Springe nei ynhâld

János Németh

Ut Wikipedy
János Németh
James Németh
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJános Németh
nasjonaliteit Spaansk,
Hongaarsk (oant 1956)
bertedatum12 juny 1906
berteplakBûdapest
stjerdatum5 maart 1988
stjerplakMadrid
sportive ynformaasje
sportWetterpolo
O.S.Los Angeles 1932
Berlyn 1936
debút1929
karriêre-ein1939
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 2x Olympyske Spullen 1932, 1936
Goud grut goud 3x EK 1931, 1934, 1938

János (James) Németh (Bûdapest, 12 juny 1906 - Madrid, 5 maart 1988) wie in Hongaarsk wetterpoloër.

Hy die trije kear mei it Europeeske kampioenskip en twa kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen trije kear Europeesk kampioen en twa kear Olympysk kampioen Hy spile yn Los Angeles trije wedstriden en yn Berlyn spile hy alle sân de wedstriden.

Nei it beïnigjen fan syn sportkarriêre waard János trainer fan it Hongaarske team dat meidie op de spullen fan 1948. Nei de opstân yn Hongarije yn 1956 emigrearre Németh fia Grut-Brittanje nei Spanje, dêr't er de namme James oannaam, Spaansk steatsboarger waard, en wer as trainer oan it wurk gie.
János Németh ferstoar op 5 maart 1988, yn 'e âldens fan 81 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: