Jaar
In jaar is in orgaan dat foarme wurdt út 'e molkklieren fan froulike fjouwerpoatige sûchdieren, yn 't bysûnder wjerkôgers lykas kij, geiten, skiep en harten. It is yn begjinsel itselde as de boarsten by de minske en oare primaten, mar hat de foarm fan ien inkele massa dy't tusken de efterpoaten omleech hinget.
It jaar bestiet út pearen molkklieren, elk mei in oer oan 'e útein, dy't oerienkomt mei de spien by minsken. By kij is it jaar ferdield yn fearnen en binne der dus fjouwer molkklieren en fjouwer oeren. By skiep en geiten is it jaar ferdield yn helten en binne der twa molkklieren en twa oeren. Sûgen hawwe in jaar mei, ôfhinklik fan it ras, tsien, tolve of fjirtjin molkklieren en oeren.

Krekt sa't de boarsten fan froulju grutter wurde as se swier binne en letter om't se tatemolke produsearje om't se in bern oan it boarst hawwe, sa groeit ek it jaar fan bisten dy't drachtich binne en in jong boarne moatte. Yn 'e melkfeehâlderij wurdt dy perioade keunstmjittich oanholden, mei't kij (of oare bisten) yn dy foarm fan 'e feehâlderij ommers krekt holden wurde foar de produksje fan molke.
Dêrtroch rekt it jaar mear út as normaal, yn it wyld, ea barre soe. Fral by kij kin dat it risiko opsmite dat in bist himsels by ûngelok op in oer wâdet. Dat bart oer it algemien net by it rinnen, mar earder by it oerein kommen. It resultaat is faak in aaklike ferwûning en soms moat in oer dêrom sels ôfset wurde troch de bistedokter. In ko dy't soks oerkomt, wurdt wol in "trije-oer" neamd. As it net in tige goede melkko is, wurdt sa'n bist neitiid rillegau foar de slacht ferkocht.
De fersoarging en hygiêne fan it jaar (eins fral fan 'e oeren) is in wichtich diel fan 'e melkfeehâlderij. It helpt by de ûnûnderbrutsen produksje fan ûnfersmoarge molke, en teffens by it foarkommen fan mastitis (molkklierûntstekking). Dy lêste oandwaning wurdt bestriden troch penisiline yn it molkegat fan it oantaaste oer te spuitsjen, dat him dêrnei troch it hiele fearn ferspriedt. Dat betsjut wol dat dat fearn de earste wiken net molken wurde kin.
Der besteane produkten, benammen salven, dy't de ferware hûd fan 'e oeren fersoargje en sa bakteriële ynfeksjes helpe foar te kommen. Ek is troch wittenskiplik ûndersyk bewiisd dat it tafoegjen fan fiedingssuppleminten oan it feefoer, bygelyks mei fitamine E, in bykommende metoade is om 'e sûnens fan jaar en oeren te befoarderjen en it risiko op ynfeksjes te ferminderjen.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
