Ivoarmiuw
| Ivoarmiuw | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Pagophila eburnea | ||||||||||||
| Phipps | ||||||||||||
| IUCN-status: hast bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel |
De ivoarmiuw (Pagophila eburnea) is in seefûgel út de famylje fan 'e miuwfûgels (Laridae). It is de iennige soarte yn it monotypyske skaai ivoarmiuwen (Pagophila).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ivoarmiuwen wurde 44 oant 48 sm en weage 525 oant 700 gram. In folwoeksen ivoarmiuw is maklik te determinearjen troch syn folslein wite fearrekleed, itjinge him ûnderskiedt fan oare miuwen. De soarte hat in wat lytsere, mear dowe-eftige bou as de miuwen (Larus). De snaffel is blauwich mei in giele punt en de poaten binne swart.
Jonge fûgels hawwe in wat donkerder kop en in fariabel tal swarte plakken op harren fearren. It duorret twa jier foar jongen om harren folwoeksen fearrekleed te ûntwikkeljen.
- Earste jier
- Twadde jier
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ivoarmeeuw briedt oan Arktyske kusten en op kliffen en leit ien oant trije oliifkleurige aaien yn in nêst op 'e grûn, dat beklaaid is mei moas of seewier. Hy briedt yn 'e simmer en leit ein juny of begjin july de aaien. De jongen fleane yn augustus út. De measte koloanjes binne lyts mei mar 5-60 pearkes, selden mear as 100 pearen.
Harren iten bestiet út ynvertebraten en fisk, mar ek út ôfeart en ies. De fûgel folget faak iisbearen en oare rôfdieren om te profitearjen fan 'e oerbliuwsels fan harren proai. Ek yt er iisbeare- en seehûnestront of seehûne-plasinta's.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte briedt om 'e Arktyske Oseaan hinne, yn Grienlân, Noard-Amearika en Euraazje. It binne trekfûgels oer koarte ôfstannen, dy't oerwinterje oan 'e râne fan it pakiis. Jonge fûgels ha oanstriid om fierder te trekken as âldere fûgels. Guon fûgels fleane fierder nei it suden, mar se wurde tige selden yn West-Europa waarnommen. Yn Nederlân is de soarte mar in pear kear waarnommen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte fan 'e populaasje wurdt op 38.000-52.000 folwoeksen fûgels rûsd (2012). Yn Kanada is de soarte yn oantal rap ôfnommen. De Kanadeeske populaasje wie yn 'e iere jierren 2000 likernôch 80% leger as yn 'e jierren 1980. Ien fan 'e oarsaken kin yllegale jacht wêze, mar de wichtichste oarsaak fan 'e wrâldwide delgong fan 'e soarte is de opwaarming fan 'e wrâld. Ivoarmiuwen briede tichteby see-iis en it ferlies fan iis makket it lestich foar har om genôch iten te finen om de jongen te fuorjen. Dêrfandinne wurdt de ivoarmiuw op 'e Reade list fan 'e IUCN as hast bedrige (Near Threatened, 2018) klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

