Jaap Pander

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Jaap Pander (Drachten, 19 jannewaris 1929 - Ljouwert, 12 febrewaris 2005) wie in bekende keatser.

As junior ferhuze Jaap nei Huzum en letter nei Ljouwert. As keatser wie er earst lid fan keatsklub Onderling Genoegen, en nei 1960 fan de Ljouwerer Keats Club (LKC). Oant syn tweintichste fuotballe hy foar it Huzumer FVC dêrnei noch lang foar Friesland. By it keatsen wûn er de Bûnspartij yn 1960 en 1963. Jaap Pander wie benammen efterynse mei in foarminst opslach. In deeglike keatser, dy't pas yn 1957 earsteklasser waard. Hy sloech 191 punten by en helle 12 keningskippen. Syn dream om nochris de PC te winnen slage net. Yn 1956 in 3e/4e plak tegearre mei Jan Faber út Peins en Sipke Vis út Minnertsgea. In jier letter wer in ‘lytse preemje’ diskear mei Meindert van der Weerd fan Boalsert út Makkum. Yn 1961 nochris in kear tredde mei as maten Roel Hoekstra en Appie Veldkamp.

Nei syn karriêre waard er skiedsrjochter en waard yn 1995 lid fan fertsjinste by de KNKB en holp letter noch as frijwilliger yn it Keatsmuseum.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]