János Garay
| János Garay | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | János Garay | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 23 febrewaris 1889 | |
| berteplak | Bûdapest | |
| stjerdatum | 21 april 1945 | |
| stjerplak | Mauthausen | |
| sportive ynformaasje | ||
| sport | Skermjen | |
| ûnderdiel | Sabel | |
| O.S. | Parys 1924, Amsterdam 1928 | |
| wichtige prestaasjes | ||
János Garay (Bûdapest, 23 febrewaris 1889 - Mauthausen Eastenryk, 21 april 1945) wie in Hongaarsk skermer.
Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924 en 1928). Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen mei it Hongaarske sabelteam. Fjouwer jier earder yn Parys wûn er mei it Hongaarske sabelteam in sulveren medalje en yndividueel wûn er doe in brûnzen medalje.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard hy omreden fan syn Joadske etnisiteit yn 1944 deportearre nei Mauthausen; dêr wie er in promininte finzene en in gizeler fan de Nazi's yn har ûnderhannelingen mei de Sovjets. Hy waard fêsthâlden yn in tige lytse bunker. János Garay ferstoar dêr op 21 april 1945 yn 'e âldens fan 56 jier; syn ferstjerren waard offisjeel beskreaun as gefolch fan hertfalen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|