Izbika

Ut Wikipedy
Izbika
Flagge Wapen
Polityk
Lân Poalen
Woiwodskip Lublin
Powiat Krasnostawsky (distrikt)
Sifers
Ynwennertal 1.933 (2008)
Oerflak km² (ynkl. wetter)</smal>
Befolkingstichtens / km²
Hichte 187 m
Oar
Webside Webstee fan de gemeente
Izbika
Swart-moarmeren senotaaf op it Joadsk begraafplak yn Izbika

Izbika is in plak en gemeente yn it Poalske woiwodskip Lublin, yn it distrikt Krasnostawsky. It doarp leit sa'n 55 km súdeastlik fan de stêd Lublin. De rivier Wieprz rint bewesten it plak.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

oant 1939[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Izkika waard foar it earst neamd yn in oarkunde út 1419. Nei in opstân tsjin Ruslân ferlear it plak syn stedsrjochten en waard it by de gemeente Tarnogóra yndield.

Yn 1921 waarden sa'n 3.000 ynwenners teld. Dat tal ferdûbele nei 1939, it jier dat de Dútske beseting fan Poalen begûn. Fan de totale befolking wie goed 90% joad, dat beskiedend foar it karakter fan de sjetl Izbika.[1]

1939 oant 1945[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it getto wennen de meast Jiddysk pratende bewenners yn houten huzen

Yn 1942, yn de Twadde Wrâldkriich, waard Izbika in pear moanne lang in Dútsk konsintraasjekamp, in trochgongskamp foar joadetransporten fan Łódź nei Bełżec, Sobibór en Treblinka. Ek sa'n 8.000 Dútske joaden út de regio Franken, de stêden Aken, Koblenz, Frankfurt am Main, Wiesbaden, Düsseldorf, Essen, Duisburch, it Rynlân en ek út Wenen waarden yn 1942 nei dit getto deportearre. Boppedat kamen 2.600 Tsjechyske joaden út Theresienstadt en sa'n 2.000 Slowaakske Joaden nei Izbika.[2]

Fan de deportrearren yn it getto, dat mei in houten stek ôffrede wie, hiene mar in pear in baan. De measten krigen gjin fêst wurk. Fjouwerhûndert jongkeardels waarden oan it wurk set yn it tichteby lizzende wurkkamp Augustówka bei der Flussregulierung eingesetzt. Wa't net troch ynkommen, of ruilhannel fan klean en fiedselpaketten dy't út Dútslân meinaam wie – dat wie fan oant 15 maaie 1942 tastien – sels foar iten en drinken soargje koe, wie oanwiisd op de sloppe sop en in bytsje bôle fan de Volksküche.

Dat mienskiplike lot fan de Poalske en Dútske joaden die sines net ta ûnderlinge solidariteit, mar fersterke earder foaroardielen, wantrouwen en oergeunst.[3] It hâlden en dragen fan de Dútske joaden waard faak as diskriminearjend, arrogant en eigenwiis ûndergien; de Dútsktalige joaden yn de joadske rie en de joadske plysje waard fertocht fan it mei foarrang Poalske joaden op de deportaasjelisten foar de ferneatigingskampen te setten. De yn ferliking begoedige Dútske joaden moeten dêr de grutte húshâldings fan de otterdokske joaden, dy't ûnder earmoedige omstannichheden, sûnder kraanwetter, elektrisiteit en toiletten wennen.

Yn de lette hjerst fan 1942 begûn it ûntromjen fan it getto en waarden de measte joaden nei it ferneatigingskamp Majdanek brocht of bedarren yn in wurkkamp. It joadske tsjerkhôf waard skeind; de deportearren waarden twong de grêfstiennen de brûken by de bou fan de finzenis fan Izbika.[4]

Nei it fermoardzjen fan de joaden fan Izbika, wie it plak suver ûntfolke; it ynwennertal fan foar de oarloch waard net wer helle.

1945 oant no[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1975 oant 1998 hearde it doarp by it Woiwodskip Zamość.[5].

Dokumintêres[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Die Verwandlung des guten Nachbarn. (Thomas Blatt besiket Izbika en Sobibor); rezjy: Peter Nestler, 85 minuten, Dútslân 2002.
  • Izbica – Drehkreuz des Todes. (ek oer de grêfstiennen dy't foar de bou brûkt waarden); rezjy: Wolfgang Schoen, Frank Gutermuth, Dútslân 2006.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Thomas Blatt: Nur die Schatten bleiben. Der Aufstand im Vernichtungslager Sobibór. Berlyn 2000, ISBN 978-3-7466-8068-2.
  • Robert Kuwałek: Das kurze Leben 'im Osten'. Yn: Birthe Kundrus, Beate Meyer (Hrsg.): Die Deportation der Juden aus Deutschland. Göttingen 2004, ISBN 3-89244-792-6, s. 112–134.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Waltraud Schwarz: Ein ehemaliger Insasse des Nazi-Vernichtungslagers erzählt in St. Georgen von seinem schweren Schicksal. Der Überlebende von Sobibór. Yn: Südkurier fan 12 juny 2009
  2. Robert Kuwalek: Das kurze Leben 'im Osten'. Yn: Birthe Kundrus, Beate Meyer (Hrsg.): Die Deportation der Juden aus Deutschland. Göttingen 2004, ISBN 3-89244-792-6, s. 120, Anm. 24
  3. hierzu Robert Kuwalek: Das kurze Leben... s. 125f en s. 118f
  4. 3sat Sendung Isbiza 8 febrewaris 2009 21:45 Uhr
  5. Dz.U. 1975 nr 17 poz. 92 (poalsk) (PDF; 802 kB)