Iversky-kleaster (Rostov oan de Don)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Iversky-kleaster
Территория Иверского женского монастыря2.JPG
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of the Rostov Oblast.svg Rostov
plak Rostov-na-Donu flag.svg Rostov oan de Don
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1905-1908
webside www.iver-mon.ru

It Iverski-kleaster of Fedorovski-kleaster (Russysk: Иверский монастырь; Федоровский монастырь) is in kleaster foar nonnen ta eare fan it Ibearyske Ikoan fan de Mem Gods yn Rostov oan de Don, Ruslân. It is it iennige kleaster yn it bisdom Rostov.

Stifting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster tusken 1900-1917.
De restaurearre kleastertsjerke fan it Ibearyske Ikoan fan de Mem Gods út 1905-1908.
Dekoraasje fan it tagongsportaal fan de restaurearre tsjerke.
De Trije-ienheidstsjerke yn oanbou.

De skiednis fan it kleaster begûn yn 1903 doe't de Hillige Synoade tastimming joech om in kleaster op te rjochtsjen by Nachitsjevan oan de Don, in eartiids yn 1779 troch Armenen stifte selstannige stêd mar tsjintwurdich in stedsdiel fan Rostov oan de Don. Op it lân dêr't it kleaster komme soe wie in boarne, dy't letter ferneamd waard fanwege de genêzende eigenskippen dy't oan it wetter taskreaun waarden. Beskermhear fan it kleaster waard de keapman Samuel Fedorov út Rostov en it kleaster waard dan ek al gau yn de folksmûle nei de keapman ferneamd.

Fedorov joech yn 1905 oan de arsjitekt Nikolai Sokolova de opdracht om in lytse kleastertsjerke te bouwen, dy't yn 1908 wijd waard oan it Ibearyske Ikoan fan de Mem Gods.

Neffens de verhalen fan âlde bewenners fan Rostov kaam yn de lette simmer fan 1914 in keninklik gefolch werom fan it Kaukasyske kueroardgebiet. It gefolch teach nei it kleaster, dêr't tsaar Nikolaas II en tsarevitsj Aleksej de kleastertsjerke besochten om dêr te bidden by it Ibearyske Ikoan fan de Mem Gods.

Yn de Earste Wrâldkriich namen de likernôch fyftich nonnen yn it kleaster de soarch op fan bern sûnder âlden út it besette Poalen.

Delgong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Oktoberrevolúsje yn 1917 liet de oerste Anastasia it kleaster registrearje as in agraryske koöperaasje. Sa hope de oerste dat it monastike libben yn in tiid dat de kleasters oeral troch de bolsjewiken twongen waarden te sluten ûnder de dekmantel fan de koöperaasje fierder bestean bliuwe koe. Mar yn 1929 waard it kleaster dochs noch sletten en al it besit fan de mienskip waard oerdroegen oan de steat. De nonnen waarden ferjage en abdis Anastasia waard mei inkelde neiste meiwurksters feroardiele ta seis jier ballingskip yn Sibearje. Nei it sluten fan it kleaster waarden de koepels fan de tsjerke en de klokketoer sloopt. De eardere tsjerke waard oan in feriening fan boeren jûn en de kleastergebouwen earst as weeshûs brûkt en diene dêrnei tsjinst as wurkpleatsen en pakhûzen. Troch de wikseljende eigners rekke it kleaster gaueftich yn it neigean. De hôf mei de fruchtbeammen waard kapt en de grûn, dêr't de nonnen ea sa hurd op wurke hiene, rekke oerwoekere. Ek de boarne fertutearze en groeide stadichoan ticht.

De renêssânse[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nettsjinsteande de ferfolgingen oerlibbe de Otterdoksy it ateïstysk rezjym en yn de lette jierren 1980 foel it each fan de otterdokske mienskip op de ferfallen en útlibbe kleastertsjerke. Mei de segen fan de biskop waard der in inisjatyfgroep foarme, dy't de opdracht krige der foar te soargjen dat de weromjefte fan de oerbliuwsels fan de Russysk-otterdokske Tsjerke feilich te stellen. Dit hie lange en pynlike ûnderhannelings mei it stedsbestjoer fan gefolgen, mar it risseltaat wie dat de ûntwijde gebouwen werom jûn waarden oan de Tsjerke.

Sûnt de jierren 1990 wurke de nije kleastermienskip tegearre mei parochianen hurd om it kleaster wer op te bouwen en de boarne en de kleastertunen te rekonstuearjen. Dêrnei folge de weropbou fan de kleastertsjerke. Tsjin it ein fan 1996 wie de tsjerke klear en koe biskop Panteleimon de foltôge boppetsjerke ta eare fan it Ibearysk Ikoan fan de Mem Gods konsekrearje. Fan ôf dat momint fine der wer deistich tsjintsen plak. Yn it jier 2000 waard útein set mei de bou fan in nije Trije-ienheidstsjerke (Троицкая церковь). It eksterieur is yntusken foltôge en der wurdt fieder wurke oan it ynterieur. Yn it kleaster wenje likernôch 35 nonnen (2017).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Side fan it Iversky-kleaster fan Rostov oan de Don