Ivan Vladimirov
| Ivan Vladimirov | ||
| Selsportret, 1910 | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 10 jannewaris 1870 | |
| berteplak | Vilnius | |
| stoarn | 14 desimber 1947 | |
| wurkpaad | ||
| wurksum as | skilder, grafikus | |
| streaming | Sosjaal realisme | |
| bekendste wurk(en) | Skilderijen dy't de Oktoberrevolúsje ferhearliken | |
| prizen | Oarder fan 'e Reade Flagge fan Arbeid | |

Ivan Aleksejevitsj Vladimirov, ek wol John Wladimiroff (Russysk: Ива́н Алексе́евич Влади́миров) (10 jannewaris 1870 [Alde styl, 29 desimber 1869] – 14 desimber 1947) wie in Russyske keunstner: skilder en grafikus. Under de oarloggen fan 1904–1916 waard er bekend as in oarlochskeunstner (batalist). Dêrnei is syn reputaasje kontroversjeel wurden. Yn 'e Sovjet-Uny wied er bekend om skilderijen dy't de Oktoberrevolúsje ferhearliken. Yn it Westen en yn Ruslân nei de ûntbining fan 'e Sovjet-Uny is er lykwols bekend wurden om syn hurde krityske bylden fan 'e neisleep fan 'e Revolúsje.
Ivan Vladimirov waard berne yn Vilnius as soan fan 'e Russyske yntellektueel Aleksei Porfirievitsj Vladimirov, in pryster, en in Britske mem, Catherine Waghorn, in akwarelskilder. Yn net-Russyske dokuminten stavere de famylje harren namme as Wladimiroff en de keunstner stavere syn namme yn it Ingelsk as John Wladimiroff.
Ivan Aleksejevitsj waard beïerdige op it Serafimovskoje-begraafplak yn Sint-Petersburch.
De twa kanten fan de Revolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fuort mei de Earn (it ôfbrekken fan symboalen fan it Russyske Ryk), 1917
- Yn 'e strjitten fan Petrograd, 1918
- Prodrazvyorstka (foardering fan nôt)
- Geastliken oan twangarbeid, 1919
- Fan hûs en hear.
- Gjinien om te beskermjen, 1921
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: en:Ivan Vladimirov. |