Springe nei ynhâld

Jabana

Ut Wikipedy
In jabana

In jabana (ek jebena neamd) is in tradisjonele kofjepot dy't yn Eritrea, Etiopië en East-Soedan brûkt wurdt. De jabana, dy't fan ierdewurk makke is, bestiet út in bolfoarmich reservoir mei in lange hals en in hânfet.

De jabana wurdt fold mei wetter en kofje en wurdt boppe in fjoer ferwaarme. By it jitten wurdt in filter (meastal fan hynstehier makke) oan de útein fan de hals pleatst.

Kofjeseremoanje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Eritrea en Etiopië bestiet in kofjeseremoanje dêr't de jabana in sintrale rol yn spilet. By de seremoanje wurdt de siedende kofje út de jabana yn in sini, in seremoniële beker getten. Wannear't de kofje dan ôfkuolle is, wurdt it weromgetten yn de jabana en opnij sean. Dy hannelingen wurde ferskate kearen werhelle.