Iverskikleaster (Valdajskoje-mar)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Iversky Kleaster)
Iversky-kleaster

Валдайский Иверский монастырь

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Novgorod
plak Mar fan Valdaj
koördinaten 57° 59' N 33° 18' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1653
Ynformaasje bou
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 531620631410006
Webside
iveron.ru
Kaart
Iverskikleaster (Jeropeesk Ruslân)
Iverskikleaster

It Iverskikleaster is in Russysk-otterdoks kleaster foar muontsen yn it Russyske Valdajski distrikt yn 'e oblast Novgorod. It kleaster leit op in eilân yn 'e Valdajskoje-mar, op likernôch 10 km fan 'e stêd Valdaj.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oersicht kleasterkompleks.

It kleaster waard op inisjatyf fan patriarch Nikon stifte en is ien fan 'e trije kleasters, dy't troch him stifte waarden. De oare twa kleasters dy't Nikon stifte, wiene Nij-Jeruzalim yn Istra en it kleaster fan it Onega-Krús op it eilân Kij yn 'e Wite See.

De bou fan it kleaster begûn yn 1653 en yn 'e hjerst stiene der al twa houten tsjerken. Om it kleaster waard in houten muorre mei tsien tuorren oanlein. De hjoeddeiske stiennen muorre datearret út de 18e iuw.

It kleaster foarme doe ien fan 'e meast ynfloedrike kleasters fan Ruslân en it wie in wichtich kultureel sintrum. Der waarden boeken printe en it wie ien fan 'e earste plakken yn Ruslân dêr't porsleinen tegels produsearre waarden. De namme fan it kleaster is oflaat fan it Iviron-kleaster op 'e berch Atos, dat model stie foar it Iverski-kleaster.

Mei de bou fan 'e monumintale stiennen katedraal, dy't ynearsten oan 'e Mem-Gods-fan-Iver wijd wie, waard yn 1655 úteinset. Nei in brân yn 1704 moast de katedraal renovearre wurde en by dy gelegenheid waard de katedraal omneamd yn 'e Himelfeartkatedraal. It ynterieur is beskildere mei fresko's út de 19e iuw.

Yn 'e Sovjet-tiid gyngen likernôch 60% fan 'e fresko's ferlern, mar yn 'e jierren 2010 folge in folsleine restauraasje. Ek de âlde 18e-iuwske ikonostaze oerlibbe de Sovjet-tiid net. De tsjintswurdige ikonostaze is in replika, dy't oan 'e hân fan âlde beskriuwings boud waard.

Katedraal fan de Himelfeart fan de Hillige Jongfaam Marije.

Yn 'e 18e iuw naam de betsjutting fan it kleaster stadichoan ôf. Tusken 1712 en 1730 foel it kleaster ûnder it Aleksander Nevskikleaster te Sint-Petersburch. In grut part fan 'e kleasterskat ferdwûn doe nei it Lavra. Healwei de 19e iuw waard besocht de âlde gloarje fan it kleaster nij libben yn te blazen.

Nei de Oktoberrevolúsje waard it kleaster ynearsten omset yn in koöperaasje, dêr't sa'n 70 man wurken. In ynspeksje fan it Folkskommissariaat yn 1927 loek lykwols de konklúzje dat de mienskip noch te bot ferbûn bleau mei de yn it kleaster fereare ikoan fan 'e Mem-Gods-fan-Iveron. Dit wie de reden foar it opheffen fan 'e kleastermienskip. De wûnderdiedige ikoan waard út de katedraal helle en ferdwûn en is nea werom fûn.

Yn 'e kleastergebouwen waarden dêrnei in museum, in wurkplaats, in ferpleechynrjochting foar oarlochsslachtoffers, in skoalle foar bern mei tuberkuloaze ûnderbrocht. Yn 'e jierren 1970 krige it kleastergebiet in rekréative bestimming.

It kleaster krige syn oarspronklike funksje werom yn 1991, doe't it kompleks oan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke oerdroegen waard. Restauraasjes fan 'e gebouwen folgen en in kopy fan de Iveron-ikoan út 1854 waard doe fan 'e Petrus- en Pauluskatedraal yn Valdaj nei it kleaster oerbrocht.

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Katedraal fan de Himelfeart fan de Hillige Faam Marije (1655-1657)
  • Trije Keningen- of Epifanytsjerke (1666-1669)
  • Tsjerke fan de Hillige Jacob Borovitsjky (1702-1708)
  • Aartsingel Michaeltsjerke (1683-1685)
  • De Poartetsjerke fan de Hillige Filip, metropolyt fan Moskou (1873-1874)[1]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Валдайский Иверский монастырь