Springe nei ynhâld

Italjaanske mosk

Ut Wikipedy
Italjaanske mosk

mantsje

wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemoskfûgels (Passeridae)
skaaimosken (Passer)
soarte
Passer italiae
Vieillot, 1817
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel

De Italjaanske mosk (Passer italiae; synonimen: Passer hispaniolensis italiae, Passer domesticus italiae, Passer domesticus x hispaniolensis) is in fûgel út 'e famylje fan ' e moskfûgels (Passeridae).

De Italjaanske mosk is in middelgrutte mosk fan 14 oant 16 sintimeter lang en is in tuskenfoarm fan 'e Spaanske mosk en de húsmosk. De kop fan it mantsje hat lykas de Spaanske mosk in kastanjekleurige kroan en nekkekanten en wite wangen. De ûnderkant is lykas de húsmosk ljochtgriis en mist de swarte plakken fan 'e Spaanske mosk. It wyfke is tige lestich te ûnderskieden fan 'e oare soarten.

De fûgel wurdt oantroffen yn Itaalje, op Korsika, Sisylje en Kreta. Oer syn taksonomyske status is in soad debattearre. Earder waard de fûgel as in ûndersoarte fan 'e hûsmosk (P. domesticus) en de Spaanske mosk (P. hispaniolensis) behannele of in hybride tusken dy twa. Undersyk út 2011 wiisde út dat de fûgel nei alle gedachten troch hybridisaasje ûntstie, mar dat it reproduktyf isolearre is fan beide soarten. Sûnt dy tiid wurdt de Italjaanske mosk jimmeroan mear beskôge as in selsstannige soarte.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykas de húsmosk libbet de Italjaanske mosk by minsken yn doarpen, stêden en yn lânbougebieten. Yn 'e measte stêden yn Itaalje dielt er syn habitat mei de fjildmosk. Hy yt sied, mar ek ynsekten. De aaien binne identyk oan dy fan 'e húsmosk. In lechsel bestiet út twa oant acht aaien, mei in gemiddelde fan 5,2.

De Italjaanske mosk nimt rap yn oantal ôf om redenen dy't net dúdlik binne. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer kategorisearret de soarte dêrom sûnt 2017 as kwetsber (VU, 2023). De wrâldpopulaasje wurdt op 4,2 oant 6,9 miljoen pearen rûsd.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: