltse dei jildt. As se in proai fongen hawwe, frette jachtloaihoarsen faak samar 10 kg fleis efterinoar, dat dus goed is foar 21/2 dei.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Afrika binne de wichtichste natuerlike fijannen fan it jachtloaihoars de liuw (Panthera leo), it loaihoars (Panthera pardus) en de bûnte hyena (Crocuta crocuta). Dy trije soarten sille jachtloaihoarsen deadzje wannear't se mar kinne, fral om't se har as konkurrinten sjogge. Jachtloaihoarswelpen binne kwetsber oar in grut ferskaat oan oare rôfdieren, fan 'e hyenahûn (Lycaon pictus) en de hunichdas (Mellivora capensis) oant ûnderskate soarten earnen.

It Field and Research Centre fan it Cheetah Conservation Fund yn Otjiwarongo (Namybje).

It jachtloaihoars hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Status en populaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It jachtloaihoars hat de IUCN-status fan "kwetsber", wat it leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid is. Dat hat te krijen mei it fragmintearre aard fan it ferspriedingsgebiet en de fetberens fan dit bist foar sykten en firussen (sjoch § Genetika). Ek is it mei de wrâldpopulaasje sûnt de njoggentjinde iuw gâns yn it neigean rekke. De grutste hjoeddeistige dielpopulaasje libbet yn Súdlik Afrika (Namybje, Botswana, Simbabwe, súdlik Angoala, westlik Sambia, noardlik Súd-Afrika en súdwestlik Mozambyk) en bestiet út likernôch 4.000 bisten. In twadde grutte populaasje, besteande út 1.000 eksimplaren, libbet yn East-Afrika (Tanzania, Kenia en súdlik Etioopje). Alle oare populaasjes yn Afrika besteane út 100 of minder eksimplaren en belúnje stadichwei. It Aziatysk jachtloaihoars komt no inkeld noch foar yn sintraal Iraan yn trije dielpopulaasjes op in mienskiplik oerflak fan 150.000 km². De populaasje yn Iraan belune tusken 2007 en 2016 fan 60–100 bisten nei mar 43 eksimplaren.

De Yndiaaske minister fan Mileu en Wâlden Jairam Ramesh by syn besite yn 2010 oan it Cheetah Outreach Centre yn Kaapstêd, dêr't er it oerbringen fan jachtloaihoarsen út Súdlik Afrika wei nei Yndia beprate.

It jachtloaihoars wurdt tsjintwurdich bedrige troch ferskate faktoaren, lykas habitatferlies en habitatfragmintearring, beide feroarsake troch de oanhâldende útwreiding fan minsklike aktiviteiten lykas lânbou, mynbou en yndustry. Teffens hat dit bist lêst fan ekologyske degradaasje fan syn wengebiet, lykas it almar fierder ynslûpen fan houtplanten op 'e savannes fan Súdlik Afrika, dy't dêrtroch boskiger wurde en minder gaadlik foar jachtloaihoarsen. Ek it ferkear hâldt in gefaar yn, fral op plakken dêr't wegen oanlein binne troch natoergebieten. Der binne út Iraan ferskate gefallen dokumintearre fan deariden jachtloaihoarsen by Kalmand, Bafk en yn it Nasjonaal Park Char Tûran.

Streuperij is ek in probleem. Guon Afrikaanske folken, lykas de Masaï fan Kenia en Tanzania, skine noch altyd jachtloaihoarshûden te brûken yn harren tradisjonele rituelen en seremoanjes. Jachtloaihoarsen wurde ek fongen of deade foar de yllegale hannel yn (parten fan) wylde bisten, ek al hawwe de Feriene Naasjes dizze soarte tafoege oan Taheakke I fan it CITES-ferdrach, dat it near leit op 'e ynternasjonale hannel yn (dielen fan) bedrige bisten.

Boppedat hawwe jachtloaihoarsen ferlet fan gâns grûngebiet, harren lege populaasjetichtens yn acht nommen. Tekoarten oan proaidieren liede ta it bejeien fan fee, dat wer liedt ta konflikten mei minsken, yn 't bysûnder boeren. It ferspriedingsgebiet fan it jachtloaihoars bestiet mar foar 24% út beskerme natoergebieten. Yn 'e rest fan it areaal wurde jachtloaihoarsen gauris ôfsketten, fergiftige of op oare manearen deade troch feehâlders, dy't harren as skealik ûngedierte sjogge. Soks komt benammen yn Namybje noch in protte foar. Party ekologysk bewuste boeren brûke fâlen om probleemjachtloaihoarsen te fangen sadat dy op in gaadliker plak wer yn it wyld útset wurde kinne.

In fâle foar in jachtloaihoars útset op in pleats yn Namybje.

Nettsjinsteande alle bedrigings groeit ek by de lânseigen befolking fan Afrika it besef dat karnivoaren as it jachtloaihoars it fertsjinje om beskerme te wurden. Oant de 1970-er jierren besochten feehâlders noch om jachtloaihoarsen út te rûgjen. Yn 1987 sette it earste grutte projekt útein om te ûndersykjen hoe't dizze soarte it bêste beskerme wurde koe. It Cheetah Conservation Fund (CCF, "Jachtloaihoars Berskermingsfûns") waard yn 1990 oprjochte om te fungearjen as in wrâldwiid platfoarm foar de koördinaasje fan alle fjildûndersiken nei en edukaasje oer jachtloaihoarsen. It CCF runt fierders yn Otjiwarongo, yn Namybje, wrâlds iennichste laboratoarium dat him spesifyk taleit op genetysk ûndersyk nei jachtloaihoarsen.

Yn Malawy, dêr't it jachtloaihoars útstoarn wie, waard dit bist yn 2017 wer yn it wyld reyntrodusearre. Yn Yndia, dêr't it jachtloaihoars ek útstoarn is, waarden yn septimber 2022 by wize fan eksperimint 8 eksimplaren yn it wyld reyntrodusearre yn it Faunareservaat Kuno, súdlik fan Delhi. Fanwegen it feit dat it Aziatysk jachtloaihoars hast útstoarn is, waard dat dien mei bisten fan 'e Súdafrikaanske ûndersoarte, dy't út Namybje helle waarden.

Der binne 4 (stân fan saken yn 2025) erkende ûndersoarten fan it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus):

In fyfde ûndersoarte, A. j. raineyi, genoat earder ek algemiene erkenning, mar waard yn 2017 troch de IUCN ûnjildich ferklearre nei't in ûndersyk út 2011 útwiisd hie dat der minimale genetyske fariaasje bestie tusken A. j. raineyi en it Súdafrikaansk jachtloaihoars (A. j. jubatus).

In yllustraasje fan it saneamde 'wolhierrich jachtloaihoars', dat yn 1877 troch Philip Sclater foarsteld waard as aparte soarte.

In type jachtloaihoars mei in tige tichte pels, dat yn 1877 troch Philip Sclater beskreaun waard as in aparte soarte, it wolhierrich jachtloaihoars (Acinonyx lanea, syn. Felis lanea), waard fan it begjin ôf oan troch de measte oare soölogen al net erkend. Tsjintwurdich wurdt it spesimen, dêr't Sclater him op basearre, sjoen as oanhelle mei in adaptaasje dy't lykwols binnen it berik fan yndividuele fariaasje fan eksimplaren fan it jachtloahoars falt.

Relaasje mei minsken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Domestisearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jachtloaihoarsen toane foar minsken oer mar in hiel lyts bytsje agresje en kinne frij maklik nuet makke wurde. Dat waard yn it ferline ek geregeldwei dien. Neffens histoarisy as Heinz Friederichs en Burchard Brentjes soe it jachtloaihoars foar it earst nuet makke wêze yn Soemearje, wêrnei't dy praktyk stadichoan dêrwei ferspraat wêze soe nei oare dielen fan it Midden-Easten en nei Noard-Afrika, en letter ek nei it Yndysk subkontinint. It bewiis foar de domestisearring fan jachtloaihoarsen troch de âlde Soemearjers is fierhinne yllustratyf; sa is op in Soemearysk segel dat datearret fan omtrint 3000 f.Kr. in langskonkich bist oan in halsrym te sjen, dat troch foarstanners fan 'e Soemearyske teory foar in jachtloaihoars holden wurdt. Oare histoarisy, lykas Thomas T. Allsen, hâlde lykwols út dat it bist in grutte hûn foarstelt.

In wandskildering út it timpelkompleks fan Deir el-Bahari út 'e Egyptyske Aldheid mei jachtloaihoarsen dy't oan halsrimen holden wurde.

In oare teory, dy't oppenearre is troch û.o. Frederick Zeuner, is dat it jachtloaihoars foar it earst yn it Alde Egypte domestisearre is, en dat dy praktyk dêrwei nei it Midden-Easten en it Yndysk subkontinint oerwaaid is. De 'Egyptyske' teory is better ûnderboud. Sa spile it jachtloaihoars dochs al in wichtige rol yn 'e Egyptyske mytology: Mafdet, ien fan 'e goaden dy't fereare waard yn 'e tiid fan 'e Earste Dynasty (31002900 f.Kr.), waard soms ôfbylde as in jachtloaihoars, en de Alde Egyptners leauden dat de geasten fan ferstoarne farao's troch jachtloaihoarsen nei it hjirneimels begelaat waarden. Reliëfs yn it timpelkompleks fan Deir el-Bahari fertelle fan in Egyptyske ekspedysje nei it lân Punt (noardlik Somaalje) ûnder it regear fan 'e froulike farao Hatsjepsût (14791458 f.Kr.). Dêr waarden û.m. bisten wei helle dy't "panters" neamd waarden, mar gjin loaihoarsen wiene. Yn it Nije Keninkryk (16e11e iuw f.Kr.) wie it hiel gewoan dat de farao's jachtloaihoarsen as húsdier holden en de bisten taristen mei halsbannen fersierd mei goud en ealstiennen.

In skilderij fan 'e Mogol-keizer Akbar de Grutte op jacht, beselskippe troch jachtloaihoarsen (sa. 1602).

De Romeinen mienden dat it jachtloaihoars in krusing tusken in liuw en in loaihoars wie, om't it jachtloaihoars sawol moannen as in spikkelbûnte pels hie. Ek spile mei dat jachtloaihoarsen yn finzenskip notoir dreech te fokken binne, wat de Romeinen it idee joech dat it gie om in krusing tusken twa oare bisten dy't sels (lykas in mûldier) ûnfruchtber wie. Jachtloaihoarsen waarden troch de Romeinen brûkt foar de jacht, sa't op in fjirde-iuwsk mozayk yn Lod, yn it hjoeddeistige Israel, te sjen is. Ek yn it Byzantynske Ryk, dat fuortkaam út it Eastromeinske Ryk en dat bestie oant 1453, waarden jachtloaihoarsen troch de hegerein foar de jacht brûkt. It op jacht gean mei jachtloaihoarsen is ek bekend út it pre-islamityske Araabje en teffens út it Araabje fan it Islamityske Ryk (Iere Midsiuwen) en letter. It jachtloaihoars waard út it wyld weifongen en oer in perioade fan in jier nuet makke. As in ealman op jacht gie, ried syn jachtloaihoars mei op in spesjaal dêrfoar makke sitsje efter it seal op it hynder, oant it plak berikt wie dêr't de eigentlike jacht plakfûn.

Yn East-Aazje kin, wat it hâlden fan domestisearre jachtloaihoarsen oangiet, net ôfgien wurde op skriftlike boarnen, mei't de regionale oantsjuttings foar it bist ek foar it loaihoars brûkt waarden. De ierste ôfbyldings fan jachtloaihoarsen yn it Keizerryk Sina geane tebek oant de Tang-dynasty (618907) en litte eksimplaren sjen dy't mei halsrimen fêstholden wurde en efter op hynders meiride. Ferskate Sineeske keizers brûkten jachtloaihoarsen en ek karakals as geskinken om goedgeunstigens foar spesifike ûnderhearrigen oer te demonstrearjen. De etnysk Mongoalske keizers fan 'e Sineeske Yuan-dynasty (12711368) kochten gâns jachtloaihoarsen oan fan islamityske keaplju út Sintraal-Aazje. Byldsjes út in grêftombe dy't datearret fan it regear fan ien fan harren, Kubilay Khan (12601294), byldzje jachtloaihoarsen op hynders ôf. Neffens de Ming Shilu, de keizerlike annalen fan 'e op 'e Yuan folgjende Ming-dynasty (13681644), waard de praktyk fan it oankeapjen fan jachtloaihoarsen út Sintraal-Aazje wei fuortset troch troch de Ming-keizers.

In skets út 1844 fan twa jachtloaihoarsen (mei oppassers) dy't eigendom wiene fan in foaroansteande Yndyske ealman, de nawab fan Awadh.

Yn it Mogol-ryk op it Yndysk subkontinint skynt keizer Akbar de Grutte, dy't regearre fan 1556 oant 1605, wol tûzen jachtloaihoarsen holden te hawwen. Syn soan Djahangir skreau yn syn autobiografy Tuzk-e-Jahangiri dat mar ien fan al dy bisten ea drachtich rekke en welpen smiet. De Mogol-keizers lieten jachtloaihoarsen en karakals foar de jacht traine, krekt sa't dat yn it Midden-Easten dien waard, en brûkten de bisten om op Yndyske antilopes te jeien. It ûnberonge weifangen fan jachtloaihoarsen út it wyld om domestisearre te wurden foar de Yndyske hegerein hie in tige negatyf effekt op 'e wylde populaasje. Tsjin 1927 wie dy sa yn it neigean rekke, dat de Yndyske adel jachtloaihoarsen út Afrika wei ymportearje moast.

It earste jachtloaihoars dat yn finzenskip yn in dieretún holden waard, wie in eksimplaar dat it Soölogysk Genoatskip fan Londen yn 1829 nei de Britske haadstêd ta helle. Yn 't earstoan libben jachtloaihoarsen yn Westerske dieretunen net lang: trochinoar mar 3–4 jier. Doe't yn 1975 it near lein waard op it weifangen fan nije eksimplaren út it wyld en op 'e ynternasjonale hannel yn 'e bisten, begûnen dieretunen har mear ta te lizzen op it fokken fan 'e bisten dy't al yn finzenskip holden waarden. Tsjin 2014 waard it tal jachtloaihoarsen yn dieretunen wrâldwiid op 1.730 eksimplaren skatten, wêrfan't 87% yn finzenskip berne wie.

Nettsjinsteande dat bliuwt de stjerte fan 'e bisten yn finzenskip ûngewoan heech. Deadsoarsaken binne miskreamen, oanberne ôfwikings, kannibalisme, ûnderkuolling, ferwaarleazging troch de mem en ynfeksjesykten. Foarbylden fan sokke oandwanings binne katteherpes, búkfluesûntstekking, búkgryp, glomeruloskleroaze, leukoensefalopaty, myelopaty, nefroskleroaze en ierfertichting. De hege stjerte oan sykten wurdt witen oan 'e genetyske fetberens fan jachtloaihoarsen foar sykten, it sammeljen fan in stikmannich eksimplaren op ien plak sadat ûnderlinge besmetting suver net foarkomd wurde kin, de neite ta oare kateftigen dy't de jachtloaihoarsen mooglik ek besmette kinne, ferkearde behanneling troch oppassers, bleatstelling oan it publyk en it gauris hinne en wer ferhúzjen fan 'e bisten tusken ferskillende dieretunen.

In jachtloaihoars yn 'e St. Louis Zoo yn St. Louis.

Yn it wyld plantsje jachtloaihoarsen har folle makliker fuort as yn finzenskip. Neffens in ûndersyk dat dien waard op 'e Serengeti, yn Kenia en Tanzania, liedt dêre 95% fan 'e pearings ta drachtigens, wylst dat yn dieretunen yn Noard-Amearika mar 20% is. It tinken is dat soks te krijen hat mei it hege nivo fan stress dat jachtloaihoarsen yn dieretunen ûnderfine. In seldsum grut súkses wie de berte fan in smeet fan acht welpen fan in wyfkesjachtloaihoars yn 'e St. Louis Zoo yn St. Louis yn 2017. In nije teory is dat de kânsen op in súksesfolle dracht fergrutte wurde kinne troch de natuerlike sosjale struktuer fan jachtloaihoarsen (lykas koälysjes fan mantsjes) nei te bearen yn dieretunen.

Oanfallen op minsken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne gjin dokumintearre gefallen fan oanfallen fan wylde jachtloaihoarsen op minsken. It komt lykwols wol foar dat minsken deadlik ferwûne reitsje troch oanfallen fan yn finzenskip holden jachtloaihoarsen. Yn 2007 waard in 37-jierrige frou út Antwerpen dea weromfûn yn in Belgyske dieretún nei't se bûten de iepeningstiden om de koai fan in jachtloaihoars binnenglûpt wie. En yn 2017 waard in trijejierrich jonkje op in pleats yn Philippolis, yn Súd-Afrika, oanfallen troch in finzen jachtloaihoars. Hoewol't er mei in traumahelikopter nei it sikehûs yn Blomfontein flein waard, stoar er letter oan 'e oprûne ferwûnings.

It skilderij Bachus en Ariadne fan Tytsiaan út 1523.

It jachtloaihoars yn 'e minsklike kultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ierst bekende ôfbyldings troch minsken fan it jachtloaihoars binne oantroffen yn 'e Grot fan Chauvet yn Frankryk, en datearje fan 34.000–28.000 jier lyn. Op it skilderij Bachus en Ariadne, fan 'e 16e-iuwske Italjaanske keunstner Tytsiaan, wurdt de striidwein fan 'e god Bachus lutsen troch twa jachtloaihoarsen (dy't yn it ferline lange tiid foar loaihoarsen oansjoen waarden). Yn 1764 lei de Ingelske skilder George Stubbs op syn wurk Jachtloaihoars mei Twa Yndyske Oppassers en in Hartebok it tafriel fêst fan in jachtloaihoars dat troch de gûverneur fan Madras, sir George Pigot, kado dien waard oan kening George III fan it Feriene Keninkryk. (De hartebok wie bedoeld as iten foar it jachtloaihoars.)

Hussein, An Entertainment is in roman út 1938 fan Patrick O'Brian, dy't spilet yn Britsk-Ynje en dêr't de praktyk fan it hâlden en trainen fan jachtloaihoarsen troch de Yndyske hegerein yn beskreaun wurdt. Yn 1969 skreau Joy Adamson in biografy fan har domestisearre jachtloaihoars Pippa, mei as titel Spotted Sphinx. It boek How It Was with Dooms, út 1997, fertelt it wierbarde ferhaal fan in húshâlding yn Kenia dy't it ferweesde jachtloaihoarswelpke Dooms grutbringt. De film Duma út 2005 wie loskes op dat boek basearre.

Yn 'e Amerikaanske tekenfilmsearje ThunderCats (19851989) kaam it personaazje Cheetara foar, in antropomorf jachtloaihoars wêrfan't de stim ynsprutsen waard troch Lynne Lipton. In oar antropomorf jachtloaihoars, Chester Cheetah, waard yn 1986 troch sjipsmerk Frito-Lay yntrodusearre as maskotte fan 'e snack Cheetos. Yn 'e strips oer superheldinne Wonder Woman kaam de supersmjunt Barbara Ann Minerva foar, wa har kateftige alter ego Cheetah wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.