Springe nei ynhâld

Jaap Paauwe

Ut Wikipedy
Jaap Paauwe
persoanlike bysûnderheden
bynammeJaap Paauwe
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum3 febrewaris 1909
berteplakRotterdam
stjerdatum25 juny 1982
stjerplakRotterdam
klupskiednis
posysjemiddenfjild
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
1928-1939Feyenoord127(2)
nasjonaal team
1931-1932Nederlân8(0)

Jaap Paauwe (Rotterdam, 3 febrewaris 1909 – dêre, 25 juny 1982) wie in fuotballer dy't yn de 20e iuw, tegearre mei syn broer Bas Pauwe op it middenfjild spile fan Feijenoord.

Hy spile 127 wedstriden foar de klup en makke 2 doelpunten. Yn de rin fan de tritiger jierren spile er yn it súksesfolle alvetal fan dy fuotbalklup en spile 8 ynterlâns. Hy makke syn debýt yn Oranje tsjin de Belgen op 29 maart 1931. Oan syn fuotbalkarriêre kaam hommels in ein doe't er yn it twadde alvetal fan Feijenoord syn poat bruts.

Jaap Paauwe wurke earst yn it molkfabryk en waard letter bankwurker. Begjin jierren fyftich gier er as emigrant nei Súd-Afrika om dêr in nij bestean op te bouwen, mar nei sân jier kaam er ûnwennich werom.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: