Ivichheidsformule

Ut Wikipedy

In ivichheidsformule is in earder part fan de rjochtspraak. Yn de freedeed swarde de kwetste partij by it besljochtsjen fan in skeel, dat de fermoedsoening foar ivich jilde soe. Dermei gou soks ek foar de wjerwraak.[1]

Der binne ferskate ivichheidsformules bewarre bleaun. Lykwols klinke dy yn it Aldfrysk al wat oars as yn it hjoedeisk Frysk. In pear foarbylden:

Aldfrysk Hjoeddeisk
Frysk
Alsoe langhe, soe di wynd fan dae vlkenum wayth ende ghers groyt ende baem bloyt ende dyo sonne optijocht ende dyo wrald steed Salang de wyn troch de beamen waait en it gers groeit en de beam bloeit en de sinne ûndergiet en de wrâld bestiet. [2]
Alsoe langhe, soe di wynd fan dae vlkenum wayth ende ghers groyt ende baem bloyt. Salang’t de wyn fan de wolken waait, it gers groeit en de beam bloeit. [3]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tirade. Jaargang 40 (nrs. 362-366)(1996) - Guus Middag, Ratelen op de Hembrug
  2. https://healegeare.wordpress.com/2014/08/18/ivichheidsformule/ Healegeare, De hichtepunten út de Fryske kultuer - Anonym gedicht, wierskynlik foar 1464 skreaun.
  3. https://www.itnijs.frl/2013/11/reinier-salverda-op-e-preekstoel It Nijs, 13 novimber, 2013 - Reinier Salverda op ‘e preekstoel