Springe nei ynhâld

Gielskyldjakana

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jacana spinoza)
Gielskyldjakana
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljejakanafûgels (Jacanidae)
skaaiAmerikaanske jakana's (Jacana)
soarte
Jacana spinoza
Linnaeus, 1758
IUCN-status: bedrige
ferspriedingsgebiet

grien: ferspriedingsgebiet

De gielskyldjakana (jacana spinoza) is in fûgel út 'e famylje jakanafûgels. It is ien fan 'e twa soarten yn it skaai Amerikaanske jakana's (Jacana).

Jonge fûgel.

De gielskyldjakana is in fûgel mei lange poaten en lange teannen en mjit 21,5 oant 24 sm. It wyfke is signifikant grutter as it mantsje: briedende wyfkes weagje trochstrings 161 gram en mantsjes 91 gram. De fûgel is kastanjebrún mei in swarte kop, nekke en boarst. De snaffel is heldergiel, lykas ek it fleisige skyld oan 'e basis fan 'e foarholle. De boppesnaffel is wyt by de basis. As de fûgel fleant binne de gielichgriene hânpinnen sichtber. Ek sichtber is dan de giele spoar oan 'e râne fan 'e wjuk, dy't er brûke kin om himsels en syn jongen te ferdigenjen. Jonge fûgels sitte yn it dûns en hawwe oranje, brune, swarte patroanen en wat wyt. Aldere jongen binne griis en hawwe brunige boppedielen.

De gielskyldjakana komt foar fan Meksiko oant Panama en de Karibyske eilannen Kuba, Jamaika en Hispanjoala, alhoewol't er ek út en troch ek yn it suden fan 'e Feriene Steaten as swalker waarnommen wurdt. De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat it net ferdield is yn ien of oare ûndersoarte.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gielskyldjakana's wurde yn wiete gebieten mei driuwende fegetaasje sjoen, somtiden by it foerazjearjen ek yn drûgere omlizzende gebieten. Oars as de measte oare fûgels binne de rollen foar dit skaai by it brieden omkeard: it wyfke hat meardere partners en fertoant polyandrysk briedgedrach. Hja ferdigenet it nêst, wylst it mantsje de aaien útbriedt.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei ûnbekende trend. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2020). De wrâldpopulaasje wurdt rûsd tusken in heal miljoen en fiif miljoen fûgels (2016).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: